Marlene Dietrich
Marie Magdalene (Marlene) Dietrich (Berlyn, 27 desimber 1901 - Parys, 6 maaie 1992) wie in Dútsk-Amerikaansk aktrise en sjongster.
Marlene Dietrich | ||
akteur | ||
Marlene Dietrich (1951) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Marie Magdalene Dietrich | |
nasjonaliteit | Dútsk, Amerikaansk | |
berne | 27 desimber 1901 | |
berteplak | Berlyn | |
stoarn | 6 maaie 1992 | |
stjerplak | Parys | |
jierren aktyf | 1919–1984 |
Libben en wurk
bewurkje seksjeDe namme "Marlene" hat hja as bern gearstald út har beide foarnammen. Letter soe hja dy namme as pseudonym brûke dêr't de hiele wrâld har mei oansprekke soe. Grutte bekendens krige sy mei de rol fan revuesjongster yn de film Der blaue Engel, fral mei it liet Ich bin von Kopf bis Fuß auf Liebe eingestellt (1929). Yn de Twadde Wrâldkriich wurdt se noch ferneamder mei it liet Lili Marleen, skreaun yn 1915 en oan wjerskanten fan it front likefolle wurdearre (al wie it yn ferskillende talen).
Yn 1930 ferhûzet Marlene Dietrich nei de Feriene Steaten. Dêr wurket sy mei de Eastenrykske regisseur Josef von Sternberg. Se wurdt troch Hitler frege werom te kommen, mar sy wegeret. Hitler sjocht har as it toanbyld fan de Dútske frou. Dietrich hie in ôfgriis fan alles dêr't Hitler foar stie. Yn de oarloch sjongt sy foar de Alliearde soldaten oan it front.
Dietrich traad yn 1960 noch ienkear op yn Berlyn, mar wurde útgeid en as ferriedster beskôge. Sy is nea werom west.
Dietrich wie in symboal fan glamour en ferliedlikens en hie in androgyne skouwing. Se kaam der iepenlik foar út dat se biseksueel wie: "Ein bisschen bi schadet nie". Ta har freonen hearden Mae West, skriuwer Ernest Hemingway, Noël Coward en Hildegard Knef. Hja hat relaasjes hân mei John F. Kennedy, Mercedes D'Acosta, Jean Gabin en Claudette Colbert.
Doe't har filmkarriêre yn de nederklits rekke begûn hja har mear ta te lizzen op it sjongen, en mei súkses. Mei Marlene sels giet it dan al minder: hja rekket oan de drank en slieppillen en hat it hieltyd dreger mei it ferbergjen fan har wiere âldens. Op toernee yn Austraalje yn 1975 brekt sy in skonk; neitiid hat hja har nea wer yn 't iepenbier sjen litten.
Op 6 maaie 1992 stjert se, nei't sy 15 jier as in kluzener, yn har appartemint yn Parys, libbe hie. As teken fan fermoedsoening wurdt hja yn Berlyn te hôf brocht.
Galery
bewurkje seksje-
Marlene Dietrich jout in ferwûne US-soldaat in hantekening (Belgje 1944)
-
Grand Gala du Disque Populaire 1963 yn it Kurhaus te Skeveningen mei Godfried Bomans
-
Grêf yn Berlin-Friedenau mei it opskrift:Hier steh ich an den Marken meiner Tage, (Theodor Körner)
-
Marlene Dietrich yn Shanghei Express (1932)
Diskografy
bewurkje seksjeStudio-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht yn | Label | Singles |
---|---|---|---|
Overseas | 1951 | Columbia | Lili Marlene |
Die neue Marlene | 1965 | Electrola | Sag mir wo die Blumen Sind, |
Marlene singt Berlin, Berlin | 1965 | Polydor |
Live-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht yn | Label |
---|---|---|
Live at the Café de Paris | 1954 | Columbia |
Dietrich in Rio | 1959 | |
Wiedersehen mit Marlene | 1960 | Electrola |
Dietrich in London | 1965 | Pye Records |
Kompilaasje-albums
bewurkje seksjeAlbum | Utbrocht yn |
---|---|
Decca Presents Marlene Dietrich |
1940 |
Sings | 1948 |
Souvenir Album | 1950 |
Marlene Dietrich | 1958 |
Lili Marlene – Sung In German |
1959 |
The Legendary Marlene Dietrich | 1967 |
The Magic Of Marlene Dietrich | 1970 |
Marlene Dietrich In Deutschland | 1976 |
Marlene Dietrich | 1978 |
Mythos Marlene Dietrich | |
The Legendary Marlene Dietrich | |
Ich Bin Von Kopf Bis Fuß Auf Liebe Eingestellt | 1980 |
Marlène | 1981 |
Con Plumas | 1982 |
The Legendary, Lovely Marlene | |
The Best Of Marlene Dietrich | 1985 |
The Blue Angel — The Original Recordings | 1990 |
The Essential Marlene Dietrich | 1991 |
The Marlene Dietrich Album | 1992 |
Art Decco: The Cosmopolitan Marlene Dietrich |
1993 |
Mythos Und Legende / Myth And Legend |
1994 |
Falling in Love Again | 1996 |
Marlene Dietrich – Legends Of The 20th Century – Original Recordings |
1999 |
Der Blonde Engel | 2001 |
Marlene Forever | 2002 |
Classic: The Universal Masters Collection | 2003 |
The Ultimate Collection | 2015 |
Marlene Dietrich W Warszawie Z Archiwum Polskiego Radia |
2017 |
Filmografy
bewurkje seksjeFilmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
stomme-films | |||
1919 | Im Schatten des Glücks | (Net-befêstige rol) | |
1923 | The Little Napoleon | Kathrin | |
1923 | Tragedy of Love | Lucy | |
1923 | Man by the Wayside | Kramerstochter | |
1924 | The Monk from Santarem | net neamd | |
1924 | Leap Into Life | Famke op it strân | |
1925 | Dancing Mad | Dance Extra | |
1925 | The Joyless Street | net neamd | |
1926 | Manon Lescaut | Micheline | |
1926 | Madame Wants No Children | net neamd | |
1927 | A Modern Dubarry | Kokotte | |
1927 | The Imaginary Baron | Sophie | |
1927 | Heads Up, Charley | Edmee Marchand | |
1927 | His Greatest Bluff | Yvette | |
1927 | Cafe Elektric | Erni | |
1928 | Princess Olala | Chichotte de Gastone | |
1929 | Dangers of the Engagement Period | Evelyne | |
1929 | I Kiss Your Hand, Madame | Laurence Gerard | |
1929 | The Woman One Longs For | Stascha | |
1929 | The Ship of Lost Souls | Ethel Marley | |
films mei lûd | |||
1930 | The Blue Angel | Lola-Lola | |
1930 | Morocco | Mademoiselle Amy Jolly | |
1931 | Dishonored | Marie Kolverer | |
1932 | Shanghai Express | Shanghai Lily | |
1932 | Blonde Venus | Helen Faraday | |
1933 | The Song of Songs | Lily Czepanek | |
1934 | The Scarlet Empress | Princess Sophia Frederica / Catherine II | |
1935 | The Devil is a Woman | Concha Perez | |
1936 | I Loved a Soldier | Anna Sedlak | |
1936 | Desire | Madeleine de Aupre | |
1936 | The Garden of Allah | Domini Enfilden | |
1937 | Knight Without Armour | Countess Alexandra Vladinoff | |
1937 | Angel | Maria Berker | |
1939 | Destry Rides Again | Frenchy | |
1940 | Seven Sinners | Bijou Blanche | |
1941 | The Flame of New Orleans | Countess Claire Ledoux | |
1941 | Manpower | Fay Duvall | |
1942 | The Lady Is Willing | Elizabeth Madden | |
1942 | The Spoilers | Cherry Malotte | |
1942 | Pittsburgh | Josey 'Hunky' Winters | |
1944 | Kismet | Jamilla | |
1944 | Follow the Boys | as har sels | |
1946 | Martin Roumagnac | Blanche Ferrand | |
1947 | Golden Earrings | Lydia | |
1948 | A Foreign Affair | Erika von Schlütow | |
1949 | Jigsaw | as har sels | |
1950 | Stage Fright | Charlotte Inwood | |
1951 | No Highway in the Sky | Monica Teasdale | |
1952 | Rancho Notorious | Altar Keane | |
1956 | Around the World in 80 Days | Saloon Hostess | |
1956 | The Monte Carlo Story | Maria de Creveçoeur | |
1957 | Witness for the Prosecution | Christine Vole (Helm) / cockney frou | |
1958 | Touch of Evil | Tanya | |
1961 | Judgment at Nuremberg | Frau Bertholt | |
1962 | Black Fox: The Rise and Fall of Adolf Hitler | Ferteller | |
1964 | Paris When It Sizzles | as har sels | |
1979 | Schöner Gigolo, armer Gigolo | Baroness von Semering | |
1984 | Marlene | as har sels | |
dokumintêres | |||
1928 | Die glückliche Mutter | ||
1935 | The Fashion Side of Hollywood | ||
1937 | Screen Snapshots Series 16, No. 7 | ||
1943 | Show Business at War | ||
1944 | Memo for Joe |
Boeken
bewurkje seksje- ABC meines Lebens. Blanvalet, Berlin 1963
- Nehmt nur mein Leben. Bertelsmann-Verlag 1979
- Ich bin, Gott sei Dank, Berlinerin. Ullstein, Berlin 1998; Ullstein-TB, ISBN 3-548-24537-4
- Nehmt nur mein Leben … - Reflexionen. Henschel, Berlin 1984
- Some Facts about myself. Edition Cantz, Stuttgart 1991, ISBN 3-89322-226-X
- Nachtgedanken. C. Bertelsmann Verlag, München 2005, ISBN 3-570-00874-6