Rollator
In rollator is in helpmiddel by it rinnen foar âlderein en minsken dy't troch in lichaamlike beheining min op 'e gong binne.
De rollator is begjin jierren tachtich útfûn yn Sweden. De namme is (nei alle gedachten) in hip neologisme; -ator is in typysk Latynske útgong, mar rollare is gjin besteand Latynsk tiidwurd.
In rollator is meastentiids makke fan in lichtgewicht stielen buizefreem mei fjouwer (soms trije) tsjiltsjes mei rubberen bantsjes. Der binne twa hângrepen mei remmen dy 't fêstsetten wurde kinne.
In rollator hat meastentiids in boadskipkuorke en in sitting dêr't de brûker op sitte kin of dêr't in blêd om lytse dingen mei te nimmen op fêstmakke wurde kin. Dat binne foardielen dy't kuierstokken en krukken net hawwe.
Rollators binne optearber. De earste eksimplaren hienen it neidiel somtiden spontaanwei yn te klappen. Foar it yn- en úttearen fan in rollator binne twa earms nedich.
Oanskaf
bewurkje seksjeIn rollator kin fia de hûsarts oanfrege wurde mar ek selsstannich op eigen kosten oanskaft wurde. Om in goede bloedsirkulaasje te befoarderjen moat de hichte goed ôfsteld wurde.
-
Keunststof rollator (ANWB)
-
rollator
-
as reserve ...
-
rollator út 1990
-
hânremme
-
trijetsjil rollator
-
houten rollator
-
efkes sitte