Fanmail (fan it Ingelske fan mail, "post fan fans") is post dy't in bekend persoan tastjoerd wurdt troch syn of har bewûnderers (fans). As reäksje stjoere sokke bekendheden soms in foto of poster fan harsels dy't se fan in hantekening foarsjoen hawwe, mei dêrby faak in koart brief wêryn't se har tank útsprekke foar de ynspiraasje dy't de oanmoediging troch har fans harren biedt.

Fanmail kin de foarm hawwe fan brieven, briefkaarten, ansichtkaarten, sels yninoar nifele keunstwurken, kado's ensfh. Ofhinklik fan 'e wa't de adressearre is, kin soks soms ek fia e-mail stjoerd wurde. Under de bekendheden dy't har yn 'e ûntfangst fan fanmail ferhûgje meie, binne akteurs, sjongers, muzikanten, sporters, sporttreners, keunstners, skriuwers en sels politisy.

Mei't in protte fan sokke lju fanmail mei bakken tagelyk krije, komt it faak foar dat net alle brieven ensfh. lêzen of sels mar iepene wurde. Guon ferneamde persoanen hawwe in spesjale stêf om alle fanmail te lêzen en te beäntwurdzjen, wêrby't inkeld útsûnderlike poststikken ûnder de oandacht fan 'e bekendheid sels brocht wurde. By lju dy't net sa'n stêf yn 'e tsjinst hawwe, kinne reäksjes lang op har wachtsje litte of hielendal nea komme.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.