A. Leslie Scott

(Trochferwiisd fan Bradford Scott)

A. Leslie Scott (folút: Alexander Leslie Scott; Lewisburg (West-Firginia), 15 jannewaris 18931974) wie in Amerikaansk skriuwer fan westerns. Hoewol't er leard hie foar yngenieur, lei er him al rillegau ta op it skriuwen fan koarte ferhalen en romans, wêrby't er in grut oeuvre opboude. Foar syn wurk griep Scott gauris werom op syn eigen ûnderfinings yn it Amerikaanske Westen. Hy wie de geastlike heit fan 'e personaazjes Jim Hatfield en Walt Slade, dy't tige populêr waarden. Syn boeken ferskynden almeast ûnder de pseudonimen Bradford Scott en Jackson Cole.

A. Leslie Scott
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Bradford Scott, Jackson Cole
echte namme Alexander Leslie Scott
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 15 jannewaris 1893
berteplak Lewisburg (West-Firginia)
stoarn 1974
stjerplak ? (Feriene Steaten)
etnisiteit Skotsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre westerns
bekendste
  wurk(en)
Walt Slade-rige
Jim Hatfield-rige
útjouwer Pyramid Books
jierren aktyf 19391974
offisjele webside
n.f.t.

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Scott waard yn 1893 berne yn Lewisburg, yn 'e steat West-Firginia, en wie fan Skotsk komôf. Hy studearre mynbou en boukunde, en wie neitiid yn it Wylde Westen (dat doe al lang sa wyld net mear wie as dat it wol west hie) wurksum as yngenieur. In protte fan syn fertellings hawwe sadwaande as ûnderwerp (of neame sydlings) de eksploitaasje fan grûnstofen, lykas goud en ierdoalje.

Omtrint 1914 joech Scott him in hoart by de Meksikaanske rebellelieder Pancho Villa, en it wie yn dy tiid dat er him it omgean mei fjoerwapens eigen makke. Letter sleat er him oan by it Frânske Frjemdlingelegioen, en as lezjonêr focht er mei yn 'e Earste Wrâldoarloch. Tsjin 'e ein fan 'e oarloch, yn 1919, wied er opklommen ta de rang fan kaptein. Tusken 1920 en 1930 wie Scott wer as yngenieur wurksum, wylst er yn syn frije tiid úteinsette mei skriuwen, earst fan gedichten, mar letter fan romans. Omtrint 1930 joech er syn baan deroan, ferfear nei New York, en makke fan it skriuwerskip syn berop.

Yn 1936 skoep Scott it personaazje Jim Hatfield, in Texas Ranger dy't it tsjin alderhanne kriminelen en oar rapalje opnaam. (Hatfield wie de famkesnamme fan Scott syn mem.) Nei sân koarte ferhalen ferskynde yn 1937 de earste roman út 'e Jim Hatfield-rige, mei as titel Terror Stalks the Border. By it betinken fan 'e plots griep Scott faak werom op syn eigen ûnderfinings. Syn 55 koarte ferhalen en romans oer Hatfield ferskynden ûnder it kollektive pseudonym Jackson Cole, dat ek troch oare skriuwers fan 'e útjouwerij Standard Magazines brûkt waard. Ein jierren fjirtich resultearre in skeel mei de útjouwer deryn dat Scott de rjochten op it personaazje fan Jim Hatfield ferlear.

Sadwaande skoep Scott in nij personaazje, Walt Slade, dat krektlyk in Texas Ranger wie. (Feitliks wie der behalven de namme net folle ferskil tusken Hatfield en Slade.) Nei't er oer syn nije held in rige ferhalen skreaun hie, kaam yn 1956 by útjouwerij Pyramid Books de earste roman yn 'e Walt Slade-rige út, The Avenger. Neitiid soene teminsten noch 79 oare romans folgje. Scott wie in flugge skriuwer, dy't soms wol njoggen ûnderskate romans yn in jier publisearre. Yn totaal soed er yn syn libben likernôch 250 ferskillende romans skriuwe. Hy ferstoar yn 1974. Syn soan Justin Scott is ek skriuwer.

(in ûnfolsleine opsomming; wol binne alle Nederlânske oersettings opnommen dy't de Keninklike Bibleteek yn De Haach yn syn katalogus hat)

ûnder it pseudonym Jackson Cole
  • Jim Hatfield-rige
    • 1937 – Terror Stalks the Border
    • 1939 – Lone Star Law
    • 1939 – Lone Star Silver
    • 1940 – Lone Star Legion
    • 1945 – Guns of Vengeance
    • 1948 – The Tomstone Trail
      •   Nederlânske oersetting: De Weg naar Tombstone (fert. Louis Knuvelder, 1961)
  • op harsels steande romans
    • 1939 – Outlawed
    • 1944 – The Outlaws of Caja Basin
ûnder it pseudonym Bradford Scott
  • Walt Slade-rige
    • 1956 – The Avenger
      •   Nederlânske oersetting: Wraak in Texas (fert. Louis Knuvelder, 1960)
    • 1956 – Badlands Boss
      •   Nederlânske oersetting: Koning der Wildernis (fert. Louis Knuvelder, 1964)
    • 1956 – Canyon Killers
    • 1956 – Gunsmoke Over Texas
      •   Nederlânske oersetting: Bloed in Texas (fert. Hendrick van Diest, 1961)
    • 1956 – Trigger Talk
      •   Nederlânske oersetting: De Revolverman (fert. Louis Knuvelder, 1963)
    • 1957 – Curse of Texas Gold
      •   Nederlânske oersetting: De Vloek van het Texas-goud (fert. Louis Knuvelder, 1962)
    • 1957 – Rimrock Raiders
      •   Nederlânske oersetting: De Duivelse Raiders (fert. Louis Knuvelder, 1964)
    • 1959 – The Blaze of Guns
      •   Nederlânske oersetting: Revolverconcert (fert. M.M. Ponjee, 1961)
    • 1959 – Shootin' Man
      •   Nederlânske oersetting: Schietende Schurken (fert. net fermeld, 1964)
    • 1959 – Texas Vengeance
    • 1960 – Lone Star Rider
    • 1961 – The Desert Killers
      •   Nederlânske oersetting: Woestijnduivels (fert. Louis Knuvelder, 1962)
    • 1961 – Gunsmoke on the Rio Grande
    • 1961 – Skeleton Trail
      •   Nederlânske oersetting: Skeleton Trail (fert. Max L. Groen, 1968)
    • 1961 – Smugglers' Brand
    • 1962 – Gunsight Showdown
    • 1962 – The Masked Riders
      •   Nederlânske oersetting: De Gemaskerde Ruiters (fert. Hendrick van Diest, 1963)
    • 1962 – Texas Devil
    • 1962 – Texas Rider
      •   Nederlânske oersetting: Texas-ruiters (fert. Louis Knuvelder, 1963)
    • 1962 – Trail of Blood and Bones
      •   Nederlânske oersetting: Het Spoor van Dood en Verderf (fert. Louis Knuvelder, 1963)
    • 1963 – Bullets for a Ranger
    • 1963 – Gun Justice
      •   Nederlânske oersetting: Hoog Spel in Texas (fert. Louis Knuvelder, 1964)
    • 1963 – Gundown!
      •   Nederlânske oersetting: Terreur der Revolvers (fert. Hendrick van Diest, 1964)
    • 1963 – Gunsmoke Talk
      •   Nederlânske oersetting: Terreur over El Paso (fert. Hendrick van Diest, 1964)
    • 1963 – Killer's Doom
      •   Nederlânske oersetting: Genadeloze Jacht (fert. Hendrick van Diest, 1964)
    • 1963 – Outlaw Gold
      •   Nederlânske oersetting: Het Goud van de Rio Grande (fert. Hendrick van Diest, 1964)
    • 1963 – Outlaw Land
    • 1963 – Ranger's Revenge
      •   Nederlânske oersetting: De Wraak van een Ranger (fert. Hendrick van Diest, 1964)
    • 1963 – The Rattlesnake Bandit
      •   Nederlânske oersetting: Het Teken van de Slang (fert. Hendrick van Diest, 1965)
    • 1963 – Rustlers' Guns
    • 1964 – Dead At Sunset
    • 1964 – Death Calls the Turn
      •   Nederlânske oersetting: Moord en Doodslag (fert. Louis Knuvelder, 1966)
    • 1964 – The Ghost Trail
      •   Nederlânske oersetting: Goudkoorts (fert. Hendrick van Diest, 1965)
    • 1964 – Guns for Hire
    • 1964 – Horseman of the Shadows
      •   Nederlânske oersetting: Vuur over El Paso (fert. Hendrick van Diest, 1966)
    • 1964 – The Range Ghost (alternative titel: The Range Terror)
      •   Nederlânske oersetting: Spook van de Prairie (fert. Hendrick van Diest, 1966)
    • 1964 – Showdown at Skull Canyon
    • 1964 – Trail of Guns and Gold
      •   Nederlânske oersetting: Het Giftige Goud (fert. Louis Knuvelder, 1966)
    • 1964 – Trails of Steel
      •   Nederlânske oersetting: Storm over Texas (fert. Louis Knuvelder, 1966)
    • 1965 – Border Vengeance
      •   Nederlânske oersetting: De Grens in Vlammen (fert. Hendrick van Diest, 1967)
    • 1965 – Death in the Saddle
    • 1965 – Dead in Texas (alternative titel: Gunslick)
      •   Nederlânske oersetting: Dood in Texas (fert. Louis Knuvelder, 1966)
    • 1966 – Texas Badman
      •   Nederlânske oersetting: Duel van Desperado's (fert. Hendrick van Diest, 1967)
    • 1967 – Bullet Brand
    • 1967 – Curse of Dead Man's Trail
    • 1967 – Death on the Rimrock
    • 1967 – Death's Harvest
    • 1967 – Hot Lead and Cold Nerve
    • 1967 – Rider of the Mesquite Trail
    • 1967 – The Sidewinder
    • 1967 – Texas Death
    • 1967 – Thunder Trail
    • 1968 – Boom Town
    • 1968 – The Border Terror
    • 1968 – Border War
    • 1968 – Death's Tally
    • 1968 – Hard Rock Showdown
    • 1968 – Haunted Valley
    • 1968 – Lead and Flame
    • 1968 – Outlaw Round-up
    • 1968 – The River Raiders
    • 1968 – Sixguns in a Bloody Dawn
    • 1968 – The Sky Riders
    • 1969 – Curse of the Dead Man's Gold
    • 1969 – Date with Death
    • 1969 – Devil from Blazing Hill
    • 1969 – Laredo on the Rio Grande
    • 1969 – Mountain Raiders
    • 1969 – Pecos Law
    • 1969 – Six Gun Fury
    • 1969 – Sixgun Doom
    • 1969 – Trail of Empire
    • 1970 – Death to the Ranger!
    • 1970 – Ranger's Roundup
    • 1970 – Red Road of Vengeance
    • 1971 – Ranger Daring
    • 1971 – The Ranger Wins
    • 1972 – A Ranger Rides the Death Trail
    • 1973 – Four Must Die
  • op harsels steande romans
    • 1942 – The Cowpuncher
    • 1945 – The Range Rider
    • 1946 – Desert Gold
    • 1947 – Gold for the Dead
    • 1949 – The Whip
    • 1951 – Walters of the Flying W
    • 1953 – Silver City
    • 1954 – The Trail of the Yuma Kid
    • 1956 – The Texas Terror
      •   Nederlânske oersetting: Terreur over Texas (fert. Hendrick van Diest, 1962)
    • 1957 – Death Canyon
    • 1957 – The Texas Hawk
      •   Nederlânske oersetting: De Texas Havik (fert. Louis Knuvelder, 1960)
    • 1959 – Gun Law
      •   Nederlânske oersetting: Knallende Revolvers (fert. Louis Knuvelder, 1960)
    • 1960 – Ambush Trail
    • 1960 – The Pecos Trail
      •   Nederlânske oersetting: Brug over de Pecos (fert. Hendrick van Diest, 1962)
    • 1960 – Rustler's Range
    • 1960 – Valley of Hunted Men
    • 1961 – Rangeland Guns
      •   Nederlânske oersetting: De Prairiehelden (fert. Hendrick van Diest, 1962)
    • 1961 – Rangers At Bay
    • 1962 – Death Rides the Rio Grande
    • 1962 – Doom Trail
    • 1962 – Guns of Bang Town
      •   Nederlânske oersetting: Schoten van Bang Town (fert. Gerard van Buuren, 1963)
    • 1963 – Death's Corral
    • 1964 – Raiders of the Rio Grande
    • 1965 – Bullets Over the Border
    • 1965 – Thundering Guns
    • 1965 – Wasteland Rider
      •   Nederlânske oersetting: De Koning fan de Colt (fert. Hendrick van Diest, 1968)
    • 1965 – West of Laredo
    • 1967 – Maverick Showdown
    • 1969 – Blood on the Moon
    • 1969 – Bullet Justice
    • 1969 – Hands Up!
    • 1969 – Sixgun Talk
    • 1969 – Texas Blood
    • 1970 – Death Whispers
    • 1970 – Reach for Gold
    • 1971 – Savage Gunlaw
ûnder de namme fan A. Leslie Scott
  • 1955 – The Texan
    •   Nederlânske oersetting: De Man uit Texas (fert. Louis Knuvelder, 1964)
  • 1959 – Boothill Town
  • 1964 – Black Bonanza

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.