Wetterscooterracen

Wetterscooterracen, of ek wol jetskyracen, is in sport dy't kwalifisearre wurde kin as in wettersport en as in stjoersport. It omfiemet it racen op wetterscooters (better bekend as jetskys) op bûtenwetter.

wetterscooterracen
sport
algemiene gegevens
type wettersport, stjoersport
teamsport nee
mingde sport nee
lokaasje bûtenwetter
ûntstean ein 20e iuw
dissiplines
● sirkwywetterscooterracen
● offshore-wetterscooterracen
● endurance-wetterscooterracen
● freestyle-wetterscooterracen
● freeride-wetterscooterracen
regulearring
ynternasj. sportbûn UIM
Olympyske status nee
besibbe sporten
motorsport
sniescooterracen
Tema:Sport

Regulearring

bewurkje seksje

Wetterscooterracen wurdt ynternasjonaal regulearre troch de Union Internationale Motonautique (UIM), in yn Monako fêstige organisaasje dy't erkenning genietet fan it Ynternasjonaal Olympysk Komitee (IOC).

De earste wetterscooters kamen healwei de 1950-er jierren op 'e merk. (Dy apparaten binne better bekend as 'jetskys', mar dat is eins in merknamme, te witten fan 'e Kawasaki Jet Ski.) Om 1970 hinne berikte de wetterscooter syn hjoeddeistige foarm. Geandewei de 1970-er en 1980-er jierren ûntjoech der him om sokke fartugen hinne in selsstannige sport. It wrâldkampioenskip wetterscooterracen, it Aquabike World Championship, waard yn 1996 oprjochte. Dielname dêroan is inkeld mooglik as der yn jins lân in nasjonaal sportbûn bestiet dat lid is fan 'e UIM. It Aquabike World Championship 2018 yn Itaalje diene 140 wetterscooterders út 32 ûnderskate lannen en territoaria oan mei.

Wetterscooterracen omfettet ferskate dissiplines:

  • sirkwywetterscooterracen is racen op in sletten sirkwy, wat net spesjaal op see dien hoecht te wurden, mar ek op bgl. in mar plakfine kin;
  • offshore-wetterscooterracen is racen op see, wêrby't de weachslach in wichtige komplisearjende faktor is;
  • endurance-wetterscooterracen is racen oer in langere ôfstân, wêrby't úthâldingsfermogen it wichtichst is;
  • freestyle-wetterscooterracen is it dwaan fan akrobatyske keunstkes op in wetterscooter;
  • freeride-wetterscooterracen is itselde as freestyle-wetterscooterracen, mar dan yn wedstriden fan ien tsjin ien, wêrby't de dielnimmers tagelyk de bêste akrobatyske maneuvers úthelje moatte ûnder presiis deselde omstannichheden, binnen in fêststelde tiid.

Foar de measte dissiplines binne der teminsten twa kategoryen: sealwetterscooters (mei in seal dêr't de racer op sitte kin) en stand-upwetterscooters, wêrby't sa'n seal ûnbrekt en de racer dus oanhâldend stean moat. (By dy lêste fariant komt it benammen op 'e knibbels oan, dy't wat krom holden wurde moatte om 'e skokken op te fangen dy't de scooter makket as er oer it wetter giet.) De útsûndering is freestyle-wetterscooterracen, wêrby't gjin sealwetterscooterkategory foarkomt.

Foar sirkwy-, offshore- en endurance-wetterscooterracen besteane fierders noch kategoryen oangeande de mjitte wêryn't de wetterscooters oanpast binne. Lytse of gjin modifikaasjes falle yn 'e stock-kategory, midsmjittige modifikaasjes binne gearbrocht yn 'e limited-kategory, en mear wiidweidige oanpassings oan 'e scooter falle yn 'e F1-kategory.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.