Billy the Kid (Ingelsk foar "Billy de Jonge" of "Billy it Jonkje"), berne as William Henry McCarty jr. en ek bekend as William H. Bonney, Henry McCarty en Henry Antrim (New York, 23 novimber 1859Fort Sumner (Nij-Meksiko), 14 july 1881), wie in njoggentjinde-iuwsk Amerikaansk bandyt fan etnysk Iersk komôf. Hy wie in cowboy en revolverman dy't him oerjoech oan moard en dieverij en dêrmei in plak yn 'e Amerikaanske folkloare ferovere as ien fan 'e grutte nammen út 'e tiid fan it Wylde Westen. Hy waard bekend troch syn dielname oan 'e Prêrjeoarloch fan Lincoln County. Neffens de leginde soe Billy the Kid 21 manlju deamakke hawwe, mar histoarisy hâlde it derop dat dat oantal flink leger lei, tusken fjouwer en njoggen. Troch syn garismatyske persoanlikheid en altyd kibich klaaide foarkommen brocht er it, nettsjinsteande syn misdieden, ta de status fan folksheld.

Billy the Kid
De iennichste bekende foto fan Billy the Kid.
De iennichste bekende foto fan Billy the Kid.
persoanlike bysûnderheden
echte namme berne William Henry McCarty jr.
oare namme William H. Bonney
Henry McCarty
Henry Antrim
Kid Antrim
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 23 novimber 1859
berteplak New York (New York)
stoarn 14 july 1881
stjerplak Fort Sumner (Nij-Meksiko)
etnisiteit Iersk
wurkpaad
berop/amt cowboy, revolverman
aktyf as moardner, dief
reden
  bekendheid
ien fan 'e bekendste banditen
   fan it Wylde Westen

Komôf en iere jonkheid

bewurkje seksje

Neffens Michael Wallis en Robert M. Utley, dat foaroansteande histoarisy binne dy't har spesjalisearre hawwe yn 'e skiednis fan it Wylde Westen, waard Billy the Kid yn 1859 berne yn in troch Ierske ymmigranten bewenne folksbuert fan Manhattan yn New York. Oare bertedata wurde ek neamd, mei as lêste earne yn 1861. It is ûndúdlik wa't syn biologyske heit wie. Patrick Henry McCarty, Michael McCarty, William McCarty en Edward McCarty binne allegear as sadanich neamd. Syn mem hiet Catherine McCarty, mar saakkundigen binne it der noch altyd net oer iens oft McCarty no har troude efternamme of har famkesnamme wie. As it har famkesnamme wie, is it mooglik dat hja troud wie mei in William Bonney, mei't Bonney de efternamme wie dy't Billy the Kid letter foar himsels oannaam. It tinken is yn elts gefal dat hja mids njoggentjinde iuw op 'e flecht foar de Ierske Jirpelhongersneed nei de Feriene Steaten emigrearre.

Billy the Kid hie in (wierskynlik jongere) broer of healbroer dy't Joseph hiet. Yn 1868 wie Catherine McCarty mei har beide jonge soannen ferfearn nei Indianapolis, dêr't se de jongere William Antrim mette, mei wa't se tolve jier skeelde. Nei't se al in hoart gearwenne hiene wylst se om it hoartsje ferhuzen, trouden McCarty en Antrim yn 1873 mei-inoar yn Santa Fe, yn it doetiidske Territoarium Nij-Meksiko. Dêrnei setten se har nei wenjen yn Silver City, dat in eintsje fierder súdlik leit. Antrim wurke as timmerman en barkeeper, mar wie ek gokker en goudsiker, en liket mar komselden thús west te hawwen. Billy the Kid brûkte de efternamme fan syn styfheit mar komselden. Catherine McCarty fertsjinne fierhinne op eigen manneboet de kost foar harsels en har soannen, troch as waskfrou en bakkerinne te wurkjen en lju yn 'e kost te nimmen. Neffens de ferhalen út dy snuorje wie se in fleurich frommes, mar se litte al oan tuberkuloaze doe't se yn Silver City te wenjen kaam. Op 16 septimber 1874 ferstoar hja oan dy sykte.

Billy the Kid wie wierskynlik fjirtjin jier (mar miskien ek noch mar tolve) doe't syn mem weirekke. As weesjonge loek er yn by buorlju dy't in hotel hiene, dêr't er wurke foar kost en ynwenning. Sawol syn wurkjouwer as syn skoalmasters beskreaune him op dy jierren letter as in tige fatsoenlike jonge, dy't sûnder kleien tapakte en nea wat stiel. It hat foar syn biografen dan ek altyd in riedsel west hoe't it net folle letter sa mei him ûntspoare koe. Guon fan harren hawwe wiisd op 'e ferdjerlike ynfloed fan 'e dime novels dy't er graach lies, wêryn't misdie romantisearre waard. Oaren miene dat er troch syn behindige lichemsbou it doelwyt fan narjen troch gruttere en sterkere leeftydsgenoaten waard oant der wat by him knapte.

Iere jierren

bewurkje seksje

Doe't de buorlju by wa't er ynwenne in healjier letter húslike swierrichheden krigen, moast Billy the Kid in oar hinnekommen sykje. Hy triek doe yn in pinsjon en begûn putsjes op te knappen as los arbeider. Yn april 1875 waard er foar it earst arrestearre troch sheriff Harvey Whitehill fan Grant County foar it stellen fan in tsiis. Op 24 septimber fan dat jier waard er fannijs oppakt doe't er yn it besit oantroffen waard fan guon klean en fjoerwapens dy't in oare kostgonger by in Sineeske waskerette stellen hie. Twa dagen nei't er yn 'e sel set wie, ûntsnapte Billy the Kid troch fia de skoarstien nei it dak te klimmen. Fan dy tiid ôf wied er min ofte mear oanhâldend op 'e flecht foar de lange earm der wet. Sheriff Whitehill soe letter sizze dat er de jonge wol lije mocht, en dat syn dieverij mear fuortkaam út behoeftigens as út begearte of boasaardigens.

It is net alhiel dúdlik wat Billy the Kid fuort nei syn ûntsnapping útheefde. Guon ferslaggen wolle hawwe dat er nei ferrin fan tiid wurk fûn as cowboy en/of skieppehoeder yn it súdeasten fan Arizona. Yn elts gefal sette er him yn 1876 nei wenjen yn 'e neite fan Fort Grant, in legerbasis yn Arizona, dêr't er as cowboy op ferskate ranches wurke en it dêrmei fertsjinne jild brûkte om te gokken yn inkele pleatslike kasino's. Yn dyselde snuorje kaam Billy the Kid yn 'e kunde mei John R. Mackie, in Skotske âld-soldaat yn 'e Amerikaanske Leger dy't in skiednis fan kriminaliteit hie. Neffens de ferhalen setten de beide mannen in riskant mar lukratyf hanneltsje fan hynstedieverij op. Billy the Kid rekke doe yn dy kontreien bekend ûnder de skûlnamme Kid Antrim. De bynamme "Kid", dat "jonge" of "jonkje" betsjut, ûntstie neffens syn biograaf Utley troch syn jonge leeftyd, behindige lichemsbou en burdleaze gesicht.

Earste moard en flecht

bewurkje seksje

Yn 1877, doe't er 17 (of mooglik 15) jier âld wie, rekke Billy the Kid yn Fort Grant behelle yn in konflikt mei in Ierske hoefsmid dy't net yn it leger tsjinne, in Frank P. Cahill, dy't "Windy" neamd waard. Cahill soe der in gewoante fan makke hawwe om Billy the Kid te narjen. Op 17 augustus foel er de jonge nei in ferbale konfrontaasje ek fysyk oan, wêrby't er Billy the Kid oer de grûn smiet. Neffens betroubere boarnen fergou dy dat troch Cahill del te sjitten. De smid kaam de deis dêrop oan syn ferwûnings te beswiken. By de lykskôging waard konkludearre dat it om in net te rjochtfeardigjen moard gie, mar guon tsjûgen fan it foarfal seine letter dat Billy the Kid út selsferdigening sketten hie.

Yn elts gefal naam Billy the Kid út eangst foar wraaknimmings troch freonen fan Cahill de wyk nei Nij-Meksiko, dêr't er him te Apache Tejo by de Jesse Evans Binde joech, in groep feedieven dy't de grutte keppels fan feemagnaat John Chisum plonderen. It wie om dy tiid hinne dat er himsels William H. Bonney begûn te neamen, mooglik om efterfolging út Arizona te mislieden. Hy waard lykwols sjoen troch immen út Silver City dy't him koe, en sa waard syn belutsenens by de binde bekend. Letter doek er op by de wente fan in Heiskell Jones, yn 'e Pecosdelling, nei't de Apachen syn hynder stellen hiene. Dêrtroch moast er fier rinne troch ûnherberchsum gebiet om 'e bewenne wrâld te berikken, en doe't er by de famylje Jones oan 'e doar kaam, wied er neffens de ferhalen de dea nei-oan. Frou Jones ferpleegde him oant er wer opbettere. Der ûntjoech him in sterke freonskipsbân tusken Billy the Kid en de Jones', sasear sels dat Heiskell Jones him in hynder joech.

Prêrjeoarloch fan Lincoln County

bewurkje seksje

Yn 1877 ferfear Billy the Kid nei Lincoln County yn Nij-Meksiko, dêr't er oannommen waard foar wurk yn in tsizerij. Fia de eigners fan it bedriuw, Doc Scurlock en Charlie Bowdre, kaam er yn 'e kunde mei Frank Coe, George Coe en Ab Saunders, trije neven dy't in lytse ranch hiene. Nei't er koart op 'e ranch fan Henry Hooker wurke hie, kaam Billy the Kid as cowboy foar de neven te wurkjen. Ein 1877 waard er mei Bowdre, Scurlock, de Coes, Saunders en Richard M. Brewer, de buorman fan 'e trije neven, oannommen as bewekker fan 'e feekeppels fan John Tunstall, in Ingelske rancher, bankier en keapman, en dy syn sakepartner Alexander McSween, dy't doedestiden yn Nij-Meksiko in foaroansteand abbekaat wie.

It bewekjen fan Tunstall syn fee wie nedich wurden troch it útbrekken fan in wapene konflikt dat bekend kommen is te stean as de Prêrjeoarloch fan Lincoln County. Dat spile tusken de konkurrearjende saaklike belangen fan 'e fêstige macht, fertsjintwurdige troch Lawrence Murphy en James Dolan, en de nijynkommelingen Tunstall en McSween. Ear't dy lêste beiden har yn Lincoln County nei wenjen setten, hiene Murphy en Dolan dêre in monopoalje hân op feehannel en detailhannel. Harren wiidfiemjend konglomeraat fan bedriuwen stie bekend as "The House" ("It Hûs"), nei in grutte filla yn Lincoln (Nij-Meksiko), dêr't harren haadkertier fêstige wie. Njonken it feit dat Murphy en Dolan net bliid wiene dat Tunstall en McSween besochten harren monopoalje te trochbrekken, hie it konflikt ek in etnyske komponint: Murphy en Dolan wiene Ieren mei in sterke ôfkear fan Ingelsen lykas Tunstall.

 
John Tunstall, de man waans moard de Prêrjeoarloch fan Lincoln County feroarsake.

Moard op Tunstall en reäksje fan 'e Regulators

bewurkje seksje

De Prêrjeoarloch fan Lincoln County rûn fan dwersbongeljen en narderijen oer en wer út op bloedferjitten doe't Tunstall op 18 febrewaris 1878 njoggen hynders nei Lincoln ta brocht en ûnderweis in posse fan The House tsjinkaam dy't útstjoerd wie om 'e besittings fan McSween skea ta te bringen. De posse bestie út William Morton, Jesse Evans, Tom Hill, Frank Baker en de korrupte sheriff William J. Brady fan Lincoln County, dy't op 'e leanlist fan Murphy en Dolan stie. De leden fan 'e posse besochten it letter foar te stellen as hie Tunstall sels in fjoergefjocht útlokke en hiene sy harren inkeld ferdigene, mar bewiismateriaal op it plak delikt suggerearre dat Tunstall krekt besocht hie in konfontaasje foar te kommen foar't er deasketten wie. Nei't se him fermoarde hiene, skeaten de leden fan 'e posse ek syn hynder dea, mei't Tunstall bekend stie om syn leafde foar hynders.

McSween, dy't in prinsipieel pasifist wie, besocht de moardners fan syn sakepartner oan te pakken fia it rjocht. Fan rjochter John B. Wilson wist er arrestaasjebefellen tsjin harren te bemachtigjen. De cowboys fan Tunstall, dy't troch syn moard ta razernij brocht waarden, foarmen ûnderwilens in eigen posse of binde (ôfhinklik fan hoe't men it besjen wol), en neamden harsels de Regulators. Brewer, Tunstall syn foarman, dy't spesjaal plysjefoech krigen hie om 'e moardners fan Tunstall op te pakken, beëdige de oaren ta syn assistinten. Koart dêrnei waarden Billy the Kid, Richard M Brewer en Fred Waite troch sheriff Brady arrestearre doe't se him in deifurding besochten te bringen. Se fertochten him nammentlik fan mandéligens oan 'e plondering fan 'e winkel fan Tunstall nei dy syn dea.

Plakferfangend U.S. marshal Robert Widenmann foel dêrop mei in detasjemint soldaten it tichthûs fan Lincoln County binnen, dêr't se Billy the Kid, Brewer en Waite frijlieten en harren sipiers, de helpsheriffs fan Brady, sels efter de traaljes setten. Nei't de mannen frijkommen wiene, setten de Regulators mei mannemacht ôf nei de krudenierswinkel fan The House. Dêr kamen se Morton en Baker oer it mad, dy't útnaaiden, mar nei in lange efterfolging op 6 maart finzen nommen waarden. Doe't se dagen letter weromkearden yn Lincoln, rapportearren de Regulators dat Morton en Baker op 9 maart yn 'e neite fan Agua Negra deasketten wiene doe't se op 'e nij besochten te ûntkommen. Neitiid hiene de Regulators ûnderweis werom nei Lincoln ien fan harren eigen mannen, in McCloskey, ombrocht, dy't se derfan fertochten in ferrieder te wêzen.

Underwilens wie, ek op 9 maart, gûverneur Samuel Beach Axtell fan it Territoarium Nij-Meksiko yn Lincoln County arrivearre om ûndersyk te dwaan nei it geweld dêre. Op syn besyk waard er beselskippe troch James Dolan en dy syn sakepartner John Riley, en al rillegau die bliken dat de gûverneur fijannich foar de faksje fan McSween oer stie. De Regulators ferlearen harren plysjefoech en waarden tenei troch de autoriteiten oanmurken foar banditen. Axtell wegere it bestean ta te jaan fan 'e saneamde Santa Fe Ring, in fermidden fan korrupte politisy en sakelju dat ûnder lieding stie fan ofsier fan justysje Thomas Benton Catron. Dyselde wurke nau gear mei Dolan en Murphy, en The House waard sjoen as ûnderdiel fan 'e Santa Fe Ring.

De Regulators joegen it lykwols net oer. Ynstee besleaten se om in rekken te fereffenjen mei sheriff Brady. Op 1 april waarden de sheriff en syn helpsheriff George W. Hindman opwachte troch Jim French, Frank McNab, John Middleton, Henry Newton Brown, Fred Waite en Billy the Kid, dy't harren deaskeaten op 'e haadstrjitte fan Lincoln. Billy the Kid rekke dêrby ferwûne, doe't er in gewear fan it lyk fan 'e sheriff werompakke woe, dat Brady him ûntstellen hie doe't er him nei de dea Tunstall arrestearre. Mei de moard op Brady en Hindman ferlearen de Regulators in protte sympaty mank de ynwenners fan Lincoln County, dy't no beide partijen yn it konflikt begûnen te sjen as like korrupt en moardsuchtich. McSween waard rûnom beskôge as de lieder fan it ferset tsjin The House, mar nei alle gedachten operearren de Regulators folslein op eigen manneboet; neffens in kontemporên artikel yn in pleatslike krante ûntstrieden se "eltse konneksje [...] mei McSween en syn saken". Joel Jacobsen, auteur fan it boek Such Men as Billy the Kid: The Lincoln County War Reconsidered (1997), betwifele sels oft Billy the Kid en McSween inoar sels mar met hiene foarôfgeande oan 'e moard op sheriff Brady.

 
Richard M. Brewer, in mei-strider fan Billy the Kid yn 'e Prêrjeoarloch fan Lincoln County.

Op 4 april besochten de Regulators by in treffen dat bekend kaam te stean as de Sjitpartij by Blazer's Mills in Buckshot Roberts te arrestearjen. Dat wie in eardere bizonjager dy't se fertochten fan belutsenens by de moard op Tunstall. Roberts wegere mei te wurkjen en focht oan 'e dea ta troch, al hied er earder yn it gefjocht al in skotwûne yn syn boarst oprûn. Sels skeat er ûnder it gefjocht de lieder fan 'e Regulators dea, Richard M. Brewer, wylst fjouwer oare leden fan 'e groep ferwûne rekken. It ynsidint ferfrjemde de Regulators noch fierder fan 'e befolking, mei't in protte minsken bewûndering hiene foar de moed fan Roberts by in treffen dat er net winne koe.

De Slach om Lincoln en de ein fan it konflikt

bewurkje seksje

Nei de dea fan Brewer keazen de Regulators Frank McNab as harren nije foaroanman. Se fongen in skoftke de wyn yn 'e seilen troch de oanstelling fan John Copeland as de nije sheriff, dy't sympaty hie foar harren saak. It gesach fan Copeland waard lykwols ûndermine troch The House, dat nije meistanners rekrutearre út 'e helpsheriffs fan 'e fermoarde Brady. Op 29 april 1878 waarden McNab, Ab Saunders en Frank Coe op 'e Fritz Ranch oanfallen troch in posse ûnder lieding fan 'e eardere helpsheriff George W. Peppin, dêr't ek leden fan 'e Jesse Evans Binde en in oare binde, de Seven Rivers Warriors, diel fan útmakken. By dat fjoergefjocht waard McNab deasketten, wylst Saunders ferwûne rekke en Coe finzen nommen waard. Koarte tiid letter wist Coe lykwols te ûntsnappen.

De deis dêrop, 30 april, namen de Regulators definsive posysjes yn it stedsje Lincoln yn, wêrnei't se skotten útwikselen mei de trewanten fan The House, mar ek mei soldaten fan 'e Amerikaanske kavalery. De iennichste dy't by dizze sjitpartij rekke waard, wie Dutch Charley Kruling, in revolverman fan The House dy't ferwûne waard troch George Coe. Troch op soldaten te sjitten, wûnen de Regulators in nije fijân: it Amerikaanske Leger, dat yn it ramt fan sa'n lyts, pleatslik konflikt oer in ûnútputlike mankrêft beskikte. Op 15 maaie spoarden de Regulators Manuel Segovia op, in lid fan 'e Seven Rivers Warriors dy't se derfan fertochten it deadlike skot op Frank McNab lost te hawwen. Se kamen him oer it mad en makken him dea. Om dyselde snuorje namen se ek in nij lid yn har fermidden op: Tom O'Folliard, in jonge cowboy út Teksas, dy't him ûntjoech ta in goede freon fan Billy the Kid.

De posysje fan 'e Regulators boaze oan doe't gûverneur Axtell, yn in kwasy-legale set, sheriff Copeland út syn amt ûnthefte en yn syn plak George W. Peppin oanstelde, dy't op 'e hân fan The House wie. De Regulators waarden neitiid socht op fertinking fan moard y.f.m. de dea fan sheriff Brady en helpsheriff Hindman, en brochten de folgjende moannen op 'e flecht troch. Op in stuit krige The House ynljochtings dat se har opholden yn 'e wente fan McSween, en op 15 july waarden se dêr besingele troch sheriff Peppin en syn mannen en de trewanten fan The House. Dat wie it begjin fan in belegering dy't úteinlik fiif dagen duorje soe, en dy't de namme "Slach om Lincoln" krigen hat. Op 19 july krigen de belegerders fersterking fan 'e Amerikaanske kavalery, dy't yn namme neutraal wie, mar nei de eardere konfrontaasje mei de Regulators yn Lincoln op 'e hân fan The House wie. Dyselde deis noch stieken de belegerders it hûs fan McSween yn 'e brân. Dat late ta in wanhopich besykjen ta útbrekken troch de Billy the Kid en syn maten, dat wûnder boppe wûnder slagge. De Regulators pykten út, mar McSween waard troch de mannen fan The House deasketten doe't er oan 'e flammen besocht te ûntkommen. Mei syn moard einige de Prêrjeoarloch fan Lincoln County yn in klinkende oerwinning fan The House.

 
Gûverneur fan Nij-Meksiko Lew Wallace, dy't Billy the Kid amnesty tahawwe woe.

Yn 'e hjerst fan 1878 stelde de Amerikaanske presidint Rutherford B. Hayes in nije gûverneur oan foar it Territoarium Nij-Meksiko. It wie Lew Wallace, in eardere generaal yn it Noardlike Leger yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865), dy't benammen bekend wurden is yn in hiel oare hoedanichheid: as de skriuwer fan 'e letter ferskate kearen ferfilme histoaryske roman Ben-Hur: A Tale of the Christ (1880). Dyselde besocht de iepenbiere oarder werom te bringen yn Lincoln County en kundige dêrom amnesty ôf foar in elk tsjin wa't op dat stuit noch gjin oanklacht ynbrocht wie. Billy the Kid, dy't ûnderwilens nei Teksas flechte wie, stie wol ûnder oanklacht. Hy skreau Wallace lykwols in brief wêryn't er oanbea om te tsjûgjen foar in ûndersykssjuery as er yn ruil dêrfoar ymmuniteit fan rjochtsferfolging krije koe.

Yn maart 1879 metten hy en Wallace inoar yn Lincoln County om dat oanbod te bepraten. Billy the Kid begroete de gûverneur mei in Colt .45 yn 'e iene hân en in Winchester-gewear yn 'e oare. Wallace gie akkoart mei it oanbod fan Billy the Kid, mar yn ruil foar ymmuniteit moast hy (Billy the Kid) meiwurkje oan syn eigen arrestaasje foar de foarm en soed er fêstholden wurde oant nei't er tsjûge hie. Nei't er dêr in pear dagen oer neiprakkesearre hie, stimde Billy the Kid dêrmei yn. Hoewol't er mei syn tsjûgenis holp om John Dolan feroardiele te krijen, waard er neitiid lykwols net frijlitten. De ofsier fan justysje wie nammentlik op 'e hân fan The House en fielde him net bûn oan 'e ôfspraken dy't de gûverneur mei Billy the Kid makke hie. Dêrop ûntsnapten Billy the Kid en O'Folliard út finzenskip op hynders dy't beskikber steld wiene troch freonen fan harres.

Yn 2010 naam de doetiidske gûverneur fan 'e Amerikaanske steat Nij-Meksiko, Bill Richardson, in postume ferliening fan graasje oan Billy the Kid yn omtinken. Oanlieding dêrfoar wie de amnesty dy't Billy the Kid troch Richardson syn amtsfoargonger Lew Wallace ûnthjitten wie. Op 31 desimber 2010, de lêste dei fan syn gûverneurskip, makke Richardson yn it tillefyzjeprogramma Good Morning America bekend dat er besletten hie Billy the Kid gjin graasje te ferlienen, omreden fan 'e "histoaryske tsjinstridichheden" om 'e betingsten hinne dy't Wallace oan 'e amnesty steld hie.

Konfrontaasje mei Joe Grant

bewurkje seksje

De folgjende oardel jier oerlibbe Billy the Kid troch in kombinaasje fan feedieverij, gokken en wach wêzen. Yn jannewaris 1880 mette er yn in saloon yn Fort Sumner in Joe Grant, dy't, mei't er net foar it ferstân hie wa't er foar him hie, opspriek dat er de bandyt Billy the Kid daliks deasjitte soe as er dy ea tsjinkaam. Doedestiden wie it wizânsje om it silindermagazyn fan in revolver, dêr't seis kûgels yn koene, mar mei fiif kûgels te laden. Men sette dan de hammer op 'e lege 'keamer', sadat it wapen net by ûngelok ôfgean koe.

Doe't er Grant opsprekken hearde, frege Billy the Kid oft er de kreaze, fan in ivoarene kolf foarsjoene revolver fan 'e man ris besjen mocht, en wylst er dat die, fersette er de hammer nei de lêste folle keamer foar de lege keamer. Dêrnei joech er Grant syn pistoal werom en fertelde er wa't er wie. Grant foege de die by it wurd: hy loek syn revolver en skeat. Dêrby spande er de hoanne, wat automatysk de sylinder ferdraaie lit nei de folgjende keamer. Hy helle de trekker oer, wat de hammer omleech brocht op dy keamer, mar om't dat de lege keamer wie, barde der neat. Dêrop loek Billy the Kid syn eigen wapen en skeat Grant dea. Doe't er letter oer if foarfal befrege waard, antwurde er: "It wie in spultsje foar twa dat mar troch ien wûn wurde koe, en dat wie ik."

Neffens in oare ferzje fan it ferhaal wie Grant in yrritante dronkelap dy't minsken lestich foel oan 'e bar. Ut foarsoarch frege Billy the Kid him oft er syn revolver ris sjen mocht en ferdraaide de sylinder sadat de hammer de earstfolgjende kear op 'e lege keamer delkomme soe. Doe't er de saloon letter ferliet, hearde er de klik fan 'e hammer op 'e lege keamer, mei't Grant him yn 'e rêch besocht te sjitten. Billy the Kid draaide him om, loek syn pistoal en skeat de man dea, wêrby't er him yn it kin rekke.

Besingeling te Anton Chico

bewurkje seksje

Yn novimber 1880 waarden Billy the Kid en de binde dêr't hy ûnderwilens de lieding oer krigen hie, efterfolge troch in posse, dy't harren úteinlik besingele op 'e ranch fan harren freon James Greathouse, yn Anton Chico, yn 'e omkriten fan White Oaks (Nij-Meksiko). Ien lid fan 'e posse, in James Carlyle, gie ûnder it fieren fan in wite flagge de ranch binnen om te ûnderhanneljen oer de oerjefte fan 'e binde. Greathouse kaam doe nei bûten om troch de posse sa lang as gizelder fêstholden te wurden.

 
Pat Garrett, de man dy't Billy the Kid deaskeat.

Jûns let besleat Carlyle nei't it skynt dat de bindeleden de ûnderhannelings misbrûkten om tiid te rekken. Neffens de bekendste ferzje fan it ferhaal hearde er op in stuit bûtendoar in skot, doe't in lid fan 'e posse by fersin syn wapen ôfgean liet. Carlyle miende dat syn mannen Greathouse deasketten hiene en tocht dat hy no troch de binden om hals brocht wurde soe. Dat, hy sprong troch in finster en besocht út te piken, mar der waard op him sketten dat er it bestoar. It is ûndúdlik oft er deade waard troch kûgels fan 'e bindeleden, om't dy ta deselde misse konklúzje kommen wiene as hysels, of dat er troch syn eigen mannen deade waard, dy't him oanseagen foar ien fan 'e bindeleden dy't ûntsnappe woe. It liket der lykwols op dat dat lêste it gefal wie, want neitiid rekke de posse mismoedich en foel útinoar, mei as gefolch dat Billy the Kid en syn mannen útnaaie koene. Billy the Kid ûntstried neitiid altyd fûleindich dat er op lykfol hokker wize ferantwurdlik wie foar de dea fan Carlyle, en hy skreau op dat stik sels in nij brief oan gûverneur Wallace.

Arrestaasje troch Pat Garrett

bewurkje seksje

Yn dyselde snuorje kaam Billy the Kid yn 'e kunde mei in ambisjeuze pleatslike barkeeper en eardere bizonjager dy't Pat Garrett hiet. Hoewol't de leginde wol dat de beide mannen boezemfreonen wiene, bestiet der eins gjin inkeld bewiis dat se mear wiene as dizenige kunde. Mei in ûnthjit dat er de feedieverij oanpakke soe, waard Garrett yn novimber 1880 ta sheriff fan Lincoln County keazen. Ein novimber stalde er in posse gear om Billy the Kid op te spoaren en te arrestearjen, dy't tsjin dy tiid ek rûnom ûnder dy namme bekend stie. Gûverneur Wallace hie in preemje fan $500 op syn holle set.

Op 19 desimber ûntkaam Billy the Kid mar nauwerneed oan in nachtlike mûklaach fan 'e posse yn Fort Sumner, wêrby't Tom O'Folliard dea rekke. Op 23 desimber waarden Billy the Kid en syn binde troch de posse ynsletten yn in ferfallen stiennen gebou op in ôfhandich plak dat doe bekend stie as Stinking Springs (deunby it hjoeddeistige Taiban). Wylst Billy the Kid-en-dy binnendoar leine te sliepen, besingelen Garrett en syn mannen it gebou en wachten oant de sinne opkaam. De oare moarns kaam Charlie Bowdre, ien fan 'e eardere Regulators dy't noch altyd mei Billy the Kid optriek, derút om syn hynder te fuorjen. De leden fan 'e posse seagen him oan foar Billy the Kid en skeaten him dea. Neitiid besocht immen fan binnenút it heltertou fan it hynder te gripen, mar Garrett skeat dêrop it hynder dea, en it kadaver kaam sa del dat it de iennichste útgong fan it gebou blokkearre.

De leden fan 'e posse setten doe útein mei it sieden fan brea-iten boppe in iepen fjoer. Garrett en Billy the Kid rôpen boadskippen oer en wer: Garrett sei dat der genôch iten foar allegear wie as de bindeleden allinne mar nei bûten kamen om har oer te jaan, wylst Billy the Kid him oanrette om nei de hel te rinnen. Op 't langelêst beseften de bindeleden lykwols dat se sa yn 'e knipe sieten dat der gjin kâns mear bestie dat se útpike koene. Dat sadwaande joegen se har yndie oer, wêrnei't Garrett wurd hold en it iten mank allegearre omparte.

 
It gerjochtsgebou fan Lincoln yn Nij-Meksiko, mei de trep dêr't Billy the Kid syn beide sipiers deaskeat.

Feroardieling en ûntsnapping út Lincoln

bewurkje seksje

Billy the Kid waard nei Las Vegas (Nij-Meksiko) brocht, dêr't er in fraachpetear hold mei in sjoernalist fan 'e pleatslike krante, de Las Vegas Gazette. Neitiid waard er fierder stjoerd nei Santa Fe, dêr't er it folgjende fearnsjier út it tichthûs wei fjouwer ûnderskate brieven oan gûverneur Lew Wallace stjoerde, freegjend om amnesty. Wallace wegere lykwols yn 'e saak yn te gripen, en yn april 1881 waard de rjochtsaak tsjin Billy the Kid holden yn Mesilla. Op 9 april, nei twa dagen fan tsjûgenissen, waard er skuldich befûn oan 'e moard op sheriff Brady. Dat wie de iennichste feroardieling tsjin lykfol hokker fan 'e dielnimmers oan 'e Prêrjeoarloch fan Lincoln County dêr't it ea ta kaam. Op 13 april waard er troch rjochter Warren Bristol feroardiele om ophongen te wurden.

Foarútrinnend op syn eksekúsje, dy't op 13 maaie plakfine soe, waard Billy the Kid oerbrocht nei Lincoln; dêr wie de misdie begien dêr't er foar feroardiele wie, dat dêr moast it ek heve mei de terjochtstelling. Hy waard finzen holden op 'e boppeste ferdjipping fan it pleatslike gerjochtsgebou ûnder bewekking fan twa fan Garrett syn helpsheriffs, James Bell en Bob Olinger. Op 28 april, wylst Garrett sels net yn Lincoln oanwêzich wie, slagge it Billy the Kid om syn beide sipiers te deadzjen en te ûntkommen. De details fan dy ûntsnapping binne ûndúdlik, mar it barren wie in grutte skok foar it hiele territoarium. Guon histoarisy hâlde it derop dat in sympatisant in revolver pleatst hie yn it húske (yn dy tiid noch in letterlik 'húske' bûten it eigentlike gebou), dêr't Billy the Kid ûnder bewekking gebrûk fan makke. Dy revolver soed er op 'e weromweis nei syn sel brûkt hawwe om Bell te deadzjen. In oare teory wol hawwe dat it Billy the Kid slagge om syn boeiens ôf te krijen, dy't er dêrnei brûkte om Bell heal bewusteleas te slaan, wêrnei't er Bell syn revolver ôfkrige en him dêr sels mei deaskeat. Yn elts gefal stoar Bell oan 'e top fan 'e trep dy't bûtendoar nei de earste ferdjipping fan it gerjochtsgebou late.

 
In stien dy't it krekte plak oanjout dêr't Robert Ollinger troch Billy the Kid deasketten waard.

Dêrnei pakte Billy the Kid Ollinger syn dûbelloops jachtgewear op, dat dyselde oan Bell meijûn hie om 'e finzene nei it húske te begelieden, en wachte oant Ollinger op 'e skotten ôfkaam. Ollinger wie oarekant strjitte mei inkele oare finzenen. Doe't er by de trep op kaam, stapte Billy the Kid te foarskyn, sei "Hoi, Bob!" en lege fan deunby beide mei hagel laden lopen op him, dat er it bestoar. De flecht fan Billy the Kid waard hast in oere fertrage trochdat er him mar dreech fan syn ankelboeiens ûntdwaan koe, dêr't er in pikhouwiel foar brûkte. Blykber fielde yn dy tiid nimmen in ûnbedimbere oanstriid om te besykjen en hâld him tsjin. Nei't er himsels lang om let fan 'e ankelboeiens befrijd hie, stiel Billy the Kid in hynder en ried, nei't it skynt sjongend, it stedsje út. It hynder kearde twa dagen letter mei in leech seal yn Lincoln werom.

Likernôch in fearnsjier nei de ûntsnapping krige sheriff Pat Garrett berjocht dat Billy the Kid him wer yn 'e omkriten fan Fort Sumner ophold, dêr't er freonen hie. Garrett en twa helpsheriffs rieden dêr op 14 july 1881 hinne om in ynwenner fan it plak oer de geroften te befreegjen. Dat wie Pedro Maxwell, de soan fan 'e rike rancher Lucien Maxwell, en in freon fan Billy the Kid. Dyselde kamen se by him thús oer it mad. Om midsnacht hinne, wylst Garrett en Maxwell sieten te praten yn Maxwell syn dûnkere sliepkeamer, gie de doar iepen en stoep Billy the Kid ûnferwachts nei binnen. Der binne teminsten twa ferzjes fan wat der doe barde.

De bekendste ferzje fan it ferhaal wol hawwe dat, doe't Billy the Kid de sliepkeamer yn kaam, hy Garrett net weromkoe omreden fan it feit dat er fan it ljocht yn it tsjuster stoep. Hy skrok, loek syn revolver en wiek tebek, wylst er frege "¿Quién es? ¿Quién es?" (Spaansk foar "Wa is dat? Wa is dat?"). Garrett koe Billy the Kid oan syn stimlûd wer, loek syn eigen revolver en skeat twaris. De earste kûgel rekke Billy the Kid yn it boarst krekt boppe it hert, en hoewol't de twadde kûgel doel miste en ynstee de skoarstienmantel yn 'e keamer efter him rekke, foel er del op 'e flier, gappe in lyts skoftke nei de siken en stoar.

Yn in minder bekende ferzje fan it barren kaam Billy the Kid de sliepkeamer binnen mei inkeld in mês yn 'e hân, mei't er blykber nei de koken woe, dêr't er foar troch de sliepkeamer moast. Hy murk yn it healtsjuster immen op en frege "¿Quién es? ¿Quién es?" Garrett, dy't him oan syn stimlûd werkoe, loek syn revolver en skeat him sûnder pardon dea. Hoewol't de earste ferzje in stik populêrder is en Garrett syn dieden yn in better ljocht pleatst, ornearje guon histoarisy dat de twadde ferzje nei alle gedachten werjout hoe't Billy the Kid wier oan syn ein kaam.

 
De grêfsark fan Billy the Kid op it begraafplak fan Fort Sumner.

Der bestiet ek noch in trêde, sterk ôfwikend ferhaal, wêryn't Garrett syn treffen mei Billy the Kid gjin tafal wie, mar it resultaat fan in mûklaach dy't de posse foar Billy the Kid opsette. Neffens dat ferhaal hiene Garrett en syn mannen der lucht fan krigen dat Billy the Kid in relaasje ûnderhold mei Paulita, de suster fan Pedro Maxwell. Dêrom oerfoelen se har yn har sliepkeamer en waarden har oermânsk, wêrnei't se har fêstbûnen en knevelen op har bêd. Dêrnei wachten se de oankomst fan Billy the Kid ôf. Doe't dy de sliepkeamer ynstoep, wachte Garrett him dêr op efter Paulita har bêd en skeat him dea, net mei in revolver, lykas yn 'e oare beide ferzjes fan it ferhaal, mar mei in jachtgewear.

Ta einbeslút giene der ek fuort al geroften dat Billy the Kid hielendal net troch Garrett deade wie, mar dat Garrett, dy't "ommers" syn boezemfreon wie, de dea fan Billy the Kid yn sêne set hie sadat dy oan rjochtsferfolging ûntkomme koe. Dy ferhalen wurde troch histoarisy net serieus nommen.

Nei't er Billy the Kid deamakke hie, stie Pat Garrett de freonen fan 'e fermoarde man ta om it lyk mei te nimmen nei in timmermanswurkplak oarekant it plein, dêr't se in deakiste foar him makken en in wake foar him holden. De oare moarns beseach rjochter Milnor Rudolph it lyk en skreau in deadssertifikaat út; Garrett wiisde it earste eksimplaar ôf en stie derop dat Rudolph syn wurk oerdie, en de foarfallen op in manear werjoech dy't him better útkamen. Om 'e middeisoere fan dy dei hinne, 15 july 1881, waard Billy the Kid troch syn freonen op it begraafplak fan Fort Sumner te hôf brocht, tusken de grêven fan syn maten Tom O'Folliard en Charlie Bowdre yn. Dat wie likernôch in fearnsjier foar syn 22e jierdei.

De krekte lokaasje fan it grêf fan Billy the Kid is ûnbekend. Earst waard begjin 1882 it houten boerd, dat it grêf oanjoech, stellen of oan grôt sketten. Doe waard oan 'e ein fan 'e 1880-er jierren it houten krús dêr't Pedro Maxwell it boerd mei ferfongen hie, stellen troch in Chauncey út Boston, dy't yn 'e direksje siet fan 'e New England Livestock Company, it bedriuw dat de Maxwell-ranch oernaam. Dêrnei fûnen yn 1889 en 1904 oerstreamings fan 'e rivier de Pecos plak, dy't alle grêfmarkearrings fuortspielden. Yn 1932 sammele in Charles W. Foor, dy't op it begraafplak rûnliedings foar belangstellenden fersoarge, jild yn foar in grêfsark fan wite stien, dy't op in plak set waard wêrfan't âlden fan dagen tochten dat dêr ûngefear it grêf wêze moast.

 
De twa kear stellen grêfsark fan Billy the Kid dy't oarspronklik makke waard as rekwisyt foar de film The Outlaw.

De wite grêfsark, dêr't ek de nammen fan Tom O'Folliard en Charlie Bowdre op steane, is nea stellen, hoewol't de rânen wol skansearre rekke binne. Yn 1943 brûkte filmstudio Warner Bros. in lytsere grêfsark fan grize stien mei in puntige boppekant om yn 'e film The Outlaw it grêf fan Billy the Kid oan te jaan. Dat rekwisyt waard neitiid troch in James N. Warner út Salida, yn Colorado, oankocht en oan it begraafplak fan Fort Sumner kado dien, dêr't it op 'e foet fan it fermoedlike grêf pleatst waard.

Dy grize grêfsark waard twaris stellen. Yn augustus 1950 ferdwûn er oant er yn maaie 1976, nei mear as in fearnsiuw, weromfûn waard yn in fjild by in ranch yn Granbury, yn Teksas. Joe Bowlin, in ynwenner fan Fort Sumner, kocht him werom wêrnei't er yn juny fan dat jier wer op 'e foet fan it grêf set waard. Op 8 febrewaris 1981 ferdwûn er op 'e nij, mar inkele dagen letter waard er ûntdutsen yn Huntington Beach, yn Kalifornje. Gûverneur Bruce King fan Nij-Meksiko betelle derfoar dat de sheriff fan Lincoln County dêrhinne fleach om it ding op te heljen, wêrnei't de sark yn maaie fan dat jier wer weromset waard. Koarte tiid letter betelle it doarp foar it meitsjen fan in stielen koai dy't oer it hiele grêf hinne befêstige waard, om fierdere dieverij tsjin te gean.

 
It mei in koai omsletten grêf fan Billy the Kid yn Fort Sumner.

Nei syn dea woeks de leginde fan Billy the Kid en syn koarte, gewelddiedige libben sterk oan. Krekt as by oare bekende banditen en revolverlju út it Wylde Westen it gefal is, wie syn reputaasje boud op oerdreaune ferslaggen fan syn aventoeren. Al neigeraden de boarne soed er tusken de 15 en 26 manlju fermoarde hawwe. Moderne histoarisy hâlde it op in totaal fan 4 oant 9 manlju. Michael Wallis, auteur fan it boek Billy the Kid: The Endless Ride (2007) fermoedet dat de faksje fan James Dolan moedwillich in oerdreaune foarstelling fan it libben fan Billy the Kid skoep om 'e oandacht fan it publyk ôf te lieden fan harren eigen korrupte aktiviteiten.

Ferskate manlju holden letter út dat se Billy the Kid wiene, dêrby fuortborduerjend op it ferhaal dat Pat Garrett de dea fan syn freon yn sêne set hie. Twa fan harren rekken bekend om't se party lju wisten oer te heljen dat se de wierheid sprieken. Yn 'e 1930-er jierren hold in John Miller út Prescott yn Arizona út dat er eins Billy the Kid wie, en nei syn ferstjerren befêstigen syn djipdrôven dy bewearing yn 1938.

Yn 1949 bewearde in man yn sintraal Teksas, in Ollie Partridge Roberts, byneamd Brushy Bill, dat er eins Billy the Kid wie en dat er nei it yn sêne setten fan syn dea de namme Roberts oannommen hie. Hoewol't histoarisy al rillegau op oertsjûgjende wize syn ferhaal wjerleine, profitearre syn wenplak Hico fan syn bekendheid troch it Billy the Kid Museum te iepenjen. It ferhaal fan Brushy Bill waard fierder ferspraat troch de westernfilm Young Guns II, út 1990.

Billy the Kid spilet oant hjoed de dei ta in wichtige rol yn 'e folkloare omtrint it Wylde Westen en yn 'e popkultuer fan 'e Feriene Steaten. Der binne tsientallen boeken oer him ferskynd, hearrend ta sawol non-fiksje (biografyen) as fiksje (romans). De filmyndustry fan Hollywood hat teminsten 65 westernfilms oer him makke. De bekendsten dêrfan binne: Billy the Kid (1930) ûnder rezjy fan King Vidor; The Outlaw (1943) fan Howard Hughes; Chisum (1970) fan Andrew V. McLaglen; Pat Garrett and Billy the Kid (1973) fan Sam Peckinpah mei Kris Kristofferson as Billy the Kid; en Young Guns (1988) en it ferfolch dêrop Young Guns II (1990) beide mei Emilio Estevez as Billy the Kid.

Ek binne der ferskate lieten oer Billy the Kid makke, û.o. it folksferske Billy the Kid; The Ballad of Billy the Kid (1973) fan Billy Joel; it hiele album Pat Garrett and Billy the Kid (1973) fan Bob Dylan; en Billy, Get Your Guns (1990) fan Jon Bon Jovi. Fierders binne der teminsten trije toanielstikken oer him skreaun, waarden der ferskate dokumintêres oer him makke en figurearre er yn in ôflevering fan 'e westernsearje Gunsmoke (1952).

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.