Territoarium Nij-Meksiko

It Territoarium Nij-Meksiko (Ingelsk: Territory of New Mexico of ek wol New Mexico Territory) wie in organisearre territoarium fan 'e Feriene Steaten dat 62 jier bestie, fan 1850 oant 1912. It ûntstie as gefolch fan 'e territoriale oanwinsten yn it Amerikaanske Súdwesten dy't fuortkamen út 'e Amerikaanske oerwinning yn 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch. It territoarium wie yn 't earstoan folle grutter as de lettere Steat Nij-Meksiko; it omfette ek de hiele lettere steat Arizona en dielen fan 'e steaten Nevada en Colorado. Lang om let waard it yn 1912 omfoarme ta in folweardige Amerikaanske steat.

Territoarium Nij-Meksiko
Territory of New Mexico
1850 – 1912
flagge wapen
geografyske lokaasje
polityk
haadstêd Santa Fe
offisjele taal Ingelsk
steatsfoarm organisearre territoarium      
   fan de Feriene Steaten
ûntstien út Am. prov. bestjoer
            fan Nij-Meksiko

Republyk Teksas
opgien yn Territoarium Arizona
Territoarium Colorado
Steat Nevada
Steat Nij-Meksiko
no diel fan Arizona
Colorado
Nevada
Nij-Meksiko
sifers
ynwennertal   61.547 (1850)
327.301 (1910)
befolkingstichtens 1,0 / km² (1910)
oerflak 315.194 km² (1863-1910)
bykommende ynformaasje
muntienheid Amerikaanske dollar

Foarskiednis

bewurkje seksje

Under de Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch (1846-1848) waard wat neitiid it Amerikaanske Súdwesten wurde soe, troch de Feriene Steaten ferovere op Meksiko. Foartiid foarme dat gebiet de Meksikaanske steat Santa Fe de Nuevo México. Al yn 1846 stelden de Amerikanen in provisjoneel regear foar Nij-Meksiko yn, hoewol't de grinzen fan it gebiet op dat stuit noch frijwat dizenich wiene. Yn 1848, oan 'e ein fan 'e oarloch, stie Meksiko it gebiet by it Ferdrach fan Guadalupe Hidalgo formeel oan 'e Feriene Steaten ôf.

Yn 1850 waard troch in kloft foaroansteande ynwenners fan Nij-Meksiko foarsteld om it gebiet ta in folweardige steat fan 'e Amerikaanske Uny te meitsjen. Hja stelden in steatsgrûnwet op dy't it near lei op slavernij en de sloegen grinzen foar dy't yn it westen oan Kalifornje ta rikten en yn it noarden en noardeasten oan 'e rivier de Arkansas ta. Dêrmei soene ek de hjoeddeistige Teksaanske panhandle en de panhandle fan Oklahoma ta Nij-Meksiko komme te hearren, krekt as hiel Arizona en dielen fan wat no de steaten Kansas, Colorado en Utah binne. Dit plan waard it near op lein troch Teksas, dat yn 1845 in Amerikaanske steat wurden wie, mei't it oanspraak makke op in grut part fan itselde gebiet (hoewol't it dat net behearske). Dêropta kanten ek de slavehâldende steaten fan it Amerikaanske Suden har der tsjinoan, dy't it ynstitút fan 'e slavernij fierder nei it westen ta útwreidzje woene.

Uteinlik waard tusken de slavesteaten fan it Suden (dêr't ek Teksas ta hearde) en de frije steaten fan it Noarden it Kompromis fan 1850 sletten. Ien fan 'e gefolgen dêrfan wie dat de ynwenners fan Nij-Meksiko de folweardige status fan steat foar harren gebiet foarearst ûnder de skuonsoallen skriuwe koene. Ynstee waard it Territoarium Nij-Meksiko oprjochte, wêrfan't de grinzen dúdlik fêstlein waarden. De panhandles fan Teksas en Oklahoma en de (lettere) dielen fan Kansas en Utah giene dêrmei foar Nij-Meksiko ferlern. Oan 'e oare kant moast Teksas in grins akseptearje dy't folle eastliker lei as de Rio Grande, dy't it tradisjoneel as syn westgrins sjoen hie.

Nij-Meksiko yn it Antebellum

bewurkje seksje

It Territoarium Nij-Meksiko ûntstie op 9 septimber 1850. It bestie doe út wat letter de steaten Nij-Meksiko en Arizona wurde soene, minus it uterste súdwesten fan Nij-Meksiko en it súdlike trêdepart fan Arizona, dat op dat stuit noch ta Meksiko hearde. Oan 'e oare kant waard yn it noardeasten wol in diel fan wat letter Colorado wurde soe, ta it nije territoarium rekkene, en itselde gou yn it westen foar de súdlike punt fan it lettere Nevada.

De status fan it territoarium oangeande slavernij wie yn 't earstoan ûndúdlik. Meksiko hie yn 1834 de slavernij ôfskaft, en dat wie dus ek bard yn Nij-Meksiko, dat doe noch diel fan Meksiko wie. Dêrby spile ek in rol dat der earder dochs ek al amper slavernij yn Nij-Meksiko foarkommen wie, om't it klimaat him dêr net liende foar it opsetten fan plantaazjes. Abolisjonisten yn it Amerikaanske Kongres, lykas Abraham Lincoln, wiene fan miening dat de Meksikaanske wetten op dat stik foarrang krije moasten boppe de Amerikaanske en dat Nij-Meksiko dus in frij territoarium wurde moast. Kongresleden út it Suden woene dêr neat fan witte. Nettsjinsteande dy ûnienichheid soarge it klimaat derfoar dat der ek ûnder Amerikaansk bestjoer frijwol gjin slavernij wie yn Nij-Meksiko en it tal negerslaven wie yn it hiele territoarium nea grutter as tolve of dêromtrint.

 
De ferskillende ferdielings fan it Territoarium Nij-Meksiko ûnder de Amerikaanske Boargeroarloch.

As ien fan 'e lêste prebearsels om 'e Amerikaanske Boargeroarloch tusken it Noarden en it Suden foar te kommen, waard yn desimber 1860 troch in kommisje fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen foarslein om Nij-Meksiko fuortendaliks as slavesteat yn 'e Amerikaanske Uny op te nimmen. Dat wie foar de fertsjintwurdigers fan 'e Súdlike steaten lykwols te min en te let, mei't de measten fan harren it Kongres doe al ferlitten hiene yn tarieding op 'e ôfskieding fan harren thússteaten fan 'e Feriene Steaten.

Nij-Meksiko ûnder de Boargeroarloch

bewurkje seksje

Under de Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) spile Nij-Meksiko in lytse rol yn it front bewesten de Mississippy, om't de Súdlike Konfederearre Steaten fan Amearika oanspraak makken op 'e súdlike helte fan it Territoarium Nij-Meksiko (in gebiet dat oan 'e grins fan Kalifornje ta rikte). De Konfederaasje besocht dêr in eigen territoarium te foarmjen, dat Arizona komme moast te hjitten (net te betiizjen mei it lettere Amerikaanske territoarium mei dyselde namme).

Under de ambisjeuze Nij-Meksikokampanje foelen Konfederearre troepen út Teksas ûnder lieding fan generaal Henry Hopkins Sibley it gebiet begjin 1862 binnen. Koarte tiid letter waard dat leger lykwols yn noardlik Nij-Meksiko nei de Slach by Glorieta Pass twongen ta in weromtocht, wêrby't ûnderweis werom nei Teksas yn april by Albuquerque in efterhoedegefjocht plakfûn mei Noardlike troepen ûnder kolonel Edward R.S. Canby, dat bekend kaam te stean as de Slach by Albuquerque. Hoewol't Nij-Meksiko dêrnei beset holden waard troch Noardlike troepen út Colorado en Kalifornje, holden de Súdliken oan mei fanút Teksas yn it gebiet te operearjen, en guon Konfederearre legerienheden fierden oant de ein fan 'e Boargeroarloch de flagge fan it Konfederearre Territoarium Arizona. Dêrfoaroer stie dat sa'n 8.000 man út Nij-Meksiko ûnder de Boargeroarloch yn it Noardlike Leger tsjinnen.

 
De Oankeap fan Gadsden (giel) n 1853.

Territoriale ûntjouwing

bewurkje seksje

De earste feroaring fan 'e grinzen fan 1850 fan it Territoarium Nij-Meksiko foel foar yn 1853, doe't mei de Oankeap fan Gadsden in mânsk gebiet fan 76.800 km² fan Meksiko oankocht waard dat nedich wie foar de oanlis fan in spoarline. In lyts stikje dêrfan kaam letter ta de steat Nij-Meksiko te hearren, mar de krite dy't yn 'e Amerikaanske hannen kaam troch de Oankeap fan Gadsden foarmet tsjintwurdich fral it súdlike trêdepart fan 'e steat Arizona. Op 28 febrewaris 1861 waard it Territoarium Colorado oprjochte mei deselde grinzen dy't de Steat Colorado letter krije soe. Dat betsjutte dat Nij-Meksiko it útstykjende diel fan syn gebiet yn it noardeasten ferlear. Under de Boargeroarloch besleat it Amerikaanske Kongres op 24 febrewaris 1863 ta de oprjochting fan in Territoarium Arizona, wêrmei't it Territoarium Nij-Meksiko likernôch midstwa skuord waard: de westlike helte waard Arizona en de eastlike helte bleau Nij-Meksiko. Ta it nije Arizona hearde yn 't earstoan ek in nei it westen ta útstykjende punt yn it noardwesten, in gebiet dat lykwols yn 1864 oerdroegen waard oan 'e Steat Nevada. Sa hie it Territoarium Nij-Meksiko yn 1863 de grinzen krigen dy't de lettere steat mei deselde namme ek hawwe soe.

Lettere skiednis

bewurkje seksje

Yn 'e desennia nei de Amerikaanske Boargeroarloch wie it Territoarium Nij-Meksiko lange tiid in tige wyld diel fan it Wylde Westen, dêr't cowboys harren keppels kij dreaune, korrupsje wielderich tierde en banditen harren misdriuwen begiene. Ien fan 'e grutste en bekendste útbarstings fan geweld wie de Prêrjeoarloch fan Lincoln County, dêr't yn 1877 en 1878 teminsten 23 minsken by omkamen. Dat wie ek it konflikt wêryn't de ferneamde bandyt Billy the Kid syn reputaasje fêstige, dy't yn 1881 troch sheriff Pat Garrett deasketten waard.

Nei in bestean fan 62 jier krige Nij-Meksiko op 6 jannewaris 1912 einlings en te'n lêsten de status fan folweardige Amerikaanske steat. It gebiet trêde doe as de 47e steat ta de Amerikaanske Uny ta.

It Territoarium Nij-Meksiko hie de status fan in organisearre territoarium fan 'e Feriene Steaten. It wie dêrmei in gebiet ûnder Amerikaanske soevereiniteit dat net binnen de grinzen fan in Amerikaanske steat lei, mar wol in eigen regear hie dat oprjochte wie troch in wet fan it Amerikaanske Kongres. De gûverneur fan it Territoarium Nij-Meksiko waard beneamd troch de Amerikaanske presidint, oars as it gefal wie mei folweardige steaten; dêr wurdt de gûverneur by in ferkiezing keazen troch it elektoraat.

Neffens de folkstelling fan 1850 hie it Territoarium Nij-Meksiko doe 61.547 ynwenners. Yn 1910 wie it ynwennertal oprûn ta 327.301. Ofset tsjin in oerflak fan 315.194 km² bedroech de befolkingstichtens dêrmei yn 1910 1,0 persoan de km². Tink derom: de ferliking fan 'e sitewaasjes yn 1850 en 1910 lit frijwat in fertekene byld sjen om't it territoarium yn it earste jier noch twaris sa grut wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.