Jove Books

(Trochferwiisd fan Pyramid Books)

Jove Books (foarhinne Pyramid Books) is in Amerikaanske útjouwerij fan paperback-boeken, dy't fêstige is yn New York. It bedriuw is tsjintwurdich in ymprint fan Berkley Books, dat wer ta de Penguin Group heart.

Jove Books
algemien
hist. namme Pyramid Books
nasjonaliteit Amerikaansk
type privaat
sektor útjouwerij
haadkertier New York (New York)
oprjochte 1949
oprjochter Alfred R. Plaine en
Matthew Huttner
eigner Penguin Group
mem Berkley Books
offisjele webside
www.berkleyjoveauthors.com

Pyramid Books waard yn 1949 oprjochte troch útjouwers Afred R. Plaine en Matthew Huttner. Ein jierren sechstich diene dy it bedriuw fan 'e hân oan 'e Walter Reade Organization, wêrnei't it yn 1974 oankocht waard troch Harcourt Brace. As ymprint fan dy útjouwerij waard Pyramid Books yn 1977 omneamd ta Jove Books. Yn 1979 waard de ymprint ferkocht oan G.P. Putnam's Sons, dy't Jove ûnderbrocht by syn difyzje Berkley Books. Yn 1996 waard Putnam oernommen troch de Britske Penguin Group.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.