Babe: Pig in the City

film út 1998 fan George Miller

Babe: Pig in the City is in Australysk-Amerikaanske fantasykomeedzjedramafilm, aventoerefilm en bernefilm út 1998 ûnder rezjy fan George Miller, mei yn 'e haadrollen E.G. Daily en Magda Szubanski. De titel betsjut "Babe: Baarch yn 'e Stêd". De film is in ferfolch op it tige súksesfolle Babe út 1995. It ferhaal folget de baarch Babe en boerinne Esmé Hoggett as se nei de Feriene Steaten ta reizgje en inoar yn New York troch in opienfolging fan domme pech en tsjinwurking troch trêden kwytreitsje. Babe: Pig in the City krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy en flopte yn 'e bioskopen. Wol waard de film nominearre foar de Oscar foar bêste orizjinele liet.

Babe: Pig in the City
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur George Miller
produsint Doug Mitchell
George Miller
Bill Miller
senario George Miller
Judy Morris
Mark Lamprell
kamerarezjy Andrew Lesnie
muzyk Nigel Westlake
filmstudio Kennedy Miller Productions
Universal Pictures
distribúsje Universal Pictures
spilers
haadrollen E.G. Daily (stim)
Magda Szubanski
voice-over Roscoe Lee Browne
byrollen Mary Stein
Glenne Headly (stim)
Steven Wright (stim)
James Cosmo (stim)
Stanley Ralph Ross (stim)
skaaimerken
lân/lannen Austraalje
Feriene Steaten
premiêre 25 novimber 1998
foarm langspylfilm
sjenre fantasykomeedzjedrama
taal Ingelsk
spyltiid 96 minuten
budget en resultaten
budget $90 miljoen
opbringst $69,1 miljoen
filmsearje
filmsearje Babe
● foarich diel Babe

In tal moannen nei't it bichje Babe mei syn baas, boer Hoggett, syn earste skieppedriuwerswedstryd wûn hat (sjoch: Babe), is er in fierde baarch. Hy en Hogget binne trochgien nei de nasjonale kampioenskippen en hawwe de trofeebeker mei nei hûs nommen. Fanmail út hiel it lân en ek fan om utens fynt syn wei nei de pleats fan 'e Hoggetts. It needlot slacht ta as boer Hoggett troch de nijsgjirrigens fan Babe by in bizar ûngelok beide skonken en in earm brekt, in swiere harsenskodding oprint en syn nekke en fingers skansearret.

Dêrtroch moat syn frou Esmé foar langere tiid it buorkjen oernimme, wylst se ek de húshâlding berêde moat en de fersoarging fan har man ek noch op har delkomt. Dat wurdt it minske wat tefolle, dat net al it wurk wurdt dien en al rillegau komme de Hoggetts yn 'e finansjele swierrichheden mei't de bank driget om beslach te lizzen op 'e pleats. Foàr de ein fan 'e moanne moat der genôch jild komme om 'e hypoteek ôf te beteljen. Frou Hoggett wurdt dêrtroch twongen om yn te gean op in útnûging fan in jiermerk earne yn 'e Feriene Steaten, wêrfan't de organisaasje grou jild biedt foar in demonstraasje skieppedriuwen fan Babe. De soarch foar har man wurdt oerdroegen oan in pear buorfroulju, en frou Hoggett set mei Babe ôf nei Amearika.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Nei in reis yn it fleantúch komme se oan op 'e lofthaven yn New York, dêr't se oerstappe moatte op in oare flecht. Babe rekket yn 'e bagaazjeromten oan 'e praat mei Snoop, in beagle dy't as drugshûn foar de dûane tsjinnet. Om Babe út te lizzen wat syn wurk ynhâldt, jout Snoop by de koai fan Babe in falsk sinjaal ôf. Babe en frou Hoggett wurde dêrop oanholden en ûnderwurpen oan alderhanne ûnoangename ûndersiken. Uteinlings docht bliken dat se gjin drugs by har hawwe, mar tsjin dy tiid hawwe se de oanslutende flecht mist en kinne se de jiermerk, dêr't se hinne ûnderweis binne, net mear op 'e tiid berikke. Dat is in rare ôfdijer foar frou Hoggett, want net allinnich rint se no it jild foar it optreden fan Babe mis, mar ek hat se jild weismiten oan in reis nei Amearika en werom. Ta oermjitte fan ramp is der pas mei in pear dagen romte foar har op in flecht nei hûs, dat se moat ek noch jild útjaan foar iten en ûnderdak.

De sitewaasje foar frou Hoggett wurdt noch ferfeldender as bliken docht dat der gjin hotel te finen is dêr't se mei in baarch telâne kin. Har rie te'nein nimt se lang om let it advys fan in skjinmakker op 'e lofthaven oan en bejout se har nei it suterige loazjemint fan 'e eksintrike frou Floom, deunby de lofthaven. Dêre blykt it op te tillen fan 'e bisten, wêrûnder in trio hûnen en in hiel koar katten. Wannear't frou Hoggett fuort is om nei hûs te skiljen, kringt in kapusynaapke de hotelkeamer binnen en stelt har koffer. Babe set der efteroan en folget de lytse dief nei in keamer dy't bewenne wurdt troch trije sjimpansees, Zootie, Bob en Easy, en in orang-oetan dy't Thelonius hjit. Babe is dêr net in botte wolkom, mar wegeret fuort te gean sûnder de koffer. As de âlde clown Fugly Floom, de omke fan 'e hotelútbaatster, thúskomt, hâldt er Babe lykwols finzen en beart er letter foar de yn panyk nei har baarch sykjende frou Hoggett dat er gjin baarch sjoen hat.

De apen meitsje Babe wiis dat er ryklik betelle wurde sil as er meiwurket oan 'e foarstelling fan Floom yn in bernesikehûs, dat Babe docht wat him sein wurdt. De tafoeging fan in barchje oan 'e act einiget lykwols yn triennen: Floom stroffelet oer Babe en set dêrmei in domino-effekt fan gefolgen yn wurking sadat úteinlings syn hiele dekôr troch brân ferwoastge wurdt. Underwilens hat frou Hoggett it hotel ferlitten yn 'e oertsjûging dat Babe op eigen manneboet de stêd yntein is. De leden fan in motorbinde fiele harren oansprutsen troch har útrop "Baarch, baarch, baarch!", wat ta opskuor liedt wêrfan't ferskate omstanners en in pear plysjes de dupe wurde. Fan gefolgen wurdt frou Hoggett mei de motorriders arrestearre en ôffierd nei it plysjeburo, dêr't se in pear nachten yn 'e sel trochbringt.

De oare moarns wurdt de âld clown Fugly mei hertfalen nei it sikehûs brocht, en frou Floom giet mei om't se syn iennichste famyljelid is. De bisten yn it hotel wurde sadwaande oan harren eigen lot oerlitten. As se honger krije, geane de sjimpansees derop út om iten te stellen. Se nimme de goederleauske Babe op sleeptou, dy't se diskear wiismeitsje dat der efter in skud by in snobbersguodwinkel in keppel skiep rint dy't ferlet hawwe fan in 'hardersbaarch'. It docht lykwols bliken dat der twa falske hiemhûnen efter it skud sitte: in bullterriër en in dobermann. Babe naait út mei de hûnen efter him oan,, dy't harren tsjoar út 'e grûn skuorre. Dat stelt de sjimpansees by steat om op har gemak by de winkel yn te brekken. Babe wit úteinlik de dobermann ôf te skodzjen, mar de bullterriër jout net op. As se oer it brechje foar it hotel komme, kneppelet Babe tusken de spilen fan 'e reling troch en falt yn 'e grêft. De bullterriër springt him efternei, mar it keatling dat er noch altyd efter him oan sleept, bliuwt stykjen, en hy komt mei de kop yn it wetter te hingjen.

Babe hat himsels swimmende yn feilichheid brocht, mar as er sjocht dat de bullterriër driget te ferdrinken, springt er wer yn it wetter en bringt in roeiboat nei de brêge ta, dy't er ûnder de hûn triuwt. Dêrmei rêdt er him it libben. Neitiid komt in hiele kliber strjithûnen en strjitkatten, dy't tsjûge wie fan 'e efterfolging en de ôfrin dêrfan, by Babe mei de fraach oft er harren ek helpe kin. Babe stelt foar om it snobbersguod dat troch de sjimpansees stellen is, lykom te partsjen mei alle bisten. Bob de sjimpansee fielt dêr neat foar, mar de tankbere bullterriër beneamt himsels ta Babe syn liifwacht. Hy stelt foar dat alle oare bisten Babe as de baas erkenne en dat se dogge wat de baas seit. Dêrnei lit er syn tosken sjen en freget oft immen dêr beswier tsjin hat. Der is gjin beswier. It snobbersguod wurdt ferparte, mar it is lang net genôch om 'e honger fan alle bisten te stiljen.

De nuete ein Ferdinand, dy't Babe en frou Hoggett hielendal fan 'e pleats nei New York ta folge is om't er mient dat er sûnder syn "geloksbarchje" gau dea wêze sil, jout him by de kloft bisten yn it hotel. Zootie, de wyfkessjimpansee, befalt fan in twilling, de jongen fan har en Bob. De feestlikheden nei oanlieding fan dat bliid barren wurde rou fersteurd as in kliber ûngediertebestriders it hotel binnenfalt, dêr't se op ôfstjoerd binne troch de aaklike, bistehaatsjende oerbuorfrou Hortense. De measte bisten wurde fongen en ôffierd, wêrûnder Thelonius en de sjimpansees. Inkeld Babe, Ferdinand, it kapusynaapke Tug en de ynfalide Jack Russellterriër Flealick ûntkomme oan dat lot. Fjouweresom sette se efter de ûngediertebestriders oan, wêrby't Babe syn noas brûkt sa't Snoop de dûanehûn him dat earder útlein hat. It docht bliken dat bargen like goed as hûnen in rookspoar folgje kinne.

Nei't de oanklachten tsjin har nei de foddekoer ferwiisd binne troch in rjochter dy't boeresoan is en fan bargen hâldt, komt frou Hoggett frij. By har weromkear yn it hotel treft se dêr lykwols in ravaazje oan. De iennichste oanwêzige is frou Floom, dy't koarte tiid earder, nei it ferstjerren fan har omke, út it sikehûs weromkommen is. Tegearre sette se nei buorfrou Hortense ta om ferhaal te heljen en komme sa efter it adres fan 'e ûngediertebestriding. Underwilens ynfiltrearje Babe-en-dy it gebou fan 'e ûngediertebestriding, dêr't se alle fongen bisten befrije en fia it dak nei it oanbuorjende gebou ûntkomme. Dat blykt in elitêr restaurant te wêzen, dêr't krekt in galadiner oan 'e gong is. De fijannige hâlding fan 'e sjef-kok en it betsjinjend personiel liedt ta gaos as de neisitten bisten besykje te út te piken. De oankomst fan frou Hoggett en frou Floom makket it noch minder, mar úteinlik witte sy beiden mei alle bisten fuort te kommen.

Neitiid ferkeapet frou Floom har hotel; der komt yn it gebou ynstee in lûdroftige nachtklub, dêr't oerbuorfrou Hortense noch jierren lêst fan hawwe sil. Mei de opbringst fan 'e ferkeap wurdt de pleats fan 'e Hoggetts rêden fan oername troch de bank. Frou Floom en alle bisten keare mei frou Hoggett werom nei de pleats, dêr't se yn alle rêst en kalmte de rest fan harren libben útlibje kinne. Boer Hoggett knapt wer hielendal op en giet wer oan it wurk, mei Babe as syn trouwe 'hardersbaarch'.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
E.G. Daily.
 
Magda Szubanski.
haadrollen
personaazje                     akteur/aktrise
Babe, in baarch E.G. Daily (stim)
Esmé Cordelia Hoggett Magda Szubanski


byrollen
personaazje akteur/aktrise
frou Floom Mary Stein
Zootie, in sjimpansee Glenne Headly (stim)
Bob, in sjimpansee Steven Wright (stim)
Thelonius, in orang-oetan James Cosmo (stim)
de bullterriër Stanley Ralph Ross (stim)
ferteller Roscoe Lee Browne
Ferdinand, in nuete ein Danny Mann (stim)
Arthur Hoggett James Cromwell
Fugly Floom Mickey Rooney
Easy, in sjimpansee Nathan Kress (stim)
Myles Jeffrey (stim)
Tug, in kapusynaapke Danny Mann (stim)
rôze poedel Russi Taylor (stim)
Flealick, in ynfalide Jack Russellterriër Adam Goldberg (stim)
Nigel, in bulldog Eddie Barth (stim)
Snoop, in beagle Bill Capizzi (stim)
Alan, in Napolitaanske mastyf Eddie Barth (stim)
buorfrou Hortense Julie Godfrey
kok by galadiner Paul Livingston
Fly, in bordercollie Miriam Margolyes (stim)
Rex, in bordercollie Hugo Weaving (stim)
rjochter dy't fan bargen hâldt Kim Story
siik jonkje yn sikehûs John Upton
in pilekaan Jim Cummings (stim)
kammeraatske fan Esmé Hoggett #1 Janet Foye
kammeraatske fan Esmé Hoggett #2 Pamela Hawkins

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Babe: Pig in the City waard makke as ferfolch op it tige súksesfolle Babe, út 1995. Babe: Pig in the City waard regissearre troch George Miller, de produsint fan Babe, dy't yn 'e tuskenlizzende perioade heechoprinnend spul krigen hie mei Chris Noonan, de regisseur fan Babe. (Nei't it skynt waard Noonan net iens útnûge foar de Australyske nasjonale premiêre fan Babe: Pig in the City.) Miller wurke nei in senario fan himsels, Judy Morris en Mark Lamprell.

As produsinten wiene Miller, Doug Mitchell en Bill Miller by it projekt belutsen foar de filmstudio's Kennedy Miller Productions en Universal Pictures. Dêrmei wie Babe: Pig in the City in Australysk-Amerikaanske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $90 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Andrew Lesnie, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Nigel Westlake. De opnamen foar Babe: Pig in the City fûnen plak yn it foarjier fan 1998.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Babe: Pig in the City waard fersoarge troch Universal Pictures. De film gie op 25 novimber 1998, yn it wykein fan Thanksgiving, yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Yn Austraalje iepene de film op 10 desimber fan dat jier. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 24 novimber 1998 by platemaatskippij Geffen Records. Babe: Pig in the City kaam op 4 maaie 1999 út op VHS-keapfideo en dvd, en op 7 maaie 2013 foar it earst op blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige Babe: Pig in the City mingde resinsjes. Yn The New York Times skreau Janet Maslin dat as dizze film as earste makke wie, der nea in ferfolch fan yn produksje nommen wie. Se konkludearre dat it in ferfolchfilm wie "dy't inkeld behurde Babe-fans folgje wolle". Dêrfoaroer neamde Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune it as syn kar foar de bêste film fan 1998 (en liet dêrby films as Saving Private Ryan en Shakespeare in Love links lizze). Syn kollega Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times wie it mei him iens: hy fûn Babe: Pig in the City "magysker as Babe" en parte de film 4 fan 4 stjerren ta.

Yn 'e Tampa Bay Times omskreau Steve Persall Babe: Pig in the City lykwols as "in skamteleas, hurdhertich besykjen om in ferrassingshit [Babe] út te melken". Duane Byrge fan The Hollywood Reporter fûn de film "oansprekkend as útstalling fan húsdieren", mar hy neamde de plot "nonsjalant" en omskreau de produksjewearden fan 'e film as "smoarch". Hy konkludearre dat Babe: Pig in the City "in frijwat benaujend oankommende" film wie. Yn 'e San Francisco Chronicle neamde Peter Stack de film "in gaoatyske rige flauwe tafrielen, dy't net befredigje as plot en dy't bistemishanneling ôfskilderje yn 'e namme fan slapstickkomeedzje".

Keith Phipps fan The A.V. Club skreau dat Babe: Pig in the City "miskien wurke hie as de film in ferhaalline fine kinnen hie dy't it fertellen wurdich wie, mar [ynstee] hipt er fan it iene deprimearjende foarfal nei it oare, en liket dêrmei wol op 'e nachtmerje fan in skattich, mar emosjoneel gâns traumatisearre barchje". Dêr heakke er oan ta: "Eltsenien dy't mei positive gefoelens weromtinkt oan Babe moat sjen dat er dizze willeleaze, ûntmoedigjende ferfolchfilm mijt."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Babe: Pig in the City in goedkarringspersintaazje fan 65%, basearre op 66 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, kwalifisearret de film as "net alhiel likegoed as it orizjineel en omfettet wat dûnker ûnderwerpmateriaal dat faaks net gaadlik is foar bern." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Babe: Pig in the City in goedkarringspersintaazje fan 68%, basearre op 25 resinsjes.

Babe: Pig in the City brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $18,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $50,8 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $69,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $90 miljoen betsjut dat in ferlies fan $20,9 miljoen, dêr de marketingkosten noch by komme.

It liet That'll Do út 'e soundtrack fan Babe: Pig in the City, songen troch Peter Gabriel en skreaun troch Randy Newman, waard yn 1999 nominearre foar de Oscar foar bêste orizjinele liet.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.