De romtewestern (Ingelsk: space western) is in subsjenre fan science fiction dat science fiction-settings fan romtefeart en oare planeten oanfollet mei tema's, standertpersonaazjes en oare klisjees dy't ôfkomstich binne út it westernsjenre. Dizze term kin synonym wêze mei science fiction-western, mar dêrmei kin ek ferwiisd wurde nei in western dy't eleminten út science fiction oernommen hat. De mjitte fan iepentlikheid wêrmei't de westerneleminten yn romtewesterns werjûn wurde, rint útinoar. Subtile ynfloeden kinne wêze de ferkenning fan nije, wetteleaze foargrinzen fan 'e beskaving of it foarkommen fan modern revolverlju, wetshanthaveners, sochte kriminelen en preemjejagers, wylst in foarbyld fan mear iepentlik oernommen eleminten wêze kinne soe in letterlike cowboy dy't op in fiere planeet tarist is mei laserpistoalen en op in roboatysk hynder riidt.

In iere romtewesternstrip.

De earste romtewesterns ferskynden yn 'e 1930-er jierren as romans yn Amerikaanske pulpblêden. Nei't de earste superheldestrips yn 'e 1940-er jierren yn populariteit belunen, kamen dêr western- en horrorstrips foar yn 't plak. Mar mids 1950-er jierren waard troch de Amerikaanske Comics Code Authority it near lein op horrorstrips. Dêrtroch waarden romtewesternstrips doe populêrder. Fan 'e twadde helte fan 'e 1960-er jierren ôf kamen der ek romtewesterns op 'e tillefyzje, lykas Lost in Space en Star Trek: The Original Series. In sterk negative reäksje op wat sjoen waard as breaskriuwen, soarge der mids 1980-er jierren foar dat de populariteit fan 'e romtewestern wer saksearre. Fan 'e 2000-er jierren ôf kaam der in nije oplibbing, mei as bekendste fertsjintwurdigers science fiction-searjes as Firefly en The Mandalorian.

Sjoch ek bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.