Harsenskodding
In harsenskodding is in fersteuring fan it wurkjen fan it brein troch in fysike skok, sûnder dat oan de bûtenkant skea te sjen is.
Symptomen
bewurkje seksje- Foar in skoftke bewusteleas, ornaris daliks nei de skok, fan in pear sekonden oant in minút as tsien.
- Mislikens en spuien, almeast koart nei de skok.
- Faak foar likernôch in dei ûnthâldsferlies oer de tiid krekt foar de skok (retrograde amnesy).
Gefolgen
bewurkje seksjeOrnaris binne de gefolgen fan in harsenskodding mei ien as twa wiken oer, mar in swiere harsenskodding, in harsenkniezing (contusio cerebri) kinne de gefolgen fan moannen oanhâlde en yn inkelde gefallen bliuwt breinskea foarfêst.