Din Djarin

(Trochferwiisd fan De Mandaloriaan)

Din Djarin, lange tiid inkeld bekend ûnder syn bynamme "de Mandaloriaan", is in fiktyf personaazje út 'e Star Wars-franchise. Hy waard yn 2019 yntrodusearre yn 'e live-actiontillefyzjesearje The Mandalorian. De geastlike heit fan it personaazje wie tillefyzjeprodusint Jon Favreau. Din Djarin is in Mandaloriaanske preemjejager, hierling en piloat, dy't ynhierd wurdt om it Krêftgefoelige bern Grogu te finen en oer te leverjen oan syn opdrachtjouwer. Ynstee naait er mei it bern út om it te beskermjen. It personaazje waard foar in oansjenlik part ynspirearre troch Clint Eastwood syn fertolking fan 'e rol fan 'e Man sûnder Namme yn 'e films fan 'e Dollars Trilogy fan Sergio Leone. De samoeraifilms fan Akira Kurosawa (dy't ek fan ynfloed wiene op it wurk fan Leone) foarmen in oare ynspiraasjeboarne. De rol fan Din Djarin waard sawol yn The Mandalorian as yn 'e spin-offsearje The Book of Boba Fett spile troch akteur Pedro Pascal.

Din Djarin
personaazje út Star Wars
persoanlike bysûnderheden
bynamme de Mandaloriaan
sekse manlik
soarte personaazje minske (Mandaloriaan)
nasjonaliteit Galaktysk
berop/amt preemjejager, hierling,
piloat
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
Grogu
Boba Fett
Fennec Shand
attributen helm en wapenris
geastlike heit Jon Favreau
ûntstean 2019

Skepping fan it personaazje

bewurkje seksje

It personaazje fan Din Djarin waard betocht troch Jon Favreau, de wichtichste produsint fan The Mandalorian, dat de earste live-actiontillefyzjesearje yn it ramt fan 'e Star Wars-franchise wie. Favreau wie syn libben lang al in fan fan Star Wars en earder hied er as stimakteur meiwurke oan 'e tekenfilmsearje Star Wars: The Clone Wars. Ynspiraasje putte Favreau foar syn skepping út ferskate boarnen.

 
Jon Favreau, de geast-like heit fan Din Djarin.

In tige wichtigenien wie de fertolking troch Clint Eastwood fan it mysterieuze personaazje dat bekend stiet as de Man sûnder Namme, yn 'e spagettywesterns A Fistful of Dollars (1964), For a Few Dollars More (1965) en The Good, the Bad and the Ugly (1966), dy't mei-inoar de Dollars Trilogy foarmje fan 'e Italjaanske regisseur Sergio Leone. Neffens Pedro Pascal, de akteur dy't de rol fan Din Djarin yn The Mandalorian spile, frege er himsels eltse kear ôf, as er twifele oan hoe't er him bewege of hâlde en drage moast: "Wat soe Clint dwaan?" De ynfloed fan 'e Man sûnder Namme is nammenste grutter om't The Mandalorian in searje is dy't ek wol in romtewestern neamd wurdt: in sjenre dat science fiction en western fermingt.

Din Djarin waard ek ynspirearre troch guon personaazjes yn 'e samoeraifilms fan 'e ferneamde Japanske regisseur Akira Kurosawa. Dy hiene earder ek fan ynfloed west op it wurk fan Leone. Ear't de opnamen fan The Mandalorian úteinsetten, seach Pascal op oanrikkemandearring fan Favreau û.m. Kurosawa syn film Yojimbo (1961). Han Solo, sa't dy yn 'e oarspronklike Star Wars-trilogy spile waard troch Harrison Ford, wie in trêde wichtige ynspiraasjeboarne foar Pascal syn aktearjen.

Fiktive biografy

bewurkje seksje

Geandewei de searje komt de sjogger by brokjes en bytsjes mear te witten oer it personaazje fan 'e Mandaloriaan, waans wiere namme Din Djarin pas yn Chapter 8: Redemption bekendmakke wurdt, de achtste ôflevering fan seizoen 1. As er noch in bern is, wurde syn âldelju ûnder de Kloane-oarloggen deade by in oanfal troch oarlochsandroïden fan 'e separatistyske Konfederaasje fan Unôfhinklike Stelsels. Djarin, dy't troch syn âlden op in sideplak ferburgen wie, is de iennichste oerlibbene fan 'e oanfal. Hy wurdt rêden troch in stamme fan Mandalorianen, in folk dat oarspronklik fan 'e planeet Mandalore komt en in sterke krigerskultuer hat. Hoewol't er sels gjin Mandaloriaan is, wurdt er yn 'e tradysjes fan 'e stamme grutbrocht en troch harren oannommen as in fûnling. Letter moat er mei syn stamme, dy't ûnder lieding stiet fan in frou dy't de Wapensmid neamd wurdt, ûnderdûke foar de ferfolging troch it diktatoriale Galaktysk Keizerryk.

 
Clint Eastwood as de Man sûnder Namme yn For a Few Dollars More. It personaazje Din Djarin wie foar in oansjenlik diel troch de Man sûnder Namme ynspirearre.

Djarin docht nea syn helm ôf as der oaren by binne, mei't syn stamme dat beskôget as in ferrie dêr't as straf útsluting út 'e mienskip en ferballing op stiet. Oare Mandaloriaanske personaazjes út 'e Star Wars-franchise fine it gjin probleem om yn it bywêzen fan frjemden de holle te ûntbleatsjen en by harren hat soks gjin maatskiplike gefolgen. Dat ûnderskie wurdt útlein yn Chapter 11: The Heiress, wêryn't oan it ljocht komt dat Djarin en syn stamme de "Bern fan 'e Wacht" binne, in sekte fan Mandaloriaanske religieuze fûnemintalisten dy't, oars as de Mandaloriaanske mainstreamkultuer, "de Wei" (oftewol: de Alâlde Wei fan Mandalore) folget.

Uteinlik wurdt Djarin in preemjejager en jout er him by it Preemjejagersgilde. Syn namme hâldt er geheim, dat hy komt rûnom bekend te stean as "de Mandaloriaan", soms ferkoarte ta "Mando". Earne foarôfgeande oan it begjin fan 'e searje wurket er gear mei in kloft hierlingen dêr't Ran Malk, Xi'an en Qin diel fan útmeitsje. Letter skiede harren wegen ûnder minder as freonskiplike omstannichheden, dy't neffens de oaren troch Djarin feroarsake binne. Hy is de piloat fan in bewapene romteskip dat de Razor Crest hjit en ien fan syn wichtichste hânwapens is in Amban-slûpskuttersgewear. Dat hat in foarke loop en sjit munysje ôf dy't krêftich genôch is om it doelwyt alhiel te desyntegrearjen.

It earste seizoen fan The Mandalorian folget inkele jierren op 'e ein fan 'e film Star Wars: Episode VI – Return of the Jedi. Fiif jier nei dea fan keizer Palpatine en de ynstoarting fan it Galaktysk Keizerryk hearsket der noch altyd gaos yn grutte dielen fan it Stjerrestelsel. De troch de foaroanlju fan it Rebelleferbûn oprjochte Nije Republyk is noch net sterk genôch om oeral syn gesach jilde te litten en de restanten fan it Keizerryk fjochtsje om te oerlibjen. Tsjin dy eftergrûn doarmet Djarin yn 'e wetteleaze Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel om.

Yn seizoen 1 fan The Mandalorian

bewurkje seksje

Yn Chapter 1: The Mandalorian akseptearret in mysterieuze preemjejager, de Mandaloriaan, fia Greef Karga, de lieder fan it Preemjejagersgilde, in opdracht fan in rike mar riedseleftige man, dy't inkeld bekend is as 'de Kliïnt'. Syn taak is om in 'bedriuwsmiddel' op te spoaren en by de Kliïnt ôf te leverjen. It wurdt al mei gauwens dúdlik dat de Kliïnt de restanten fan it Keizerryk fertsjintwurdiget. De Mandaloriaan folget it spoar fan it bedriuwsmiddel nei de planeet Arvala-VII, dêr't er help kriget fan 'e Ugnaught-boer Kuiil. Nei't er mei tsjinnichheid in partnerskip oangien is mei de preemjejager-androïde IG-11, ûntdekt de Mandaloriaan dat it 'bedriuwsmiddel' eins in bern is fan itselde (net by namme neamde) ras fan bûtenierdske wêzens as de Jedi-master Yoda. Dat wie net wat er ferwachte hie, mar dochs nimt er it Bern finzen. Yn Chapter 2: The Child komt de Mandaloriaan op in hier nei om as er oanfallen wurdt troch in 'drekhoarn' (mudhorn), in reuseftich bist mei in ûnbidige hoarn op 'e snút, mar it Bern, dat Krêftgefoelich blykt te wêzen, brûkt de Krêft om him te rêden. Yn Chapter 3: The Sin slút de Mandoloriaan syn opdracht mei súkses ôf troch it Bern op 'e planeet Nevarro oer te dragen oan 'e Kliïnt.

De hiele boel sit de Mandaloriaan dochs net lekker en dat wurdt wat langer wat minder. Uteinlik jout er ta oan 'e rop fan syn gewisse en keart er werom nei it haadkertier fan 'e Kliïnt om it Bern te rêden. Underweis werom nei de Razor Crest rinne hy en it Bern yn in mûklaach fan Greef Karga en oare leden it Preemjejagersgilde, mar it slagget de Mandaloriaan om mei it Bern fan Nevarro te ûntkommen as oare Mandalorianen fan syn stamme him te help komme. Neitiid moat er mei it Bern ûnderdûke foar de preemjejagers dy't efter harren oan sitte. Om itende te bliuwen nimt de Mandaloriaan as hierling ferskate riskante putsjes oan. Sa beskermet er yn Chapter 4: Sanctuary in Sorgan-doarp tsjin plonderders, fangt er yn Chapter 5: The Gunslinger de hiermoardneresse Fennec Shand op 'e planeet Tatooine, en nimt er yn Chapter 6: The Prisoner diel oan in finzenisútbraak mei in kloft hierlingen û.l.f. Migs Mayfeld. Dyselde en de Mandaloriaan kinne net mei-inoar en Mayfeld besiket de Mandaloriaan te ferrieden. Dy is him lykwols te fluch ôf, mei as gefolch dat Mayfeld troch de autoriteiten fan 'e Nije Republyk arrestearre en finzen set wurdt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de tillefyzjesearje beskreaun.
As jo de searje sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn Chapter 7: The Reckoning nimt Greef Karga kontakt op mei de Mandaloriaan en fertelt him dat de Keizerlike stoarmtroepers fan 'e Kliïnt syn thússtêd ferovere hawwe. Hy ûnthjit om 'e preemje dy't de Mandaloriaan op 'e holle set is, yn te lûken as er him helpt om mei de Kliïnt ôf te weven. Dat liket de Mandaloriaan de ein fan al syn swierrichheden ta, dat hy rekrutearret ferskate bûnsgenoaten foar de misje, ûnder wa Kuiil, IG-11 en Cara Dune, in eardere kommando fan it Rebelleferbûn. Wannear't se lykwols op Nevarro arrivearje om it tsjin 'e Kliïnt op te nimmen, rinne se yn in mûklaach fan 'e Keizerlike troepen fan moff Gideon, dy't de Kliïnt fermoardzje en de Mandaloriaan en syn bûnsgenoaten besingelje. Gideon lit blike dat er geheime dingen oer harren allegearre wit, wêrûnder it feit dat de Mandaloriaan eins Din Djarin hjit. Dat betsjut dat Gideon belutsen west hawwe moat by de Keizerlike genoside op 'e Mandalorianen dy't bekend stiet as de Suvering fan Mandalore.

By in klimaktyske konfrontaasje tusken Djarin-en-dy en de troepen fan moff Gideon yn Chapter 8: Redemption, de slotôflevering fan seizoen 1, komt Kuiil om wylst Djarin sels swierferwûne rekket. IG-11 nimt him syn helm ôf om syn wûnen te fersoargjen, wêrmei't foar it earst yn 'e searje syn gesicht te sjen is. Djarin-en-dy sykje help by de stamme fan Djarin, mar ûntdekke dan dat dy troch de troepen fan moff Gideon al earder útrûge is. Se fine de Wapensmid en guon oaren noch yn libben werom, en de Wapensmid nimt it Bern as fûnling formeel yn 'e stamme op. Se jout Djarin opdracht om oare leden fan it ras fan it Bern te sykjen en him by harren te bringen, en seit dat hy oant dy tiid de heit fan it Bern wêze sil. As de troepen fan moff Gideon it selskip efterhelje, offeret IG-11 himsels op sadat Djarin en de oaren mei it Bern fan Nevarro ûntkomme kinne.

Yn seizoen 2 fan The Mandalorian

bewurkje seksje

Yn seizoen 2 siket Djarin nei oare Mandalorianen dy't him helpe kinne om it folk fan it Bern te finen. Yn Chapter 9: The Marshal heart er fan in Mandaloriaan dy't op Tatooine libje soe. It blykt Cobb Vanth te wêzen, de marshal fan Mos Pelgo, dy't gjin Mandaloriaan is, mar in Mandaloriaanske wapenris draacht dy't er kocht hat fan 'e Jawa's. Nei't Djarin Vanth, de doarpelingen fan Mos Pelgo en in stamme nomadyske Tuskenkapers helpt om in kraytdraak te ferslaan dy't dy krite teheisteret, jout Vanth de wapenris werom. Yn Chapter 10: The Passenger ferfiert Djarin oan board fan syn skip in bûtenierdsk wêzen, dat er omreden fan har uterlik de "Kikkertfrouwe" neamd, en har aaien nei de planeet Trask. Dêr oankommen wiist har partner him troch nei in herberge op Trask dêr't trije Mandalorianen ferbliuwe soene.

 
Pedro Pascal spilet Din Djarin yn 'e tillefyzje-searje The Mandalorian.

Yn Chapter 11: The Heiress docht bliken dat it giet om Bo-Katan Kryze, de eardere hearskeresse oer Mandalore, en twa selskipslju. Sy wit net wêr't er it folk fan it Bern fine kin, mar nei't er har holpen hat in Keizerlik frachtskip te oerfallen dat stellen Mandaloriaanske âldheden ferfiert, wiist se him troch nei har âlde bûnsgenoate, de Jedi-ridder Ahsoka Tano, dy't er op 'e planeet Corvus fine kin. Mei't de Razor Crest op 'e reis mei de Kikkertfrouwe nei Trask slimme averij oprûn hat, keart Djarin yn Chapter 12: The Siege werom nei Nevarro, dêr't er Greef Karga en Cara Dune wer treft. Sûnt harren lêste moeting hawwe dyselden de planeet befrijd fan 'e Keizerlike oerhearsking, op ien Keizerlik bolwurk nei. Yn ruil foar it reparearjen fan syn romteskip seit Djarin syn help ta om dy basis te feroverjen.

Neitiid reizgje Djarin en it Bern yn Chapter 13: The Jedi ôf nei Corvus, dêr't Djarin Ahsoka Tano opspoart. Sy kin troch de Krêft mei it Bern kommunisearje, wat foar Djarin net mooglik wie. Sa komt er oan 'e weet dat de namme fan it Bern Grogu is en dat er in eardere learling is út 'e Jedi-Timpel op Coruscant, dy't de Grutte Suvering fan 'e Jedi oerlibbe hat en ûnderdûkt is. Grogu is al fyftich jier âld, mar troch de lange, lange libbensdoer fan syn ras, wêrfan't de leden wol mear as tûzen jier âld wurde kinne, is er noch altyd in jong bern. Djarin soe no it leafst sjen dat Ahsoka Grogu as har padawan oannaam, mar sy wegeret dat om't Grogu sterke gefoelens foar Djarin ûntwikkele hat en se mei har master Anakin Skywalker út 'e earste hân wit wêr't soks foar in Jedi ta liede kin. Yn 'e hope dat se fan gedachten feroaret, helpt Djarin Ahsoka om Corvus te befrijen fan 'e Keizerlike oerhearsking. Neitiid wiist se him troch nei de Jedi-Timpel op Tython, dêr't Grogu fia de Krêft kontakt meitsje kin mei in oare Jedi om syn eigen lotsbestimming te kiezen.

Yn Chapter 14: The Tragedy bringt Djarin Grogu nei de Jedi-Timpel op Tython ta en lit him dêr efter om te meditearjen. Djarin sels moetet Boba Fett, de oarspronklike eigner fan 'e Mandaloriaanske wapenris dy't er fan Vanth krigen hat, en dy syn nije partner Fennec Shand, wa har libben Fett rêden hat nei't se earder nei in konfrontaasje mei Djarin foar dea efterlitten wie. Djarin stimt ta yn it weromjaan fan 'e wapenris, mar ear't dat syn beslach krije kin, wurde se oerfallen troch de troepen fan moff Gideon, dy't Djarin en Grogu folgje kinnen hawwe om't der by de reparaasje fan 'e Razor Crest op Nevarro in stjoerderke yn it romteskip pleatst is. Nettsjinsteande it feit dat Djarin by syn ferset holpen wurdt troch Fett en Shand, wurdt Grogu finzen nommen en de Razor Crest ferneatige.

Mei help fan Fett, Shand, Cara Dune en de op fersyk fan Djarin tydlik op frije fuotten stelde Migs Mayfeld wit Djarin yn Chapter 15: The Believer de koördinaten fan 'e basis fan moff Gideon te bemachtigjen troch in oare Keizerlike fasiliteit te ynfiltrearjen en it kompjûtersysteem te hacken. Dêrfoar is it nedich dat er op in stuit syn helm ôfdocht. Yn Chapter 16: The Rescue dogge Djarin en syn útinoar rinnende bûnsgenoaten, fuortsterke troch Bo-Katan Kryze en har Mandaloriaanske krigers, in wraam op 'e kruser fan moff Gideon. Dêrby befrijt Djarin Grogu en ferslacht er Gideon, dy't yn it gefjocht de Dûnkersabel brûkt, de ljochtsabel dy't it tradisjonele wapen fan 'e hearsker fan Mandalore is. It weromwinnen fan 'e Dûnkersabel wie eins wêrom't Bo-Katan Kryze meidie oan 'e oanfal op 'e kruser, mar as Djarin har neitiid de Dûnkersabel besiket te jaan, makket se him dúdlik dat it wapen, as it ienris yn gefjocht bútmakke is, net samar trochjûn wurde kin. Dat betsjut dat Djarin no de rjochtmjittige hearsker oer Mandalore is. Hy hat dêr gjin belang by en stimt dêrom ta yn in duël mei Bo-Katan. Mar se wurde ûnderbrutsen en besingele troch in oermacht fan Gideon syn troepen. As in deus ex machina ferskynt op dat stuit de Jedi-master Luke Skywalker op it toaniel, mei wa't Grogu earder yn 'e Jedi-Timpel op Tython kontakt makke hie. Hy weeft handich mei de Keizerlike troepen ôf en biedt oan om Grogu mei te nimmen om him ta Jedi op te lieden. By in emosjoneel ôfskie docht Djarin syn helm ôf, sadat Grogu him foar it earst yn it gesicht sjen kin.

Yn The Book of Boba Fett

bewurkje seksje

Din Djarin komt ek foar yn 'e spin-off-tillefyzjesearje The Book of Boba Fett. Yn 'e ôflevering Chapter 5: Return of the Mandalorian wurdt dúdlik dat Djarin nei syn ôfskie fan Grogu wer preemjejager wurden is, hoewol't er wrakselet mei de ôfwêzigens fan it jonkje en de Dûnkersabel noch net goed yn 'e macht hat. Hy ûntdekt dat de oerlibbenen fan syn stamme ûnder lieding fan 'e Wapensmid in nij skûlplak opset hawwe yn 'e krochten fan it ringfoarmige romtestasjon Glavis. Oan 'e Wapensmid en in oar stammelid, Paz Vizsla, fertelt er al syn aventoeren, en de Wapensmid ûnderrjochtet him yn it juste gebrûk fan 'e Dûnkersaber. Vizsla daget him út ta in duël om it besit fan it wapen en de dêrmei mank geande hearskippij oer Mandalore, mar Djarin ferslacht him. As er lykwols bekent dat er oant twaris ta syn helm ôfdien hat yn it bywêzen fan bûtensteanders, ropt Vizsla him út ta ôffallige en wurdt er troch de Wapensmid ferballe. Hja fertelt him dat syn ferballing inkeld opheft wurde kin as er boete docht troch te baaien yn it wetter fan 'e minen fan Mandalore, dy't lykwols by de Keizerlike Suvering fan Mandalore ferwoastge binne.

Neitiid reizget Djarin nei Tatooine, dêr't er by monteur Peli Motto in oanpaste Nabooaanske N-1-stjerrejager bemachtiget as ferfanging foar de ferneatige Razor Crest. Wylst er dêr is, wurdt er troch Fennec Shand om help frege foar Boba Fett, dy't ûnderwilens it misdiesyndikaat fan 'e gangster Jabba de Hutt oernommen hat. Der is nammentlik in oarloch mei it Pyke-syndikaat op til, en Fett beskikt net oer genôch mankrêft. Djarin seit syn help fergees ta, mei't Fett en Shand him ek holpen hawwe doe't hy dêr ferlet fan hie. Ear't er him by harren jout, wol er lykwols Grogu opsykje. Yn Chapter 6: From the Desert Comes a Stranger reizget Djarin nei de planeet dêr't Grogu syn oplieding fan Luke Skywalker genietet. Hy moetet dêr Ahsoka Tano wer, dy't it him ûntriedt om Grogu te sjen, mei't dat de training fan 'e jonge hinderje soe troch âlde bannen te fersterkjen. Mei tsjinnichheid stimt Djarin dermei yn om Grogu gewurde te litten, mar hy jout Ahsoka in geskink foar de jonge: in maljenkolder dy't troch de Wapensmid foar him makke is.

Nei't er him op Tatooine by Boba Fett en Fennec Shand yn it paleis fan Jabba de Hutt jûn hat, sjocht Djarin mei eigen eagen hoe'n bytsje mankrêft se oer beskikke. Hy siket help by Cobb Vanth yn Mos Pelgo, dat no Frijstêd hjit. Hoewol't Vanth der net botte happich is om him yn 'e kommende striid te mingen, seit er ta de saak oan 'e ynwenners fan Frijstêd foar te lizzen. Yn Chapter 7: In the Name of Honor arrivearret Cad Bane mei in grutte Pyke-troepemacht op Tatooine en belegeret Fett, Shand en Djarin-en-dy. Hy lit harren witte dat er Cobb Vanth delsketten hat, dat út dy hoeke hoege se net mear op fersterkings te rekkenjen. As de striid losbrânt, strûpe Fett en syn oanhingers der suver ûnder, oant de boargers fan Frijstêd mei mannemacht opkomme om 'e oanfal op 'e swierferwûne rekke Vanth te wreekjen. Peli Motto arrivearret ek mei Grogu by har, dy't derfoar keazen hat de maljenkolder te akseptearjen ynstee fan syn oplieding by Skywalker fuort te setten. Djarin ferneatiget ien fan 'e beide pânsere oarlochsandroïden fan Bane mei syn Dûnkersabel, wylst de rancor fan Boba Fett de oare útskeakelet. Bane jaget de rancor lykwols op 'e rin, wêrby't er gâns skea oanrjochtet oant Grogu him delbêdet troch him mei de Krêft yn 'e sliep falle te litten. Nei't de oanfal fan 'e Pykes ôfslein is, ferlitte Djarin en Grogu tegearre Tatooine yn 'e N-1-stjerrejager.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.

 
personaazjes út Star Wars
 yntrodusearre yn A New Hope Raymus Antilles • Wedge Antilles • C-3PO • Chewbacca • Biggs Darklighter • Jan Dodonna • Obi-Wan Kenobi • Beru Lars • Owen Lars • prinsesse Leia Organa • R2-D2 • Luke Skywalker • Han Solo • Wilhuff Tarkin • Darth Vader
 yntrodusearre yn The Empire Strikes Back  Lando Calrissian • Boba Fett • keizer Palpatine • Firmus Piett • Yoda
 yntrodusearre yn Return of the Jedi Gial Ackbar • Bib Fortuna • Jabba de Hutt • Mon Mothma • Anakin Skywalker • Wicket
 yntrodusearre yn The Phantom Menace Saché Adova • Mas Amedda • Eirtaé Ballory • Sio Bibble • Depa Billaba • Jar Jar Binks • Adi Gallia • Nute Gunray • Qui-Gon Jinn • Ki-Adi-Mundi • Eeth Koth • Plo Koon • Darth Maul • Rugor Nass • Padmé Amidala • Quarsh Panaka • Even Piell • Yarael Poof • Oppo Rancisis • Sabé • Sebulba • Shmi Skywalker • Darth Sidious • Aurra Sing • Roos Tarpals • Saesee Tiin • Rabé Tonsort • Finis Valorum • Watto • Mace Windu • Yaddle
 yntrodusearre yn Attack of the Clones greve Dooku • Jango Fett • Kit Fisto • Agen Kolar • Cliegg Lars • Bail Organa • Poggle de Mindere • Aayla Secura • Shaak Ti • Darth Tyranus • Luminara Unduli
 yntrodusearre yn Revenge of the Sith Stass Allie • generaal Grievous
 yntrodusearre yn The Force Awakens BB-8 • Kaydel Ko Connix • Poe Dameron • Finn • Armitage Hux • Maz Kanata • kaptein Phasma • Kylo Ren • Rey • Snoke
 yntrodusearre yn The Last Jedi  Larma D'Acy • DJ • Amilyn Holdo • Rose Tico
 yntrodusearre yn The Rise of Skywalker Zorii Bliss • D-O • Jannah • Enric Pryde • Ben Solo
 yntrodusearre yn The Clone Wars (film) Ahsoka Tano • Asajj Ventress • Ziro de Hutt
 yntrodusearre yn Rogue One Cassian Andor • Galen Erso • Jyn Erso • Saw Gerrera • Chirrut Îmwe • K-2SO • Orson Krennic • Baze Malbus • Raddus • Bodhi Rook
 yntrodusearre yn Solo Tobias Beckett • L3-37 • Enfys Nest • Qi'ra • Dryden Vos
 yntrodusearre yn oare media  Ezra Bridger • Din Djarin • Grogu • Kanan Jarrus • Bo-Katan Kryze • Satine Kryze • de Mandaloriaan • Savage Opress • Fennec Shand • Sifo-Dyas • Hera Syndulla • Sabine Wren • Kazuda Xiono