Young Guns (film)
Young Guns is in Amerikaanske biografyske westernfilm út 1988 ûnder rezjy fan Christopher Cain, mei yn 'e haadrollen Emilio Estevez, Kiefer Sutherland en Lou Diamond Phillips. De titel betsjut letterlik "Jonge Gewearen", mar young gun is yn it Ingelsk in oantsjutting foar in jong persoan dy't it ûntbrekt oan ûnderfining en dy't dêrom domdryst te wurk giet. It ferhaal is in werfertelling fan 'e aventoeren fan 'e bandyt Billy the Kid en syn selskipslju ûnder de Prêrjeoarloch fan Lincoln County, dy't yn 1877 en 1878 yn Nij-Meksiko plakfûn. Histoarikus Paul Hutton neamde Young Guns yn 1990 de meast histoarysk akkurate fan alle ferfilmings fan it libben fan Billy the Kid. De film krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie likegoed kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. Yn 1990 kaam der in ferfolch út, Young Guns II.
Young Guns | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Christopher Cain | |
produsint | Christopher Cain John Fusco James G. Robinson Joe Roth Paul Schiff Irby Smith | |
senario | John Fusco | |
kamerarezjy | Dean Semler | |
muzyk | Anthony Marinelli Brian Banks | |
filmstudio | Morgan Creek Productions | |
distribúsje | 20th Century Fox (Noard-Am.) Vestron Pictures (ynternasjonaal) | |
spilers | ||
haadrollen | Emilio Estevez Kiefer Sutherland Lou Diamond Phillips | |
byrollen | Charlie Sheen Dermot Mulroney Casey Siemaszko Jack Palance Terence Stamp Alice Carter Terry O'Quinn | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 12 augustus 1988 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | biografyske western | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 103 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $11 miljoen | |
opbringst | $45,7 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Young Guns | |
● folgjend diel | Young Guns II |
Plot
bewurkje seksjeJohn Tunstall, in hear fan Ingelsk komôf dy't yn Lincoln County yn it Territoarium Nij-Meksiko in ranch begûn is, hiert jongemannen dy't op it ferkearde paad driigje te reitsjen yn om as cowboys foar him te wurkjen. Hy biedt harren net inkeld in fêste baan en in kâns om har libbens wer op 'e rails te krijen, mar ek ûnderwiis, mei't er derop stiet en lear harren yn 'e jûnsoeren om te lêzen en te skriuwen. Net eltsenien is bliid dat Tunstall him yn Lincoln County nei wenjen set hat. De county wurdt behearske troch in kliber korrupte ranchers en sakelju ûnder lieding fan Tunstall syn konkurrint Lawrence Murphy. Dyselde hat as etnyske Ier in grouwéligen hekel oan Ingelsen (dy't ommers syn bertelân iuwenlang oerhearske hawwe). Dat komt nochris boppe-op syn saaklike wjersin tsjin 'e ûnôfhinklike Tunstall. De spannings tusken de beide mannen boazje stadichwei fierder oan.
Op in dei sjocht Tunstall by in besyk oan Lincoln dat de mannen fan sheriff William J. Brady, dy't op 'e leanlist fan Murphy stiet, efter in jongeman oan sitte. It is in William H. Bonney, dy't troch Tunstall it stedsje útsmokkele en neitiid oannommen wurdt as cowboy. Bonney, dy't letter bekend komme sil te stean as Billy the Kid, jout him op 'e ranch fan Tunstall by de oare jonge cowboys: Doc Scurlock, Richard M. Brewer, José Chavez y Chavez, "Dirty Steve" Stephens en Charlie Bowdre. Letter jout ek in J. McCloskey him by harren, dy't troch Murphy ûntslein is. Tunstall is in goede ynfloed op 'e ûnberekkenbere Billy, dy't er safier besiket te krijen dat er alle geweld ôfswart.
Op âldjiersjûn geane Tunstall en de jonges nei in fiering yn 'e neite fan Lincoln, dêr't de cowboys dûnsje mei de pleatslike famkes. Doc Scurlock lit syn each falle op in tsjep Sineesk fanke yn it selskip fan Lawrence Murphy, dat Yen Sun. Hja fertelt him dat Murphy har fâd is. Murphy stiet harren ta mei-inoar te dûnsjen oant er foar it ferstân kriget dat Doc ien fan Tunstall syn cowboys is; dan makket er gau in ein oan 'e wille. Underwilens beriede Tunstall en de pasifistyske pleatslike abbekaat Alexander McSween har op juridyske stappen tsjin Murphy en dy syn sakepartner James Dolan. McSween fertelt Tunstall dat se net nei gûverneur Axtell hoege te gean, mei't dy al troch Murphy-en-dy omkocht is. Doc heart letter fan McSween dat Yen Sun eins Murphy syn konkubine is, mei't er har by wize fan "skeafergoeding" yn beslach nommen hat nei't har mem, in Sineeske waskfrou, by ûngemak ien fan syn oerhimden bedoarn hie.
De oare moarns, as Tunstall en syn cowboys by moarnsdage ûnderweis werom nei harren ranch binne, wurde se byhelle troch in grutte kloft fan Murphy syn trewanten, dy't de efteroan ridende Tunstall koelbloedich deasjitte. De cowboys hawwe gjin oare kar as foar de oermacht út te piken. Letter oerlizze se mei McSween. Dyselde set rjochter John B. Wilson ûnder druk om 'e jonges te beëdigjen ta bûtengewoane plysjeminsken, want sy binne de iennichsten dy't it tsjin Murphy-en-dy yn 'e kant doare op te setten. De sân jonges krije sadwaande in sheriffsstjer opspjelde en arrestaasjebefellen útrikt foar de moardners fan Tunstall. Hja neame harsels de Regulators en oanfurdzje Richard Brewer as har lieder.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
De Regulators spoare yn in ôfhandige kroech ien fan 'e dieders fan 'e moard op, in Henry Hill. Brewer begiet de flater om Billy de Kid efter de man oan te stjoeren. Ynstee dat er him besiket te arrestearjen, sjit Billy him fuortendaliks dea. Dat liedt ta in sjitpartij tusken de Regulators en de oare besikers fan 'e kroech, wêrby't noch fiif man de dea fine. De Regulators witte fierhinne ûnskansearre fuort te kommen. Sûnder de bedimjende ynfloed fan Tunstall ûntpoppet Billy him ta in psychopaat dy't nocht hat oan deadzjen, en dy't fan miening is dat er no it rjocht oan syn kant hat om dat te dwaan. De Regulators spoare yn 'e wyldernis noch twa fan Murphy syn mannen op en hâlde harren oan. Brewer wol harren oerdrage oan sheriff Brady, mar Billy wiist derop dat se dan daliks wer frijlitten wurde sille, mei't de sheriff sels ien fan Murphy syn mannen is.
Yn 'e diskusje dy't dan folget, wikselet McCloskey in blik út mei ien fan 'e finzen nommen mannen en stelt dan krekt as Brewer foar om nei Lincoln te gean, mar fia in oare rûte. Billy fangt de blik op en, paranoïde as er is, rekket er der daliks fan oertsjûge dat McCloskey in ferrieder is dy't foar Murphy wurket en dy't de Regulators yn in mûklaach rinne litte wol. Nei in heechoprinnend skeel sjit er him dea, en as de beide finzenen dan besykje te ûntsnappen, wurde dy ek deasketten. De argewaasje fan Brewer oer de opstelling fan Billy wurdt noch grutter as er yn 'e krante lêst dat de Regulators oanfierd wurde troch Billy the Kid, wêrby't in tekening stiet dy't dúdlik syn eigen likenis sjen lit. Ek lêze de Regulators yn 'e krante dat gûverneur Axtell nei alle bloedferjitten de jildigens fan harren plysjefoech ynlutsen en in preemje op har hollen set hat.
Ien fan Murphy syn trewanten dy't ek as preemjejager wurket, in taaie bizonjager dy't Buckshot Roberts hjit, spoart de Regulators op mei de bedoeling om harren dea te sjitten en de preemjes te ynkassearjen. Hy barrikadearret him yn in bûtendoarhúske. By in ferheftige sjitpartij komt Brewer om. Billy the Kid nimt daliks de lieding oer de Regulators oer, dy't no noch mar mei har fiven binne. Se ride nei Lincoln, dêr't Billy sheriff Brady mei syn eigen revolver deasjit omreden fan syn belutsenens by de moard op Tunstall. Neitiid moatte se wer flechtsje. Se bejouwe har nei McSween, dy't seit dat er harren no net mear helpe kin om't se der sa'n potsje fan makke hawwe dat it net mear te behimmeljen is. Fan him hearre de Regulators dat gûverneur Axtell, ûnder de korrupte ynfloed fan Murphy, no sels it Amerikaanske Leger ynskeakele hat om harren op te pakken.
Doc ferlit de Regulators, sabeare om 'e ferwûnings fersoargje te litten dy't er yn it gefjocht mei Roberts oprûn hat. Eins slûpt er by nacht de sliepkeamer fan Yen Sun yn 'e wente fan Murphy binnen, om te besykjen en bepraat it fanke om mei him út te piken. Hja is benaud foar him nei alle grizelferhalen dy't Murphy oer de Regulators ferteld hat, mar Doc leit har út dat Murphy hjir de wiere grizel is. Dêrop fertelt se him dat se in plak fûn hat dêr't se nedich is, mar Doc antwurdet dat Murphy har skoan misse kin, mar dat hy, Doc, net sûnder har kin. Dan protestearret se dat se ûnrein is nei wat Murphy har dwaan litten hat, mar Doc fertelt har dat Tunstall him leard hat dat jins ferline rommel is dat men fuortsmite kin, om dêrnei gewoan wer mei in skjinne laai te begjinnen. Ear't Yen Sun út 'e rie komme kin, wurde se ûnderbrutsen troch Murphy en moat Doc sjen dat er fuortkomt. Hy wie eins fan doel om mei Yen Sun út te naaien, mar nei dizze mislearring keart er wer by de oare Regulators werom.
As se yn it wyldlân ynsletten driigje te reitsjen troch Murphy syn mannen, de preemjejager John Kinney en syn trewanten en de Amerikaanske kavalery, dy't harren fan trije kanten yn 'e benearing bringe, liedt de Navaho-Yndiaan José Chavez y Chavez harren troch in Yndianereservaat hinne om te ûntkommen. Neitiid sykje se in skoftke beskûl oer de grins yn Meksiko, dêr't Charlie Bowdre mei in Meksikaansk fanke trout. Pat Garrett, dy't deroer tinkt om himsels ferkiesber te stellen foar it amt fan sheriff fan Lincoln County, no't Brady dea is, siket Billy the Kid yn Meksiko op en fertelt him dat Murphy-en-dy fan doel binne om McSween en dy syn frou Susan te fermoardzjen. Dêrop sette de Regulators ôf nei Lincoln om harren freon te rêden.
Yn Lincoln by de wente fan 'e McSweens oankommen, docht lykwols bliken dat it in falstrik is om alle tsjinstanners fan Murphy byinoar te krijen, sadat yn ien kear mei harren ôfweefd wurde kin. It hûs wurdt belegere troch in grutte kloft fan Murphy syn mannen, ûnder lieding fan George W. Peppin, dêr't ek Kinney-en-dy har by jûn hawwe. Der folget in sjitpartij dy't in protte skea oanrjochtet, mar nearne ta liedt. De sitewaasje rekket yn in ympasse en in sliepeleaze nacht giet foarby. De oare moarns ier arrivearret in ienheid fan 'e de Amerikaanske kavalery ûnder lieding fan kolonel Dudley. As Murphy sels del komt om it spul ris oer te eagjen, skuort Yen Sun har fan him los en ûntwykt alle belegerders om nei it hûs te draven, dêr't se har by Doc jout. McSween beävensearret dat Susan út it hûs evakuëarre wurde mei. Net folle letter merke Billy-en-dy op dat Chavez y Chavez temûk útpykt is.
As Murphy syn mannen it hûs fan McSween yn 'e brân stekke, barst de sjitpartij fannijs los. Billy, Charlie, Steve en Doc mei Yen Sun besykje út te brekken, en Chavez y Chavez komt harren te pearde yn 'e mjitte mei in stikmannich hynders oan it heltertou. Hoewol't Billy ferwûne rekket, wit er op in hynder te kladderjen. Dat slagget Doc en Yen Sun ek, mar Steve en Charlie wurde deade, hoewol't Charlie mei syn lêste siken de freze preemjejager John Kinney noch deasjit. Billy, Doc mei Yen Sun efterop en Chavez y Chavez witte te ûntkommen. As McSween neitiid sûnder wapens, mar mei in wite flagge út 'e hûs komt, wurdt er trochsingele troch in Gatling gun fan it leger. Murphy fiteret syn mannen oan om efter Billy, Doc en Chavez y Chavez oan, mar dan komt Billy werom om 'e hoeke fan in hûs dêr't er omhinne ferdwûn wie en sjit Murphy dwers troch foarholle, dat er it bestjert.
In voice-over fertelt wat der neitiid barde: Susan McSween soarge foar in ûndersyk nei de Prêrjeoarloch fan Lincoln County troch it Amerikaanske Kongres, as gefolch wêrfan't gûverneur Axtell ôftrede moast en Doolan en Murphy syn oare bûnsgenoaten ûnder fuotten helle waarden. Sels waard se in súksesfol rancher. Chavez y Chavez ried nei Kalifornje, feroare syn namme en naam wurk oan op in túnkerij. Doc naam Yen Sun, har mem en har fjirtjin bruorren en susters mei werom nei it Easten om dêr in nij libben op te bouwen. Billy the Kid gie troch op syn ynsleine paad as bandyt, oant er deasketten waard troch Pat Garrett en njonken Charlie Bowdre yn Fort Sumner begroeven waard. Op in lette jûn, ûnder dekking fan it nachtlik tsjuster, gloep in ûnbekende it begraafplak binnen en skraste ien wurd yn 'e grêfsark fan Billy the Kid: "Freonen".
Rolferdieling
bewurkje seksje- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Billy the Kid | Emilio Estevez |
Doc Scurlock | Kiefer Sutherland |
José Chavez y Chavez | Lou Diamond Phillips |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Richard M. Brewer | Charlie Sheen |
"Dirty Steve" Stephens | Dermot Mulroney |
Charlie Bowdre | Casey Siemaszko |
Lawrence Murphy | Jack Palance |
John Tunstall | Terence Stamp |
Yen Sun | Alice Carter |
Alexander McSween | Terry O'Quinn |
Susan McSween | Sharon Thomas |
J. McCloskey | Geoffrey Blake |
Buckshot Roberts | Brian Keith |
Pat Garrett | Patrick Wayne |
Texas Joe Grant | Tom Callaway |
Mallory | Lisa Banes |
William Morton | Sam Gauny |
Frank Baker | Cody Palance |
Henry Hill | Gadeek |
rjochter John B. Wilson | Victor Izay |
John Kinney | Allen Robert Keller |
George W. Peppin | Craig M. Erikson |
James Dolan | Jeremy H. Lepard |
sheriff William J. Brady | Daniel Kamin |
fanke yn saloon | Richela Renkun |
Janey | Pat Lee |
kolonel Dudley | Gary Kanin |
Produksje en distribúsje
bewurkje seksjeProduksje
bewurkje seksjeYoung Guns waard regissearre troch Christopher Cain nei in senario fan John Fusco. As produsinten wiene Cain sels, Fusco, James G. Robinson, Joe Roth, Paul Schiff en Irby Smith by it projekt belutsen foar de filmstudio Morgan Creek Productions. Foar de film wie in budget beskikber fan $11 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dean Semler, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Anthony Marinelli en Brian Banks. De opnamen fûnen yn 1987 plak op lokaasje yn Nij-Meksiko.
Distribúsje
bewurkje seksjeDe distribúsje fan Young Guns waard yn 'e Feriene Steaten en Kanada fersoarge troch 20th Century Fox en bûten Noard-Amearika troch Vestron Pictures. De film gie op 12 augustus 1988 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. Young Guns waard op 4 jannewaris 1989 útbrocht as VHS-keapfideo en kaam op 22 april 2003 foar it earst út op dvd.
Historisiteit
bewurkje seksjeHistoarisy lykas Paul Hutton ornearren dat Young Guns, hoewol't de film beslist gjin sekuere werfertelling is fan 'e Prêrjeoarloch fan Lincoln County en it oanpart dat Billy the Kid yn dat konflikt hie, de wierheid in stik deuner benei komt as de foargeande films oer dat ûnderwerp. Fral de relaasje tusken John Tunstall en Lawrence Murphy wurdt neffens de saakkundige yn Young Guns (krekt as yn Chisum) histoarysk sekuer werjûn, en datselde jildt foar de moarden troch Billy the Kid op Henry Hill en J. McCloskey. Ek de portrettearring fan Doc Scurlock, José Chavez y Chavez, Richard M. Brewer en Charlie Bowdre yn Young Guns, dy't yn eardere ferfilmings fan it ferhaal weilitten waarden, koe rekkenje op lof fan histoarisy, wylst se it ûntbrekken fan John Chisum yn 'e film dan wer opmerklik fûnen.
Untfangst
bewurkje seksjeFan 'e filmkritisy krige Young Guns mingde resinsjes. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Young Guns in ûndergemiddeld goedkarringspersintaazje fan 41%, basearre op 37 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] driuwt in posse fan oantreklike jonge haadrolspilers gear, mar dizze fleurich opperflakkige Brat Pack-western is úteinlik tefolle hoed en net genôch fee*." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Young Guns in goedkarringspersintaazje fan 50%, basearre op 13 resinsjes.
*) To be all hat and no cattle ("Ien en al hoed mar gjin fee wêze") is in Teksaansk sprekwurd foar immen dy't de saken moaier foarstelt as se binne of de die net by it wurd foeget.
Resultaat
bewurkje seksjeYoung Guns kaam allinne yn 'e Feriene Steaten en Kanada yn 'e bioskopen út en behelle dêr in opbringst fan $45,7 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $11 miljoen betsjut dat in winst fan $34,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
Ferfolchfilm
bewurkje seksjeIt súkses fan Young Guns late ta de produksje fan in (minder histoarysk akkurate) ferfolchfilm, Young Guns II, dy't yn 1990 útkaam.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |