In pinning, peinje of penje (ek:dinarius) is in sulveren munt dy't sûnt de Karolingyske tiid yn hiel Europa slein waard. It hie yn it earstoan in gewicht fan 2 gram, letter krige it yn ferskate dielen fan Europa in lytser gewicht.

Yn Fryslân binne nei alle gedachten yn de 9e en 10e iuw imitaasjes fan pinningen makke, mar de earste dúdlik Fryske pinningen komme út de 11e iuw. Se binne slein troch de Brunswykske greven Bruno en Egbert. Dizze munten fan mear as ½ gram waarden fersprieden troch de hannel en binne by tûzenen fûn yn it Eastseegebiet. Yn de 12e iuw sakke de hannel yn en waarden inkeld noch pinningen fan ¼ gram slein, meastentiids sûnder lêsbere omskriften dy't inkeld yn Fryslân weromfûn binne.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Penning.
  • 'Jaarboek voor Munt- en penningkunde XXVI' (1939) side 1-15