Esther Williams

Esther Jane Williams (8 augustus 1921 - Beverly Hills, 6 juny 2013) wie in Amerikaansk aktrise en profesjoneel swimster.

Esther Williams yn 1950.
Esther Williams 1945
Yn Million Dollar Mermaid (1952)

BiografyBewurkje

Williams begûn mei swimmen yn har jeugd en ûntjoech har ta in kampioen fan de Nasjonale AAU. Yn de jierren 40 waard Williams ek in aktrise. Har âldere broer Stanton Williams wie in akteur yn de jierren 20, mar stoar al mei 16 jier.

Doe't Williams in bekende aktrise waard, die sy ek stunts, anneks oan it swimmen. Hja rekke mear as ien kear ferwûnne en bruts har nekke by it filmjen fan Million Dollar Mermaid. Fierders rekken har trommefluezen skansearre.

Nei't sy Metro-Goldwyn-Mayer ferliet yn 1956, rekke har karriêre yn de nederklits. Hja stoppe mei aktearjen yn de jierren 60. Neitiid kaam sy mei in eigen badmoade line en wie har namme noch ferbûn mei in bedriuw fan swimbaden.

Williams troude fjouwer kear. Mei har lêste man is se sûnt 1994 troud.

FilmografyBewurkje

Keppelings om utensBewurkje

  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Esther Williams fan Wikimedia Commons.