Ewoks

(Trochferwiisd fan Ewok)
Dizze side giet oer it fiktive ras fan bûtenierdske wêzens. Foar oare betsjuttings, sjoch: Ewoks (betsjuttingsside).

Ewoks (inkeltal: Ewok; útspr.: [ˈiːwok]; likernôch: "ii-ûok") binne in fiktyf ras fan bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise. Se waarden yntrodusearre yn 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983), en waarden sa populêr, dat der neitiid twa tillefyzjefilms en in tekenfilmsearje oer harren makke waarden.

In Ewok.

Ewoks binne lyts fan stal, mei in lingte fan likernôch 1.00 m, geane op twa fuotten en hawwe in tsjûke pels fan koart, slûk hier oer harren hiele lichem. It gesicht fan in Ewok docht wol wat oan 'e snút fan in bear tinken, as dy flink ôfplatte wurde soe. Oer it gehiel nommen lykje Ewoks sterk op mânske teddybearen. Fanwegen har tichte pels drage se net folle klean. Se binne ien fan 'e lânseigen yntelliginte rassen fan bûtenierdske wêzens op 'e boskmoanne Endor, yn 'e mande mei de Dulok en de Yuzzum. Harren beskaving is primityf en hja libje as jager-sammelders.

Yn Star Wars

bewurkje seksje

De Ewoks waarden yntrodusearre yn Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi (1983), it ôfslutende diel fan 'e oarspronklike Star Wars-filmtrilogy. Dêryn beslút it Rebelleferbûn de noch ûnfoltôge twadde Deadsstjer fan it Galaktysk Keizerryk te ferneatigjen ear't dat romtestasjon en massaferneatigingswapen yn gebrûk nommen wurde kin. Mei't de Deadsstjer beskerme wurdt troch in enerzjyskyld dat opwekke wurdt yn in generatorfasiliteit op Endor, wurdt dêr in kommando-ienheid hinne stjoerd û.l.f. prinsesse Leia en Han Solo. Leia, dy't by de oaren wei rekket, moetet al rillegau de Ewok Wicket, mei wa't se freonskip slút.

De oare leden fan 'e ienheid wurde troch oare Ewoks finzen nommen, en de karnivoare Ewoks binne fan doel harren op te iten. Luke Skywalker wit harren der lykwols fan te oertsjûgjen dat de androïde C-3PO, mei syn fergulde beplating, in god is dy't se hearrich wêze moatte. Nei't se de rebellen frijlitten hawwe, ferhellet C-3PO (dy't seis miljoen foarmen fan kommunikaasje behearsket) foar de Ewoks oer de striid fan 'e rebellen tsjin 'e boasaardige keizer Palpatine. De oare deis, as de rebellen in wraam op 'e generatorfasiliteit dogge, blykt it in fâle te wêzen en wurde se jitris finzen nommen, diskear troch Keizerlike stoarmtroepers. De dappere lytse Ewoks komme harren lykwols ûnferwachts te help en mei-inoar ferslane se de stoarmtroepers.

George Lucas, de betinker fan Star Wars, wie oarspronklik fan doel om it hjirboppe beskreaune diel fan Return of the Jedi plakfine te litten op Kashyyyk, de thúsplaneet fan 'e Wookiees, mar seach dêr úteinlik fan ôf om't er dy te technysk ûntwikkele fûn. Ynstee houde er de reuseftige hierrige Wookiees midstwa om pluzige lytse wêzentsjes te krijen dy't er yn 't earstoan stal joech neffens syn hûntsje, in Brabannerke (ek bekend as griffon bruxellois). It úteinlike uterlik fan 'e Ewoks waard ûntwurpen troch fisazjist Stuart Freeborn. De namme 'Ewoks' is de wurdlidden fan 'Wookiee' omdraaid, wat rymt op 'Miwok, in Yndiaansk folk út 'e omkriten fan it Steatspark Grizzly Creek Redwoods yn Noardlik Kalifornje, dêr't de sênes op Endor filme waarden.

De taal fan 'e Ewoks is it Ewokeesk, dat ûntwurpen waard troch lûdstechnikus Ben Burtt. Dyselde basearre de fiktive taal op it Kalmuksk, de Mongoalske taal fan 'e Kalmukken, in etnyske groep út 'e Koeban fan súdlik Ruslân. Hy hearde dy taal sprutsen wurden yn in dokumintêre, en waard rekke troch hoe frjemd it klonk foar Westerske earen. Nei wat sykjen fûn er in 80-jierrige Kalmukske flechtlinge yn 'e Feriene Steaten, dy't er betelle om folksferhalen yn har memmetaal te fertellen. Dat naam er op en neitiid brûkte er de lûdsopnamen as basis foar it systeem fan klanken dat it Ewokeesk waard.

It wurd 'Ewok' wurdt eins nearne yn Return of the Jedi neamd, noch wurde yndividuele Ewoks by namme neamd. Inkeld op 'e ôftiteling wurde Wicket, Paploo, Teebo, Logray en doarpshaad Chirpa neamd, wylst ûnder de oantsjutting 'Ewoks' alle oare akteurs en figuranten opsomme wurde dy't de wêzens spilen. De Ewoks, lytse pluzige teddybearen dat se wiene, waarden nei de premiêre fan Return of the Jedi sa populêr, dat der twa tillefyzjefilms oer harren makke waarden, Caravan of Courage: An Ewok Adventure (1984) en Ewoks: The Battle for Endor (1985), en teffens in tekenfilmsearje, Ewoks, dy't rûn fan 1985 oant 1986.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki • Cereänen • Chagrianen • Dugs • Ewoks • Geonosianen • Gorax • Gunganen • Hutts • Iktotchi • Jawa's • Kaleesh • Kaminoänen • Kel Dor • Lanniks • Mandalorianen • Mirialanen • Mon Calamari • Nautolanen • Neimoïden • Palliduvanen • Pau'anen • Quermianen • Thisspiasanen • Tholothianen • Togruta • Toydarianen • Tusken-kapers • Twi'leks • Ugnaughts • Utai • Wisties • Wookiees • Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha • fathier • orbak • porg • rancor • sarlacc • tauntaun • vulptex • wampa