Young Guns II

film út 1990 fan Geoff Murphy

Young Guns II is in Amerikaanske biografyske westernfilm út 1990 ûnder rezjy fan Geoff Murphy, mei yn 'e haadrollen Emilio Estevez, William Petersen, Kiefer Sutherland en Lou Diamond Phillips. De film is it ferfolch op 'e súksesfolle western Young Guns, út 1988, dy't love waard om syn relatyf akkurate werfertelling fan it iere libben fan 'e bandyt Billy the Kid. Young Guns II fertelt hoe't Billy úteinlik oan syn ein kaam, mar hoewol't yn grutte halen de bekende foarfallen yn byld brocht wurde, is dizze film folle minder histoarysk ferantwurde, benammen as it giet om it oerlibjen fan Billy en syn identifisearring mei Brushy Bill Roberts, dy't neffens histoarisy in fantast wie. De film krige oer it algemien negative oant tuskenbeiden resinsjes fan 'e filmkritisy, mar wie likegoed in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.

Young Guns II
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Geoff Murphy
produsint James G. Robinson
Paul Schiff
Irby Smith
senario John Fusco
kamerarezjy Dean Semler
muzyk Alan Silverstri (soundtrack)
Jon Bon Jovi (lieten)
filmstudio Morgan Creek Productions
distribúsje 20th Century Fox
spilers
haadrollen Emilio Estevez
William Petersen
Kiefer Sutherland
Lou Diamond Phillips
byrollen Christian Slater
Alan Ruck
Balthazar Getty
Jenny Wright
Viggo Mortensen
Scott Wilson
James Coburn
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 1 augustus 1990
foarm langspylfilm
sjenre biografyske westernfilm
taal Ingelsk (ek in bytsje Spaansk)
spyltiid 99 minuten
budget en resultaten
budget $20 miljoen
opbringst $59,1 miljoen
filmsearje
filmsearje Young Guns
● foarich diel Young Guns

Yn in ramtferhaal wurdt der yn 1950 kontakt opnommen mei abbekaat Charles Phelan troch in man op hege jierren, dy't Brushy Bill Roberts hjit. Dyselde fertelt him dat er syn ein neieroan kommen fielt en dat er foar't er stjert de amnesty hawwe wol dy't him santich jier earder troch de gûverneur fan Nij-Meksiko ûnthjitten is. As Phelan trochfreget, docht bliken dat Brushy Bill beweart de ferneamde bandyt Billy the Kid te wêzen. De abbekaat mient dat er mei ien te krijen hat dy't net hielendal doocht, mei't eltsenien wit dat Billy the Kid yn 1881 deasketten is troch Pat Garrett. Dat seit er ek tsjin Brushy Bill, dy't dêrop hiel opsternaat wurdt. Tsjin betterwitten yn rekket Phelan yntrigearre troch de âldman, dat hy freget him oft er bewize kin dat er Billy the Kid is. Brushy Bill begjint te fertellen.

Inkele jierren nei de ein fan 'e Prêrjeoarloch fan Lincoln County, wêryn't Billy the Kid syn reputaasje fêstige (sjoch: Young Guns) binne de oerlibbenen fan 'e Regulators, de binde dy't er yn dat konflikt oanfierde, allegear har eigen wegen gien. Billy hat om him hinne in nije binde foarme, besteande út Pat Garrett en Arkansas Dave Rudabaugh. De nije gûverneur fan it Territoarium Nij-Meksiko, Lew Wallace, hat arrestaasjebefellen útfurdige tsjin alle lju fan wa't bekend is dat se by de Prêrjeoarloch fan Lincoln County belutsen wiene, ûnder wa Billy sels en de oare eardere Regulators Doc Scurlock en José Chavez y Chavez. Dy lêste beiden hawwe har libben bettere en in nij bestean opboud, en dêrtroch binne se foar plysjeminsken en preemjejagers maklik op te spoaren. Beide wurde se nei Lincoln (Nij-Meksiko) ta sleept en yn in gat yn 'e grûn opsletten om mei koarten ophongen te wurden. Billy is syn efterfolgers lykwols hieltyd te fluch ôf, dat úteinlik wurdt er troch gûverneur Wallace, dy't foar gek stiet om't Billy by wize fan sprekken rûntsjes om him draaft, útnûge foar in persoanlik oerlis. By dy moeting leit de gûverneur oan Billy út dat Billy mar ien persoan is, wylst syn tsjinstanners út 'e Prêrjeoarloch fan Lincoln County fan 'e Murphy/Dolan-faksje mei in hiel soad binne. Dyselden hawwe no in binde foarme wêrmei't se har skuldich meitsjen oan feedieverij fan 'e keppels fan 'e grutte ranchers dy't Wallace syn efterban foarmje. Mei oare wurden: de Murphy/Dolan-faksje hat him ta in grutter probleem foar de gûverneur makke as Billy sels. Hy wol dêrom dat Billy tsjin syn eardere fijannen tsjûget. Yn ruil dêrfoar sil er soargje dat Billy mar in lichte finzenisstraf kriget. Billy stimt yn mei dy oerienkomst, mar wol folsleine amnesty hawwe. Gûverneur Wallace betinget dat Billy dan fuort neitiid Nij-Meksiko ferlitte moat en der nea weromkomme mei. Sa wurdt ôfpraat.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Dat, Billy lit himsels arrestearje yn ôfwachting fan it proses dêr't er tsjûgje moat en de ûnthjitten amnesty. Sadree't gûverneur Wallace lykwols Lincoln ferlitten hat, wurdt him troch de pleatslike ofsier fan justysje Ryerson fertelt dat dy wetlik sjoen neat te krijen hat mei de ôfspraken dy't Billy mei de gûverneur makke hat. Hy seit Billy oan dat er gewoan berjochte wurde sil om úteinlik ophongen te wurden lykas eltse oare moardner. No is it sa dat Billy seinge is mei grouwe polzen en lytse hannen, dat hy wit him mei wat muoite en pine fan syn hanboeiens te befrijen, wêrnei't it foar him in kâld keunstke is om fia de skoarstien te ûntsnappen. Hy siket Rudabaugh en Garrett op en trijeresom ride se werom mei wite kappen oer it gesicht om har foar te dwaan as lju dy't Billy the Kid lynche wolle. De helpsheriffs ferwachtsje al in lynchkliber en binne mar al te ree om dy tewille te wêzen. As de sabeare lynchers te hearren krije dat Billy ûntsnapt is, nimme se der sadwaande genoegen mei dat syn eardere trewanten Doc Scurlock en José Chavez y Chavez oan harren oerdroegen wurde, dy't se sa sûnder in skot te lossen befrije kinne. Underweis út Lincoln wei komme se lykwols de echte lynchkliber tsjin, wêrnei't se har dochs noch in wei út it stedsje fjochtsje moatte, dat fierhinne ferrinnewearre efterbliuwt.

Neitiid hat Billy the Kid it oer de "Meksikaanske Klyster", in geheim paad dat nei Meksiko liede soe. Dêr kinne hy en de oaren alteast in skoft ûnderdûke of miskien wol foargoed bliuwe. Pat Garrett beslút om net mei te gean, om't er in saloon iepenje wol yn Fort Sumner. Rudabaugh is Billy syn iennichste rivaal foar it liederskip fan 'e binde, dat er allegeduerigen besiket oer te nimmen; Billy hat der wille yn om him hieltyd te glêd ôf te wêzen. Underweis pikke se twa nije leden fan 'e binde op: de fan syn lân ferdreaune boer Hendry William French en Tom O'Folliard, in opslûpen jonge fan fjirtjin jier dy't Billy ferôfgoadet as de "Prins fan 'e Pistoalskutters". Se stekke oan op 'e ranch fan John Chisum, in feebaron dy't yn 'e Prêrjeoarloch fan Lincoln County in bûnsgenoat fan Billy syn fermoarde freon John Tunstall wie. Billy ornearret dat Chisum him noch $500 skuldich is: $250 om't er yn 'e prêrjeoarloch syn smoarge wurk opknapt hat, en $250 om't er yn 'e ôfrûne jierren de keppels fan Chisum ûntsjoen hat. As Chisum him hjit op te sokkebaljen, stelle Billy-en-dy in keppel kij fan him om oan jild te kommen dêr't se yn Meksiko fan oerlibje kinne.

Neitiid komme gûverneur Wallace en Chisum by Pat Garrett mei it foarstel dat dyselde sheriff fan Lincoln County wurde sil mei as doel om Billy the Kid op te pakken en op te hingjen of gewoan dea te sjitten. Dat plantsje komt út 'e koker fan Chisum, dy't ornearret dat inkeld ien dy't Billy goed ken, him pakke kin. Garrett sjocht earst net folle yn it foarstel, oant gûverneur Wallace him $500 jout en him fertelt dat er nochris $500 krije sil as de put dien is. Foar safolle jild wol Garrett syn freonskip mei Billy wol oan 'e kant dwaan, dat sadree't er sheriff wurden is, set er ôf op 'e siik nei de ferneamde bandyt. Om't er wol foar it ferstân hat dat er sels nei Billy syn dea yn 'e media ôfskildere wurde sil as in ferrieder en in slûpmoardner, nimt er de mislearre sjoernalist Ash Upson op sleeptou om alles dat er docht te dokumintearjen, sadat se neitiid in boek oer de wiere gong fan saken skriuwe kinne. Ta syn argewaasje kriget er ûnwinske fersterking fan in posse ûnder lieding fan in John W. Poe, dy't stjoerd is troch Wallace.

Billy en syn binde geane yn it stedsje White Oaks del by in âlde bekende fan him, Jane Greathouse, in madam dy't dêr in bordeel eksploitearret. Wylst de bindeleden wille hawwe mei de hoeren, organisearje de bewenners fan White Oaks harren ta in lynchkliber dy't Billy ophingje wol. De pleatslike helpsheriff Carlyle besiket tusken de beide groepen te bemiddeljen en stelt oan Billy foar dat er "de Yndiaan" (Chavez) oan 'e kliber oerdraacht om sels it libben derôf te rêden. Ynstee ferklaait Billy Carlyle sels yn Chavez syn klean, smyt him ta de doar út en ropt "Pas op, hy hat in pistoal!" Dêrop iepenje de lynchers daliks it fjoer en sjitte harren eigen helpsheriff dea. As se foar it ferstân krije wat se dien hawwe, drippe se beskamme ôf, wylst Billy en de oaren sûnder fierdere swierrichheden it stedsje útride kinne. Garrett arrivearret te let om Billy-en-dy noch te treffen. As er it mei Jane besiket oan te lizzen, stegeret se syn avânses ôf om't se him as in ferrieder sjocht no't er sheriff wurden is. Dêrop stekt er út wraak har bordeel yn 'e brân. Jane klaait har hielendal út en komt bleat nei bûten ta, in útsochte manear om 'e kekene ynwenners fan White Oaks te fernederjen, wêrnei't se poerlike neaken op har hynder stiget en fuortriidt.

Neitiid wurde Billy en syn binde oanhâldend hjitfolge troch Garrett en syn posse. Op in jûn wurde se byhelle, mar Garrett, dy't ferbline wurdt troch it ljocht fan 'e ûndergeande sinne, sjit by fersin Tom O'Folliard dea, dy't njonken Billy riidt. Inkele dagen letter sykje Billy-en-dy op in ôfhandich plak beskûl yn in ferrinnewearre gebou, dêr't Billy einlings en te'n lêsten opbychtet dat de 'Meksikaanske Klyster' hielendal net bestiet en folslein oan syn eigen fantasij ûntspruten is. It ferhaal dat er de oaren nei Meksiko ta liede soe, wie ienfâldichwei in list om 'e binde byinoar te hâlden. Doc Scurlock is des duvels en springt oerein om nei hûs te gean. Sagau't er lykwols in foet bûten it doarsgat set, wurdt er yn it boarst rekke troch in kûgel fan ien fan Garrett syn posse, dêr't it gebou temûk troch besingele is. As bliken docht dat der gjin útwei is, offeret Doc, dy't beseft dat er in fatale wûne oprûn hat, himsels op troch fannijs nei bûten te springen. Hy rekket trochsingele mei kûgels, mar de oaren witte efter him lâns te ûntsnappen, allegearre útsein Billy, dy't te let is.

Sa wurdt Billy the Kid troch Garrett-en-dy finzen nommen. Hy wurdt werombrocht nei Lincoln en feroardiele om ophongen te wurden. Wylst Garrett it stedsje út is foar in fraachpetear mei in krante, wurdt Billy bewekke troch twa helpsheriffs: de wrede Bob Olinger en de freonlike en wat ûnnoazele James W. Bell. Hoewol't er gjin besite ûntfange mei, wurdt er ûnder Bell syn tsjinst opsocht troch Jane Greathouse, dy't him in pûde prúmtabak bringt. Dêryn fynt Billy in snipperke papier mei de tekst "Húske". As er fan it húske gebrûk makket, treft er dêr in revolver oan. Billy besiket Bell te ûntwapenjen, mar as dy syn ôfseage jachtgewear op him rjochtet, sjit Billy him dea. Hy hat der folle minder problemen mei om Olinger om hals te bringen. Dêrnei befrijt er him fan syn boeiens, stelt in hynder en pykt út.

Tsjin 'e tiid dat Billy oankomt yn Fort Sumner is Rudabaugh útpykt nei Meksiko, wylst Chavez stjerrende is oan in skotwûne dy't er by de ûntsnapping fan 'e binde nei de dea fan Scurlock oprûn hat. Nei't Chavez it tydlike foar it ivige ferwiksele hat, jout ek French him desyllúzjonearre ôf. Op in feest yn Fort Sumner rekket Billy op bêd mei in tsjep fanke. As dy him der te neare nacht op útstjoerd om wat te iten op te heljen, lit er syn revolvers by har efter. Sadwaande treft er Pat Garrett as er net bewapene is. Ynstee fan him daliks dea te sjitten (sa't it offisjele ferhaal fan 'e ein fan Billy the Kid hawwe wol), giet Garrett mei him in diskusje oan. Billy freget Garrett om him nei Meksiko gean te litten en de autoriteiten foar te ligen dat er him deasketten hat. It wol Garrett lykwols net oan dat Billy it yn Meksiko úthâlde kinne soe, en sadree't er wer opdoek, soe dat foar him (Garrett) hiel ferfelende gefolgen hawwe. Dêrop draait Billy him om en rint fuort, om Garrett te twingen en sjit him yn 'e rêch. Dat wegeret er lykwols. De oare moarns wurdt der in falske begraffenis holden foar Billy the Kid. Garrett is dêr ek by. As er letter wer nei syn hynder giet, blykt dat stellen te wêzen, in ferwizing nei Billy syn sizzen dat er inkeld hynders stelt fan minsken dy't er wol lije mei.

Yn 1950 seit Phelan, nei't er Brushy Bill syn hiele ferhaal oanharke hat, ta om 'e âldman te helpen om dochs noch de ûnthjitten amnesty te bemachtigjen. Teksten dy't dêrnei yn byld ferskine, fertelle hoe't it fierder gie mei de haadrolspilers fan it ferhaal. Arkansas Dave Rudabaugh waard koart nei syn oankomst yn Meksiko by wize fan ôfskrikwekkend foarbyld ûnthalze om foar te kommen dat Meksiko in taflechtsoard foar Amerikaanske banditen wurde soe. Garrett publisearre it boek dat er yn gearwurking mei Ash Upson oer syn jacht op Billy the Kid skreaun hie, mar dat waard in flop. Uteinlik waard er yn 1908 troch in jongeman deasketten. Phelan beävensearre dat Brushy Bill de gûverneur fan Nij-Meksiko moetsje koe, mar nettsjinsteande dat doe noch libbene freonen fan Billy the Kid syn ferhaal befêstigen, waard er net leaud. Hy ferstoar minder as in moanne letter. Oft er wier Billy the Kid wie, bliuwt sadwaande in mystearje.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Emilio Estevez yn 2006.
 
William Petersen yn 2004.
 
Lou Diamond Phillips yn 1987.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise                         
Billy the Kid / Brushy Bill Roberts Emilio Estevez
Pat Garrett William Petersen
Doc Scurlock Kiefer Sutherland
José Chavez y Chavez Lou Diamond Phillips


byrollen
personaazje                                     akteur/aktrise
Arkansas Dave Rudabaugh Christian Slater
Hendry William French* Alan Ruck
Tom O'Folliard Balthazar Getty
Jane Greathouse Jenny Wright
John W. Poe Viggo Mortensen
gûverneur Lew Wallace Scott Wilson
John Chisum James Coburn
Beever Smith Tracey Walter
ofsier fan justysje Rynerson R.D. Call
Ash Upton Jack Kehoe
helpsheriff Carlyle Robert Knepper
helpsheriff James W. Bell Tom Kurlander
Charles Phelan Bradley Whitford
helpsheriff Bob Olinger Leon Rippy
Deluvina Maxwell Carlotta Garcia
sheriff George Kimball Jerry Gardner
Poe Posse Howie Young
Rat Bag Richard Schiff
Dove Ginger Lynn
Juanita Joy Bouton
Jesús Silva Albert Trujillo
Sonia Alina Arenal
Pietro Stephan Kraus
Fernando Nicholas Sean Gomez
Ignio Mark Bustamante
finzene yn gat mei brânmerk senarioskriuwer John Fusco (cameo)
finzene yn gat #2 Jon Bon Jovi (cameo)

*) in personaazje gearstald út 'e histoaryske persoanen Henry Newton Brown en Jim French.

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Young Guns II waard regissearre troch Geoff Murphy nei in senario fan John Fusco. De dialooch fan Billy the Kid wie foar in grut part oernommen út fraachpetearen mei de echte Billy en oare artikels oer him dy't fan 1879 oant en mei 1881 yn 'e Amerikaanske kranten ferskynden. As produsinten wiene James G. Robinson, Paul Schiff en Irby Smith by it projekt belutsen foar de filmstudio Morgan Creek Productions, Foar de film wie in budget beskikber fan $20 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dean Semler. De filmmuzyk waard fersoarge troch Alan Silverstri, wylst de yn 'e soundtrack opnommen lieten skreaun wiene troch sjonger Jon Bon Jovi. Ien fan dy lieten, Blaze of Glory waard in grutte hit en berikte it earste plak fan 'e Billboard Hot 100-hitlist.

De opnamen foar Young Guns II fûnen plak op lokaasje yn Arizona en Nij-Meksiko. Sawol Jon Bon Jovi as senarioskriuwer John Fusco hiene yn 'e film in cameo as mei-finzenen fan Doc Scurlock en José Chavez y Chavez dy't yn it gat yn 'e grûn yn Lincoln fêstholden wurde. James Coburn, dy't yn 'e film de rol fan rancher John Chisum spilet, hie yn 1973 sels de rol Pat Garrett spile yn 'e western Pat Garrett and Billy the Kid, fan regisseur Sam Peckinpah.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Young Guns II waard fersoarge troch 20th Century Fox. De film gie op 1 augustus 1990 yn 'e Amerikaanske bioskopen yn premiêre. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 19 septimber 2011 foar it earst op cd by platemaatskippij Intrada Records.

Historisiteit

bewurkje seksje

Yn tsjinstelling ta de foargeande fillm Young Guns, út 1988, dy't troch histoarisy priizge waard om syn relatyf akkurate ôfskildering fan 'e Prêrjeoarloch fan Lincoln County en de iere jierren as bandyt fan Billy the Kid, krige Young Guns II beslist net sokke lof. In protte foarfallen út it libben fan Billy komme yn 'e film wol werom, mar net altyd yn 'e juste folchoarder. Ek waard de akkuratens fan 'e film behindere trochdat guon personaazjes al yn 'e earste film stoarn wiene wylst se eins yn 'e twadde film noch in rol spylje moatten hiene. Om in foarbyld te jaan: de man dy't deasketten waard doe't er sûnder euvelmoed út it ferfallen gebou nei bûten kaam en troch de posse fan Pat Garrett foar Billy the Kid oansjoen waard, wie net Doc Scurlock (sa't de film hawwe wol), mar Charlie Bowdre. Dat personaazje hiene de filmmakkers lykwols oan 'e ein fan Young Guns al omkomme litten.

It grutste euvel oan Young Guns II wie foar histoarisy lykwols dat de film de myte ferspriedt dat Brushy Bill ien-en-deselde persoan wie as Billy the Kid. Fral de tekst oan 'e ein fan 'e film, dat it in mystearje bliuwt oft Brushy Bill no al of net Billy the Kid wie, skeat in protte saakkundigen yn it ferkearde kielsgat. Wat der eins oan 'e hân wie, is dat yn 1949 in man yn sintraal Teksas, in Ollie Partridge Roberts, byneamd Brushy Bill, bewearde dat er Billy the Kid wie. Hy sei dat er nei it yn sêne setten fan syn dea de namme Roberts oannommen hie en ûnderdûkt wie. Histoarisy wjerleine al rillegau op oertsjûgjende wize syn ferhaal, en dat wie de reden dat er net leaud waard troch de autoriteiten. Nettsjinsteande dat profitearre syn wenplak Hico (Teksas) fan syn bekendheid troch nei syn dea it Billy the Kid Museum te iepenjen.

Fan 'e filmkritisy krige Young Guns II oer it algemien negative oant tuskenbeiden resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 2 fan 4 stjerren. Hy skreau dat it senario him "in ûnfoltôge gefoel" joech, en hy fûn de rezjy "wifkjend", mar it aktearjen omskreau er as "ynteressant". Yn 'e Deseret News, de wichtichste krante fan Salt Lake City, parte Chris Hicks Young Guns II ek 2 fan 4 stjerren ta. Hy neamde de film "wielderich filme, tige goed spile en fol potinsjeel", dat lykwols net goed út 'e ferve kaam.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Young Guns II in leech goedkarringspersintaazje fan 28%, basearre op 25 ûnderskate resinsjes. Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Young Guns II in goedkarringspersintaazje fan 47%, basearre op 18 resinsjes.

Young Guns II brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $44,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $15 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $59,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $20 miljoen betsjut dat in winst fan $39,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.