Lichaamlike beheining

(Trochferwiisd fan Ynfalide)
    Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!

In lichaamlike beheining is in beheining oan 'e lea.

Der is in grut ferskaat oan oarsaken fan in lichaamlike beheining:

Funksjonearjen

bewurkje seksje

Ofhinklik fan de aard fan de beheining kin gebrûk makke wurde fan helpmiddels om it funksjonearjen fan de persoan mei in lichaamlike beheining te ferbetterjen:

  • Protezen foar persoanen mei amputaasjes, mar by protezen moat ek tocht wurde oan keunstheupen en -knibbels by persoanen mei reuma.
  • Krukken, Rollator, Rolstoel, Skootmobyl, foar persoanen mei ferlammings ta gefolch fan in iepen rêch en in dwerslesy, as problemen mei it lykwicht by beheiningen as gefolch fan in harsensblieding

Troch dy helpmiddels hawwe in grut part fan de persoanen mei in lichaamlike beheining gjin as mar in bytsje beheinings yn it funksjonearjen yn it deistich libben. Yn hoefier as de helpmiddels de beheinings opheffe hinget fan de beheining ôf en oft it helpmiddel by de persoan past. Der bliuwt altyd in groep dy't sa slim beheind is dat it amper mei helpmiddels te ferhelpen is.