Lincoln (Nij-Meksiko)

Lincoln is in doarp en unincorporated community (gemeentefrij plak) yn 'e Amerikaanske steat Nij-Meksiko. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wennen der doe 189 minsken. Lincoln stiet benammen bekend om syn histoaryske bân mei de ferneamde bandyt Billy the Kid.

Lincoln (Nij-Meksiko)
It histoaryske gerjochtsgebou anneks tichthûs fan Lincoln, dêr't Billy the Kid fêstholden waard, ûntsnapte en twa helpsheriffs deamakke.
It histoaryske gerjochtsgebou anneks tichthûs fan Lincoln, dêr't Billy the Kid fêstholden waard, ûntsnapte en twa helpsheriffs deamakke.
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Nij-Meksiko
County Lincoln County
Sifers
Ynwennertal 189 (2010)
Hichte 1.738 m
Oar
Stifting 1850-er jierren
Tiidsône UTC –7
Simmertiid UTC –6
Koördinaten 33°29′31″N 105°23′02″W
Kaart
Lincoln (Nij-Meksiko)
Lincoln
Lokaasje fan Lincoln yn Nij-Meksiko.

Lincoln is sitewearre yn Lincoln County, yn it súdeastlik-sintrale part fan 'e Amerikaanske steat Nij-Meksiko. It leit yn 'e Bonitodelling, tusken it Sacramentoberchtme en it Capitanberchtme yn, op in hichte fan 1.738 m boppe seenivo. De neiste gruttere stêd is Roswell, dat op in ôfstân fan 92 km leit (oer de wei, net himelsbreed). Fuort benoarden Lincoln leit it Nasjonaal Wâld Lincoln, in beskerme natoergebiet. De iennichste strjitte fan it doarp is in diel fan U.S. Route 380 dat bekend stiet as it Billy the Kid Trail.

 
De Torreon, in stinstoer dêr't iere kolonisten fan 'e krite harren ferskûlen yn it gefal fan oanfallen troch de Yndianen.

Lincoln waard yn 'e 1850-er jierren stifte doe't har der ferskate Meksikaanske húshâldings nei wenjen setten. Hja neamden harren nije wenplak La Placita del Rio Bonito (Spaansk foar "It Plakje oan de Moaie Rivier"). Letter kamen der almar mear Amerikaanske kolonisten, en doe't op 16 jannewaris 1869 Lincoln County oprjochte waard, neamde men La Placita del Rio Bonito om ta Lincoln, nei de yn 1865 fermoarde Amerikaanske presidint Abraham Lincoln.

Yn 1877-1878 wie Lincoln it sintrum fan in prêrjeoarloch, in konflikt tusken blanke kolonisten ûnderling, dat de Prêrjeoarloch fan Lincoln County hiet. De striid gie tusken in kliber korrupte sakelju en oerheidsfunksjonarissen dy't in hannelsmonopoalje yn 'e county hiene en bekend stiene as The House, en ferskate nijynkommelingen dy't it monopoalje fan The House besochten te brekken. De bekendste dielnimmer oan it konflikt wie de ferneamde bandyt Billy the Kid. Yn it ramt fan 'e striid fûn op 30 april 1878 yn Lincoln de saneamde "Slach om Lincoln" plak, dat eins in sjitpartij wie sûnder deadlike slachtoffers, mar by de besingeling fan 'e wente fan abbekaat Alexander McSween, fan 15 oant en mei 19 july fan dat jier, foelen ferskate deaden. Mei dat treffen einige de prêrjeoarloch yn in oerwinning foar The House.

Nei syn úteinlike arrestaasje, op 24 desimber 1880, waard Billy the Kid ta de deastraf feroardiele. Foar de útfiering dêrfan waard er oerbrocht nei Lincoln, dêr't er fêstset waard yn it pleatslike gerjochtsgebou anneks tichthûs, dat noch altyd stiet. Op 28 april 1881 wist Billy the Kid te ûntsnappen, wêrby't er twa helpsheriffs fermoarde: James W. Bell en Bob Olinger. Yn ferbân mei dy bekende histoaryske foarfallen hat Lincoln de status krigen fan in historic district, sis mar in beskerme doarpsgesicht.

Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard de Old Raton Ranch yn Lincoln, in net mear brûkt kamp fan it Civilian Conservation Corps (sis mar de wurkferskaffing) brûkt om 32 Amerikanen fan Japansk komôf te ynternearjen. Dêrby gie it om spoararbeiders út Clovis (Nij-Meksiko) en harren húshâldings. Dyselden ferbleaune dêr fan 23 jannewaris oant 18 desimber 1942, wêrnei't se nei oare konsintraasjekampen oerbrocht waarden.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.