Napels (Italjaansk: Napoli; Napolitaansk: Napule) is de tredde stêd fan Itaalje en de grutste fan Mezzogiorno (Súd-Itaalje). Napels is ek haadstêd fan de Kampaanje (Campania) en fan de provinsje Napels. Yn en om de stêd hinne wenje sa'n 3 miljoen minsken.

Napels
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Itaalje Itaalje
Regio Kampaanje
Provinsje Napels
Sifers
Ynwennertal 908.765 (30.06.2024)
Oerflak 117,27 km²
Hichte 17 m boppe seenivo
Oar
Postkoade 80100, 80121-80147
Koördinaten 40° 50' N 14° 14' E
Offisjele webside
www.comune.napoli.it
Kaart
Napels (Itaalje)
Napels
Dizze side giet oer de stêd yn Itaalje. Foar oare betsjuttings, sjoch: Napels (betsjuttingsside).

Napels beskikt oer in rike skiednis, keunst en kultuer, in wrâldferneamde keuken en in eigen dialekt, it Napolitaansk.

Napels leit oan see, oan de Golf fan Napels. Fan de stêd ôf kin men oer it wetter de fulkaan de Fesuvius lizzen sjen, dêr't oan de foet de ruïnes fan Pompei en Herkulaneum lizze.

Ferneamde keuken

bewurkje seksje

Op it mêd fan iten en drinken nimt Napels in foaroansteande posysje yn. In protte typyske Italjaanske gerjochten komme út dizze stêd, lykas pizza, Italjaansk iis, espresso en spagetty.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Naples fan Wikimedia Commons.