Western (sjenre)

(Trochferwiisd fan Westernsjenre)

De western is in sjenre yn 'e literatuer, byldzjende keunst, film en op 'e tillefyzje, dat wijd is oan romantisearre beskriuwings fan en ferhalen oer it Wylde Westen, de beneaming foar rûchwei de westlike helte fan 'e Feriene Steaten tusken likernôch 1850 en 1900. Yn dy perioade ferkearde dat gebiet noch yn it begjinstadium fan 'e kolonisaasje, en waard der striid levere tusken de lânseigen Yndiaanske folken oan 'e iene kant en de Amerikaanske kolonisten en it Amerikaanske leger oan 'e oare kant, wylst de cowboy, dat ikoanyske symboal fan it Alde Westen, it fee fan syn baas oer de iepen prêrjes dreau, en op oare plakken legindaryske banditen lykas Jesse James en Billy the Kid harren snoade plannen smeiden en dêrby soms yn 'e tsjillen riden waarden troch allike legindaryske wetstsjinners as Wild Bill Hickok en Wyatt Earp.

It westerndekôr fan Universal Studios, yn Hollywood.

Hoewol't westerns oer it algemien net botte reälistysk binne (it wurk fan cowboys wie yn it echt net heldhaftich en aventoerlik, mar earder ientoanich en lichaamlik slopend, om mar wat te neamen), kinne se o sa ta de ferbylding sprekke. It sjenre sette útein mei de kontemporêne pulpromantsjes út 'e lêste helte fan 'e njoggentjinde iuw, en ûntjoech him koart nei de iuwwiksel, tusken 1902 en 1912, ta in wier literêr sjenre. It wie benammen tige populêr tusken 1930 en 1980, mei in hichtepunt yn 'e earste helte fan 'e sechstiger jierren. Yn dy heale iuw ûntstie ek westernfilm, en waarden er in grut tal westernsearjes makke foar op 'e tillefyzje. Sûnt de twadde helte fan 'e santiger jierren is de populariteit fan it sjenre yn it neigean rekke, en nei 2000 hat dy in nij djiptepunt berikt, al wurde der noch altiten wol westernromans skreaun en westernfilms produsearre.

De western skilderet in maatskippij ôf dy't organisearre is om beskate earekoades hinne, wêrby't de mei geweld útfochten en besljochte fete, en persoanlik, direkt en eigen gerjocht troch geweld in grutte rol spylje. Sawol de tradisjonele westernroman as de westernfilm draaie ornaris om it libben fan in semy-nomadyske swalker, gauris mei in twifelich ferline of in persoanlikheid dy't skeind is troch in jeugdtrauma of oarlochsûnderfinings. Hy is yn 'e regel in cowboy of in revolverman (gunslinger) dy't sels it kontakt mei de minsklike maatskippij fierhinne ôfwiisd of ferlern is, en de western set útein as er as frjemdling in foar him ûnbekend stedsje binnenriidt dêr't fan alles mis is of dêr't banditen of in korrupte feeboer (rancher) de gewoane minsken terrorisearje. Om redens dy't útienrinne kinne fan syn rjochtsgefoel, klearebare ferfeling of tsjin wil en tank, lost de frjemdling de swierrichheden op troch mei geweld mei de smjunt en dy syn trewanten ôf te weven, gauris yn in revolverduël ûnder de middeissinne op 'e haadstrjitte fan it stedsje. Hoewol't er dêrnei faak troch de ferromme ynwenners frege wurdt om sheriff te wurden, einiget de western as er it stedsje efterlit en de ûndergeande sinne temjitte riidt. Dizze tradisjonele westernheld, de ienlike frjemdling, wurdt wol beskôge as de literêre erfgenamt fan 'e doalende ridder út 'e Midsiuwske Jeropeeske romans, en is ek besibbe oan 'e ronin, de masterleaze samûrai út 'e Japanske kultuer.

 
Gary Cooper yn Vera Cruz (1954).

Lang net eltse western folget fansels dit stramyn. In oar wichtich tema is bgl. de striid tusken de blanke kolonisten en de lânseigen Yndiaanske befolking, wêrby't oarspronklik de blanken altyd foar de helden trochgiene, wylst de Yndianen ta smjunten makke waarden, al is dat sûnt de jierren santich stadichoan feroare. Wat ek faak foarkomt is de biografyske western, dy't in (sterk romantisearre) beskriuwing jout fan it libben fan ien of mear ferneamde persoanen, sij it in bandyt, lykas Jesse James, Billy the Kid of Butch Cassidy; in binde, lykas de Daltons of the Wild Bunch; wetstsjinners, lykas Wyatt Earp of Wild Bill Hickok; legerofsieren, lykas George Armstrong Custer; of Yndiaanske opperhaden, lykas Sitting Bull of Crazy Horse. Guon fan sokke histoaryske westerns, benammen dy dy't de frontierheld Davy Crockett portrettearje, spylje al yn 1836, doe't de Slach om de Alamo plakfûn. Ornaris wurdt by dat barren de grins lein fan wat noch as western beskôge wurde kin en wat bûten it sjenre falt om't it te ier is.

 
John Wayne yn The Comancheros (1961).

De western (benammen de westernfilm, mar westernliteratuer faak ek) nimt yn prinsipe de eleminten fan sokke ferhalen en foarmet se om ta ienfâldige moraliteiten, hoewol't guon útsûnderings op moreel mêd folle dûbelsinniger binne, lykas de mei fjouwer Oskars bekroande film Unforgiven, fan Clint Eastwood. De western mei graach de klam lizze op 'e wredens fan 'e wyldernis, en fynt sadwaande faak plak yn in ûnfruchtber, desolaat lânskip. Spesifike dekôrs binne isolearre forten, feepleatsen (ranches) en boerespultsjes (farms of homesteads), it Yndiaanske doarp of kamp, en benammen it lytse, stoffige stedsje oan 'e foargrins fan 'e beskaving, mei in kroech (saloon), winkel (general store), hierstâl (livery stable) en sheriffskantoar mei selleblok (jailhouse), dêr't de wyn wite amaranten (tumbleweeds) oer de haadstrjitte blaast.

De western as literêr sjenre is eins in fuortsetting op 'e romans dy't yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw begûnen te ferskinen oer de Amerikaanske frontier beëasten de rivier de Mississippy. Dêryn waard it libben oan 'e foargrins fan 'e beskaving beskreaun (yn romantisearre foarm, fansels), sa't dat west hie yn 'e koloniale tiid (±1700-1776). It bekendste foarbyld fan dy literatuer is de fiifdielige romanrige The Leatherstocking Tales, fan 'e skriuwer James Fenimore Cooper, mei as meast ferneamde diel The Last of the Mohicans (1826).

Doe't om 1840 hinne de kolonisaasje fan Noard-Amearika bewesten de Mississippy úteinsette, begûnen der fan likernôch 1850 ôf goedkeape, tinnige pulpromantsjes te ferskinen, dy't penny dreadfuls neamd waarden, om't se mar in peinje (penny) kosten en ferskriklik (dreadful) skreaun wiene. Meitiid giene dy oer yn 'e saneamde dime novels, dy't mei in stoer (dime) justjes djoerder wiene, mar ek folle better skreaun wiene (dêrfandinne novel, "roman"). De earste dime novel wie Malaeska; The Indian Wife of the White Hunter, dy't yn juny 1860 útjûn waard. Beide soarten pulpromans wiene tige populêr yn it Easten fan 'e Feriene Steaten, al waarden se nei it lêzen yn 'e regel fuortsmiten. Se fertelden ferhalen dy't gauris basearre wiene op 'e (romantisearre) libbens fan wiere persoanen, lykas Buffalo Bill, Wild Bill Hickok, Jesse James. Wyatt Earp en Billy the Kid. Tsjin 1900 ûntstiene der ek tydskriften dy't har yn dit soarte ferhalen spesjalisearren.

 
De Dútske skriuwer Karl May.

Behalven yn it Easten fan Amearika wiene de ferhalen oer it Wylde Westen ek yn Jeropa tige populêr. Om 1880 hinne sette de Dútser Karl May útein mei it skriuwen fan romans fan folle lingte oer syn ikoanysk wurden helden Old Shatterhand en Winnetou. Hoewol't er dêr op it fêstelân fan Jeropa in ûnbidich grut súkses mei hie, waarden syn aventoereferhalen troch literatuerkritisy ôfdien as lektuer fan in triviaal soarte, en dat is oardel iuw letter noch net feroare. Likegoed binne generaasjes bern opgroeid mei May syn boeken en de ferfilmings dêrfan, en hat er yn Jeropa in grutte ynfloed hân. Dêrby moat trouwens wol oantekene wurde dat er in grutte fantast wie, dy't bearde dat syn ferhalen op syn eigen ûnderfinings basearre wiene wylst er noch nea yn Amearika west hie. Dat is ek de reden dat syn boeken optille fan 'e histoaryske flaters, lykas Yndiaanske stammen dy't by May noch fleurich oer de prêrje fjouweren wylst se yn wurklikheid allang troch de Amerikaanske oerheid opburgen wiene yn reservaten. Fierders moat ek opmurken wêze dat May syn alter ego Old Shatterhand en dy syn Yndiaanske bloedbroer Winnetou yn Amearika sa goed as ûnbekend bleaun binne.

 
Zane Grey, de grûnlizzer fan 'e literêre western.

Yn 'e Feriene Steaten ûntjoech de western him ûnderwilens ta echte literatuer mei de útjefte, yn 1902, fan Owen Wister syn roman The Virginian. As grûnlizzer fan 'e literêre western wurdt lykwols Zane Grey beskôge, dy't yn 1912 syn ferneamde Riders of the Purple Sage publisearre. Letter folgen dêr noch tsientallen oare romans op, lykas Knights of the Range, Code of the West en it masterlike Desert Gold. Grey waard neifolge troch oare bekende westernauteurs, lykas Walter Noble Burns, dy't yn 1927 mei syn roman Tombstone de reputaasje fan Wyatt Earp makke. Max Brand is in oare grutte namme út 'e westernliteratuer, mei titels as Striking Eagle, Blood on the Trail, The Seventh Man, Danger Trail en The Long Chase. Brand blonk fierders ek út yn it skriuwen fan koarte ferhalen fan it westernsjenre, dy't er publisearre yn 'e withoefolle westerntydskriften dy't yn 'e tweintiger jierren ûntstiene, lykas Western Story Magazine, Star Western, Ranch Romances, Cowboy Stories en West. Clarence E. Mulford skreau ek koarte ferhalen, mar dan allegear oer deselde held, Hopalong Cassidy; de earste út dy rige ferskynde al yn 1904.

Yn 'e fjirtiger jierren ferskynden der ferskate wichtige westernromans, lykas The Ox-Bow Incident, fan Walter van Tilburg Clark, The Big Sky en The Way West, fan A.B. Guthrie jr. en Shane, fan Jack Schaefer. Teffens ferskynden der ein fjirtiger en begjin fyftiger jierren ferskate westernromans fan 'e Frysk-Amerikaanske auteur Frederick Feikema Manfred, hoewol't dy bekender wurden is om syn streekromans oer it boerelibben op 'e noardlike Grutte Flakten oan it begjin fan 'e tweintichste iuw. Under de skriuwers dy't yn 'e fyftiger jierren populêr waarden, wiene Luke Short, Ray Hogan en Louis L'Amour. Yn 'e twadde helte fan 'e jierren fyftich en yn 'e jierren sechstich sette Bradford Scott útein mei syn rige oer de Texas Ranger Walt Slade, mei titels as Trigger Talk, The Ghost Trail, Outlaw Gold en Gun Justice. De westernliteratuer berikte syn hichtepunt om 1963 hinne, wat benammentlik feroarsake liket te wêzen trochdat it publyk op it sjenre útsjoen rekke fanwegen de oerfloed fan westernfilms en -tillefyzjesearjes dy't der doedestiden makke waard. Dat hie ek in negatyf effekt op 'e ferkeapsifers fan westernliteratuer, en sa rekke it hiele sjenre stadichoan yn it neigean.

 
In Westdútske postsegel mei Winnetou derop, út 1987.

Fan 'e jierren santich ôf dominearre Louis L'Amour de westernliteratuer. Yn 'e iere jierren santich foel fierders de Indianeeske skriuwster Marilyn Durham op mei twa populêre romans, The Man Who Loved Cat Dancing en Dutch Uncle. Oare wichtige auteurs út 'e santiger en tachtiger jierren wiene George G. Gilman, Larry McMurtry en Cormac McCarthy. Fral McMurtry syn Lonesome Dove en McCarthy syn Blood Meridian (beide út 1985) wurde rûnom beskôge as masterwurken binnen it sjenre en fan 'e widere Amerikaanske literatuer. Elmer Kelton, dy't yn dyselde snuorje bekend waard mei syn romans The Good Old Boys en The Time It Never Rained, waard neitiid troch de Western Writers of America (WWA), de beropsferiening fan westernskriuwers, dy't bestiet sûnt 1953, útroppen ta de bêste westerskriuwer aller tiden. Nei 2000 dûkten de ferkeapsifers fan westernliteratuer nei in nij djiptepunt ta, al wurde der noch alle moannen ûnderskate romans yn it sjenre útjûn, benammen as ûnderdiel fan 'e rigen The Trailsman, Slocum, Longarm en The Gunsmith. Sûnt 2008 liket der op it mêd fan 'e westernliteratuer in lytse oplibbing te bespeuren.

 
Regisseur John Ford, steand foar in portret fan himsels op 'e filmset.

De western as sjenre, mei al syn ûnderskate skaaimerken, wie al stevich fêstige doe't koart nei 1900 de earste westernfilms makke waarden. As de alderearste western wurdt faak neamd The Great Train Robbery, in film út 1903 fan regisseur Edwin S. Porter, mei yn 'e haadrol Bronco Billy Anderson. Yn 'e ierste films waarden sokke fêste personaazjes portrettearre as cowboys, revolvermannen, sheriffs en preemjejagers, gauris ôfbylde as semy-nomadyske swalkers mei stetsons op, bandana's om en skonkbeskermers en spoaren oan, dy't revolvers en gewearen brûke as ûnderdiel fan har deistich libben, en op har trouwe hynders ride tusken stoffige stedsjes en grutte feeranches.

Yn it tiidrek fan 'e stomme film wiene sokke rôlprinten tige by tige populêr, mar doe't om 1928 hinne de sprekkende film syn yntrede yn Hollywood makke, rekke it sjenre yn it neigean. De grutte studio's lieten fan dy tiid ôf de western links lizze, wêrfan't lytsere studio's en produsinten tankber gebrûk makken troch oan 'e ein fan 'e tweintiger en yn 'e earste helte fan 'e tritiger jierren withoefolle low-budgetwesterns te produsearjen. Hoewol't dy har soms yn grut kommersjeel súkses ferhûgje mochten, waard de western oan 'e ein fan 'e tritiger jierren yn Hollywood min of mear as in pulpsjenre beskôge.

Dat feroare op dramatyske wize doe't yn 1939 ferskate grutte studio's frijwol tagelyk westerns begûnen út te bringen, lykas Dodge City, mei Errol Flynn yn 'e haadrol, Jesse James, Union Pacific en Destry Rides Again, mei James Stewart yn syn alderearste westernrol, en mei as syn tsjinspylster Marlene Dietrich. De opmerklikste film dy't dat jiers útkaam, wie lykwols Stagecoach, fan regisseur John Ford, wêryn't in postkoets efterfolge wurdt troch gemiene Yndianen dy't op it oarlochspaad binne. Dy film, dy't útbrocht waard troch United Artists, waard ien fan 'e grutste bioskoopsúksessen fan 1939, en makke fan John Wayne, dy't foartiid tsien jier lang yn B-films aktearre hie, yn ien klap in ferneamd akteur. Ek oare akteurs, lykas Cary Grant, Lee Van Cleef, Yul Brynner en Clint Eastwood, makken harren karriêre (fierhinne) mei westernrollen.

Iere westerns waarden, krekt as oare Hollywood-films út dy tiid, foar it meastepart yn 'e studio's opnommen, mar doe't geandewei de jierren tritich it filmjen op lokaasje gewoaner waard, sochten filmmakkers ôfhandige úthoeken fan Arizona, Kalifornje, Kolorado, Kansas, Montana, Nevada, Nij-Meksiko, Oklahoma, Teksas, Utah of Wyoming op. Ek saneamde "filmranches", feepleatsen dy't spesjaal foar it meitsjen fan films oanlein of oankocht en ynrjochte wiene, waarden wol brûkt foar lokaasjefilmjen. Yn 'e jierren fyftich feroare it lânskip fan in libben dekôr yn it eigenste karakter fan 'e film. De ûntwikkeling fan ferskate breedbyld-formats, lykas cinemascope (1953) en VistaVision, makke it mooglik om op 'e gruttere eftergrûn it swide lânskip fan it Wylde Westen sjen te litten. John Ford naam tusken 1939 en 1965 in hiele rige films op yn Monument Valley, yn Utah, wêrmei't er dy krite mei syn dramatyske rotsformaasjes en mesa's, dy't withoeheech boppe de ruters úttuorje, ta in toeristyske trekpleister makke.

 
Clint Eastwood yn A Fistful of Dollars (1964).

Yn 'e heechtijdagen fan 'e western, dy't duorren fan 1939 oant it begjin fan 'e jierren santich, waarden in protte films makke dy't foldiene oan it tradisjonele westernkonsept fan 'e ienlike frjemdling dy't yn in ûnlijich stedsje regaad makket. Klassikers as The Magnificent Seven (1960), A Fistful of Dollars (1964) en Pale Rider (1985), en teffens nijere films, lykas Unforgiven (1992) en Open Range (2003), hâlde fierhinne dat stramyn oan. Ek it ikoanyske Once Upon a Time in the West (1968), it magnum opus fan 'e Italjaanske regisseur Sergio Leone, besit sokke tradisjonele eleminten, al komme dêr ek oare tema's oan bod, lykas de opmars fan it spoar en hoe't de modernisaasje it Westen feroaret. Oare films litte sjen hoe't ienlike wetstsjinners it gauris tsjin wil en tank opnimme tsjin banditen of tirannike ranchers, lykas yn High Noon (1952) en Rio Bravo (1959). Wer oaren portrettearje ferneamde banditen, lykas Butch Cassidy and the Sundance Kid (1969), The Wild Bunch (1969) en Young Guns (oer Billy the Kid, 1988); of ferneamde wetstsjinners, lykas Gunfight at the O.K. Corral (1957) en Tombstone (1993), dy't beide oer Wyatt Earp geane. Gauris giet it ferhaal ek oer in lange syktocht of jacht en de swierrichheden dy't dêrby ûnderweis oerwûn wurde moatte, lykas yn The Good, the Bad and the Ugly (1966), oer trije revolvermannen dy't elk op harsels nei in Konfederearre goudskat sykje, of For a Few Dollars More (1965), oer twa preemjejagers dy't in bandyt besykje te fangen. Wer in oare klassiker, Red River (1948), lit de grutte cattle drive (it opdriuwen fan it fee) fan Teksas nei Kansas sjen.

Ek de striid tusken blanken en Yndianen is faak ta ûnderwerp makke fan westerns, lykas yn 'e al neamde klassiker Stagecoach, út 1939; oare foarbylden binne She Wore a Yellow Ribbon (1949) en Rio Grande (1950). Yn soksoarte films waarden de Yndianen frijwol sûnder útsûndering foarsteld as de smjunten, wylst de blanke kolonisten foar de helden trochgiene. It is ynteressant dat ûnder ynfloed fan 'e Kâlde Oarloch yn dyselde snuorje yn it Eastblok (benammentlik yn 'e DDR en Tsjechoslowakije), westerns makke waarden wêryn't de Yndianen de helden wiene en de Amerikanen de smjunten. Yn sokke "reade westerns" of osterns waarden de haadrollen trouwens almeast spile troch Sigeuners of lju fan Tataarsk of Turksk komôf, fanwegen it skrinend tekoart oan autentike Yndianen yn it eardere Eastblok. De Servyske akteur Gojko Mitić, dy't ferskate kearen in oprjocht, fredeleavjend en ynnimmend opperhaad spile, lykas yn 'e klassike Tsjechyske ostern Die Söhne der Großen Bärin (1966), waard by in besyk oan 'e Feriene Steaten yn 'e njoggentiger jierren foar syn bydrage oan 'e positive byldfoarming oer Yndianen troch de (Sioux) sels beneamd ta eare-opperhaad.

Pas yn 'e jierren santich feroare yn 'e Feriene Steaten sels it byld dat der fan 'e Yndianen bestie. De earste Amerikaanske film wêryn't Yndianen net ôfbylde waarden as wrede en moardsuchtige smjunten, en likemin as nommele wylden dy't noch gjin mich kwea dwaan soene, mar as gewoane minsken mei al har flaters, dêr't ek gewoan om lake wurde kin sûnder harren as folk bespotlik te meitsjen, wie The Outlaw Josey Wales (1976), fan en mei Clint Eastwood. Dances with Wolves (1990), fan en mei Kevin Costner, wêryn't it ferhaal fan 'e kolonisaasje fan it Westen fan 'e Yndiaanske kant ôf beljochte wurdt, wûn yn 1990 sân Oskars, wêrûnder dy foar bêste film.

 
De Italjaanske regisseur Sergio Leone.
 
A Dash for the Timber, troch de westernskilder Frederic Remington.
 
Filmposter fan 'e ferfilming fan Zane Grey syn Desert Gold, út 1919.
wiere subsjenres
  • acid western
De acid western is in filmsjenre út 'e sechstiger en santiger jierren mei films as The Shooting, fan Monte Hellman, en Greaser's Palace, fan Robert Downey sr., wêryn't westerntematyk kombinearre wurdt mei swier oanset kristlik en Eastersk symbolisme en mei bizarre karakters en foarfallen.
  • Euro-western
Euro-western is de oerkoepeljende beneaming foar alle westerns fan Westjeropeeske makkelei, lykas de Britsk-Spaanske film The Savage Guns, út 1961. Spagettywesterns (sjoch dêre) kinne hjir al of net ta rekkene wurde. De films fan Dútske makkelei, dy't yn Joegoslaavje opnommen waarden (yn 'e regel ferfilmings fan 'e boeken fan Karl May), wurde ek wol Sauerkrautwesterns ("suerkoalwesterns") neamd.
  • kurrywestern
Kurrywesterns of Yndo-westerns binne westerns fan Yndiaaske makkelei. De earste film út dit sjenre wie Mosagaalaku Mosagaadu, út 1970, wêryn't de akteurs Telûgû sprieken.
De al neamde osterns of "reade westerns" wiene de films dy't ûnder de Kâlde Oarloch efter it Izerne Gerdyn produsearre waarden, fral yn 'e DDR en Tsjechoslowakije, en wêryn't de Yndianen as de helden portrettearre waarden en de blanken as smjunten, wylst dy rolferdieling yn kontemporêne Amerikaanske westerns krekt oarsom wie.
Refizjonistyske westerns is de oantsjutting foar de films dy't foar it meastepart fan 'e ein fan 'e jierren sechstich ôf makke waarden troch (Amerikaanske) filmmakkers dy't fraachtekens begûnen te pleatsen by de tradisjonele eleminten fan 'e western. Dit subsjenre wurdt karakterisearre troch in positive (of positivere) portrettearring fan 'e Yndianen, lykas yn Little Big Man, The Outlaw Josey Wales en Dances with Wolves, en/of trochdat it ferhaal fertelt wurdt fanút it eachpunt fan 'e banditen (ynstee fan dat fan 'e sheriff), lykas it gefal is yn Butch Cassidy and the Sundance Kid, The Wild Bunch en Young Guns. Ek hearre ta dit subsjenre dy films wêryn't froulju in aktivere rol taparte krije, lykas Westward the Women, út 1951.
De spagettywestern (of Italo-western of zapatawestern) is it subsjenre fan westerns dy't yn 'e jierren sechstich en santich makke waarden troch Italjaanske regisseurs, fan wa't Sergio Leone fierwei it bekendst wie. De wichtichste fertsjintwurdigers fan dit subsjenre binne Once Upon a Time in the West, The Good, the Bad and the Ugly en A Fistful of Dollars. Spagettywesterns, dêr't Clint Eastwood, Lee Van Cleef en Charles Bronson wrâldferneamd mei waarden, wurde karakterisearre troch mear aksje en geweld as dat yn Amerikaanske westerns foarkomt, en dêrnjonken hawwe de haadpersoanen oer it algemien egoïstysker motiven as de helden yn Amerikaanske films.
  • weird western
Yn 'e weird western (de "nuvere western") wurdt de klassike western fermongen mei oare eleminten, wat faak liedt ta bizarre gefolgen. In goed foarbyld fan soksoarte films is it Will Smith-fehikel The Wild Wild West.
De westernkomeedzje is in foarm fan western mei komyske ferwikkelings, dy't lykwols oars as de westernparody net it sjenre as gehiel de gek oanstekt. In bekende film fan dit subsjenre is Maverick, mei Mel Gibson en Jodie Foster.
  • westernparody
De westernparody of westernsatire hat de gek mei in westernsjenre as gehiel, en is bekend fan films as Three Amigos, mei Chevy Chase en Steve Martin, en Wagons East, mei John Candy.
"western"-sjenres dy't net yn it Wylde Westen spylje
  • Floridawestern
De Floridawestern of ek wol cracker western is in oan 'e western besibbe sjenre fan films dy't net yn it Wylde Westen, mar yn 'e eastlike steat Floarida spylje.
The meat pie western ("fleispastei-western") is in sprektaalterm (nei analogy fan 'e "spagettywestern") om in western oan te jaan dy't spilet yn Austraalje. Films dy't represintatyf binne foar dit sjenre binne bgl. The Man from Snowy River, út 1982, en Quigley Down Under, út 1991, mei Tom Selleck.
De northern is in sjenre fan films mei sterke westerneleminten en -tematyk, dy't lykwols net yn it Wylde Westen spylje, mar yn Alaska of westlik Kanada, lykas The Far Country, mei James Stewart, en North to Alaska mei John Wayne.
De post-apokalyptyske western ferpleatst de klassike western nei in futuristyske maatskippij dy't troch in skriklike katastrôfe (foarhinne faak in nukleêre oarloch, mar tsjintwurdich ek wol feroarsake troch klimaatferoaring) slim yn ferfal rekke is, mei fan gefolgen in wetteleaze sitewaasje dy't sterk tinken docht oan it njoggentjinde-iuwske Wylde Westen. Foarbylden binne The Postman, Waterworld, Neon City en de Mad Max-filmsearje.
De romtewestern of space western, net te betiizjen mei de science fiction-western, bringt it westernsjenre oer fan it Wylde Westen nei de koloniale foargrins fan 'e beskaving op oare planeten, lykas yn 'e films Bravestarr en Outland en de tillefyzjesearje The Mandalorian
ferminging mei oare sjenres
  • horrorwestern
De horrorwestern fermingt westerneleminten mei skaaimerken fan horrorfilms, lykas yn Billy the Kid vs. Dracula, út 1966, wêryn't de bandyt Billy the Kid it opnimt tsjin 'e beruchte fampier.
  • science fiction-western
De science fiction-western mjukset eleminten fan science fiction troch de klassike western hinne, lykas yn Cowboys & Aliens en Back to the Future Part III.
oar
De neo-western, ta einbeslút, is in sjenre fan films dy't yn 'e moderne tiid yn 'e Feriene Steaten spylje, mar dy't eleminten, tema's en motiven ûntliene oan 'e klassike western. Foarbylden hjirfan binne The Getaway, El Mariachi, Brokeback Mountain en No Country for Old Men.
 
De Japanske regisseur Akira Kurosawa op 'e set fan syn film Sân Samûrai.

De ûntwikkeling fan 'e westernfilm waard healwei de tweintichste iuw sterk beynfloede troch de Japanske samûraifilms. Sa wie de klassiker The Magnificent Seven, út 1960, eins in remake fan 'e Japanske film Sân Samûrai, fan Akira Kurosawa, wylst A Fistful of Dollars, út 1964, in remake wie fan Kurosawa syn Yojimbo, dat trouwens sels wer ynspirearre wie troch de Amerikaanske dektetiveroman Red Harvest, fan Daniel Hammett. Neffens Kurosawa syn eigen sizzen waard hy ek wer beynfloede troch Amerikaanske westerns, benammen dy fan John Ford, en wie der dus sprake fan in wikselwurking.

 
De Kanadeeske akteur Lorne Greene, hjir mei aktrise Diane Baker, wie ien fan 'e stjerren fan 'e tillefyzjesearje Bonanza.

Yn 'e fyftiger jierren, doe't it medium tillefyzje trochtocht naam, kaam de westerntillefyzjesearje op. Dat begûn mei it útstjoeren fan westernfilms, dy't geregeldwei werhelle waarden. Doe't dúdlik waard dat dêrmei net oan 'e fraach foldien wurde koe, sette Hollywood útein mei it meitsjen fan westernferfolchferhalen, spesjaal foar op tillefyzje. Westernsearjes kamen sadwaande net streekrjocht fuort út 'e westernliteratuer, mar wiene ôflaat fan westernfilms. Tusken rûchwei 1955 en 1975 waarden der in stikmannich tige populêre westernsearjes makke, lykas Gunsmoke (1955-1975), Maverick (1957-1962), Rawhide (1959-1965), Bonanza (1959-1973), The Big Valley (1965-1969), en Alias Smith and Jones (1971-1973).

Yn 1959 wiene der op 'e Amerikaanske tillefyzje 26 ferskillende fan sokke searjes te sjen. Mei't troch de almar gruttere profesjonaliteit ek de produksjekosten tanamen, gie men yn 'e iere jierren sechtich foar it meastepart oer fan ôfleverings fan in healoere nei ôfleverings dy't in hiele oere duorren, en dy't hieltyd faker yn kleur útstjoerd waarden. Tsjin 'e midden fan 'e santiger jierren rekken de westernsearjes yn it neigean om't it publyk der op útsjoen rekke en de sjochsifers sadwaande omleech giene. Ien fan 'e lêste langrinnende westernsearjes wie The Little House on the Prairie (1974-1982), dat eins likefolle skaaimerken fan in soapsearje as fan in western hie.

 
Aktrise Jane Seymour, dy't de haadrol spile yn 'e tillefyzjesearje Dr. Quinn, Medicine Woman.

Neitiid wiene der periodyk noch wat oplibbings fan it westerntillefyzjesjenre, lykas yn 'e foarm fan 'e rige Dr. Quinn, Medicine Woman (1993-1998), mei aktrise Jane Seymour yn 'e haadrol, oer in froulike dokter dy't út it Easten wei nei it Wylde Westen ta reizget om dêr in praktyk te begjinnen. De Amerikaanske betelstjoerder HBO stjoerde fan 2004 oant 2006 de searje Deadwood út, dy't loovjende kritiken krige. Fieders wiene der noch ferskate minysearjes, lykas Lonesome Dove (1989), in ferfilming fan it boek mei deselde namme fan Larry McMurtry, mei Robert Duvall en Tommy Lee Jones yn 'e haadrollen, en Son of the Morning Star (1991), oer de Slach oan de Little Bighorn, wêryn't de Amerikaanske kavalery tepletterjend ferslein waard troch de Yndianen.

 
Great Canyon of the Sierra, Yosemite, troch Thomas Hill, út 1872.

Ut 'e westernliteratuer kaam fierders ek de western as stripferhaal fuort, dat in tige populêr stripsjenre wie, benammen tusken likernôch 1947 en 1967. Sa brocht stripgigant Marvel Comics bygelyks striprigen út as Kid Colt Outlaw (1949-1967), Rawhide Kid (1955-1957 en 1960-1979), Two-Gun Kid (1948-1962) en Marvel Wild Western (1948-1957). Oare populêre Amerikaanske striprigen wiene All-Star Western (1951-1961) en Western Comics (1948-1961) fan DC Comics, en Billy the Kid (1957-1983) en Cheyenne Kid (1957-1973) fan Charlton Comics. Yn Jeropa is de bekendste westernstrip fansels Lucky Luke, mei as haadpersoan de cowboy mei deselde namme, "de man dy't flugger sjit as syn skaad". Dizze strip waard tekene troch de Belgyske striptekener Morris (wiere namme: Maurice De Bevere), fan 1946 oant syn dea yn 2001. Neitiid is it wurk oernommen troch de Frânske striptekener Achdé, sadat de rige noch altiten fuortset wurdt.

Der bestiet ek in foarm fan byldzjende keunst dy't referearret oan it Wylde Westen, en dy't soms oantsjut wurdt as western art. Ta dit sjenre keunst hearre skilderijen en byldhouwurken, en soms wurde de produkten fan tradisjonele Yndiaanske ambachten der ek ta rekkene. Wat de skilderkeunst oanbelanget moatte beslist keunstskilders as C.M. Russell, Frederic Remington en Thomas Hill neamd wurde. Fierders is it westernsjenre adaptearre ta in ferskaat fan media, lykas kompjûter- en fideospultsjes, anime, role-playing games, harkspullen op 'e radio en toaniel.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.