Around the World in 80 Days (film út 1956)

Around the World in 80 Days, soms stavere as Around the World in Eighty Days, is in Amerikaanske aventoerekomeedzje yn Technicolor út 1956. De film waard regissearre troch Michael Anderson, produsearre troch MikeTodd en útbrocht troch United Artists. De haadrollen waarden fertolke troch David Niven en Cantinflas, mei Shirley MacLaine en Robert Newton yn 'e wichtichste byrollen. De titel betsjut "Om 'e Wrâld yn 80 Dagen". De film is basearre op 'e ferneamde aventoereroman Le Tour du Monde en Quatre-vingts Jours fan Jules Verne, út 1872. It ferhaal giet oer in eksintrike Ingelske aristokraat, Phileas Fogg, dy't yn syn heareklub úthâldt dat it mei de foarútgong fan dat stuit mooglik is om in reis om 'e wrâld te meitsjen yn tachtich dagen. As de oare leden him net leauwe wolle, slút er in weddenskip ôf en set er noch dyselde jûns mei syn tsjinstfeint Passepartout útein om syn gelyk te bewizen. Around the World in 80 Days krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes. De film wûn 5 Oscars, wêrûnder de Oscar foar Bêste Film, en 2 Golden Globes, wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Film – Drama. Tsjintwurdich wurdt it beskôge as in wiere filmklassiker.

Around the World in 80 Days
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Michael Anderson
produsint Mike Todd
senario James Poe
John Farrow
S.J. Perelman
basearre op Le Tour du Monde en Quatre-
   vingts Jours
fan Jules Verne
kamerarezjy Lionel Lindon
muzyk Victor Young
filmstudio Michael Todd Company
distribúsje United Artists
spilers
haadrollen David Niven
Cantinflas
byrollen Shirley MacLaine
Robert Newton
Cedric Hardwicke
John Carradine
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 17 oktober 1956
foarm langspylfilm
sjenre aventoerekomeedzje
taal Ingelsk (ek wat Frânsk en Spaansk)
spyltiid 182 minuten
budget en resultaten
budget $6 miljoen
opbringst $46,6 miljoen
prizen 5 × Oscar
2 × Golden Globe

Fêste foarfilm

bewurkje seksje

Around the World in 80 Days waard útbrocht mei in fêste prolooch dy't winliken alhiel neat mei de eigentlike film te krijen hat. Yn dizze foarfilm presintearret ferslachjouwer Edward R. Murrow byldmateriaal út 'e stomme film Le Voyage dans la Lune fan regisseur Georges Méliès út 1902. Hy leit dêrby út dat dy film loskes basearre wie op 'e roman De la Terre à la Lune, fan Jules Verne, út 1865. De prolooch omfiemet ek bylden fan 'e lansearring fan in ûnbemanne raket dy't tarist is mei in kamera, sadat toand wurde kin hoe't de Ierde almar fierder op ôfstân komt. Dat moat yn 1956, foar de dage fan it Apolloprogramma fan 'e NASA, spektakulêr west hawwe, mar no hellet men de skouders deroer op.

Yn 1872 arrivearret de Frânsman Passepartout yn 'e Britske haadstêd Londen, nei't er, nei eigen sizzen, op 'e flecht foar de ferskate froulju dêr't er it mei oanlein hat, de wyk nimme moatten hat út syn heitelân. Yn Londen siket er wurk. As er heart dat de eksintrike hear Phileas Fogg om in butler ferlegen sit nei't de lêste dy't dy posysje ferfolle hat, opstapt is út wanhoop oer de nuvere opstigings fan syn wurkjouwer, biedt er himsels oan as ferfanger. It docht al mei gauwens bliken dat Fogg in man is foar wa't tiid en regelmaat tige wichtich binne. It is foar him ûnbesprekber om in miel te beplúzjen dat net persiis op 'e tiid optsjinne wurdt of in bad te nimmen dat net persiis de juste temperatuer hat.

Dyselde deis besiket Fogg de Reform Club, in tige eksklusive heareklub dêr't er kaartspilet mei oare hearen fan stân. Underwilens beprate de mannen in oerfal op in Bank fan Ingelân, wêrby't de dieder £55.000 (£5 miljoen yn jild fan 2017) bútmakke hat. Guon fan harren ornearje dat de rôver mei gauwens pakt wurde sil, wylst oaren miene dat de wrâld sa grut is dat de autoriteiten him nea fine sille. Dat bringt it petear op 'e foarútgong en wat dy te betsjutten hat foar reizgjen en kommunikaasje. Fogg beweart dat men tsjintwurdich yn tachtich dagen de wrâld yn 't rûn reizgje kin. De measte oaren beslane dat mei de gek. Dêrop daget Fogg harren út ta in weddenskip mei ynset fan £20.000 (£1,8 miljoen yn jild fan 2017) dat hy in reis om 'e wrâld meitsje kin en binnen tachtich dagen wer yn 'e Reform Club wêze kin. De oaren nimme dy weddenskip oan.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Sadwaande sette Fogg en de frijwat ferbjustere Passepartout dyselde jûns noch om persiis 8.45 oere út Londen ôf troch de trein nei de kust te nimmen om dêr mei de fearboat It Kanaal oer te stekken nei Frankryk. By harren hawwe se in reistas dy't fol sit mei it papierjild út Fogg syn klûs en net folle oars. Nei't se de Frânske haadstêd Parys berikke, wolle se de trein nei de Marseille nimme, mar dêr komme se it earste obstakel tsjin as bliken docht dat troch in lawine it spoar troch de Alpen blokkearre is. It tafal wol dat de eigner fan it reisburo yn Parys dêr't se de treinreis boeke woene, ek in entûsjast ballonfarder is. Dat Fogg keapet foar rij jild syn hjitte-luchtballon en dêrmei sette hy en Passepartout út Parys ôf. As se úteinlik de kust fan 'e Middellânske See berikke, docht lykwols bliken dat se troch de wyn fier fan 'e koers ôf blaasd binne en dat de mei snie bekape bergen dêr't se oerhinne flein binne, eins de Pyreneeën wiene ynstee fan 'e Alpen. Fan gefolgen binne se net yn Súd-Frankryk, mar yn Spanje bedarre.

Om harren oansluting op it steamskip de Mongolia te heljen, dat harren út Marseille fia it Suëzkanaal nei Britsk-Ynje bringe sil, moatte se in flugge boat sjen te finen dy't harren út Spanje nei Marseille farre kin. De iennichste dy't oer sa'n boat beskikt is in besykjende Marokkaanske ealman út Tanger, dy't yn Spanje is om't er sljocht is nei bollefjochtsjen. Nei't er Passepartout dûnsjen sjoen hat, easket dyselde yn ruil foar it gebrûk fan syn boat dat Passepartout as matador meidwaan sil oan it bollefjochtsjen. De fernimstige tsjinstfeint docht dat en wit it publyk foar him te winnen mei in komysk optreden, wêrnei't hy en Fogg mei de flugge boat nei Marseille brocht wurde, krekt op 'e tiid om 'e Mongolia te heljen.

Underwilens groeit yn Londen it fermoeden dat Fogg dejinge is dy't de Bank fan Ingelân oerfallen hat. Want it is nimmen dúdlik wêr't Fogg syn jild eins mei fertsjinne hat, en wêrom soed er oars sa hookstrooks nei it bûtenlân ta flechte wêze ûnder it mom fan in weddenskip dy't er hoegenamt net winne kin? Ynspekteur Fix fan Scotland Yard, dy't al om utens is, kriget fia de tillegraaf opdracht om ûndersyk te dwaan. Hy wachtet Fogg op yn Port Suëz, yn Egypte, mar kin de man net arrestearje salang't er út Londen wei gjin arrestaasjebefel ûntfongen hat. Sadwaande reizget er op 'e Mongolia mei troch it Suëzkanaal en oer de Reade See en de Arabyske See nei Bombay, oan 'e westkust fan Britsk-Ynje. Fix hie hope dat dêr in arrestaasjebefel foar him klearlizze soe, mar dat is sa net, dat der rest him neat oars as troch te reizgjen nei Calcutta. Tsjin dy tiid folget de hiele Ingelske befolking, keninginne Fiktoaria ynbegrepen, mei nijsgjirrigens de berjochten oer de fuortgong fan Fogg.

Underwilens nimme Fogg en Passepartout de Great Indian Peninsular Railway nei Calcutta om oer lân in stik ôf te snijen. Se ferlieze frijwat tiid as bliken docht dat, oars as dat de kranten berjochte hawwe, de spoarline noch net ôf is. By Allahabad ûntbrekt noch in trasee fan 50 myl dêr't de passazjiers op eigen manneboet alternatyf ferfier sykje moatte. Fogg hiert in pleatslike kornak yn, dy't him, Passepartout en in oare reizger, de Britske ofsier sir Francis Cromarty, op syn oaljefant troch de wyldernis riidt. Underweis stjitte se jûns let op 'e útfeart fan in pleatslike radja, wêrby't de frou fan dyselde tagelyk mei syn stoflik omskot kremearre wurde sil. Dit sûttiïsme (it mei-kremearjen fan libbene houlikspartners) is troch it Britske bestjoer yn Britsk-Ynje ferbean, mar blykber noch net alhiel útrûge. As dúdlik wurdt dat de jonge widdo twongen wurdt om oan it klandestine ritueel mei te wurkjen, is Fogg de earste dy't yngripe wol. It is lykwols de fernimstigens fan Passepartout dy't harren by steat steld om 'e rani te rêden. It giet om in jonge frou dy't Aouda hjit en yn Ingelân nei skoalle west hat, sadat se floeiend Ingelsk sprekt. Se seit dat se in omke yn Hongkong hat, en Fogg beslút har dêr teplak te bringen.

Oan board fan 'e RMS Rangoon reizgje Fogg, Passepartout, Aouda en ek Fix nei Hongkong, dêr't bliken docht dat de omke fan Aouda dêr net mear is. Fogg beslút dat der neat oars op sit as Aouda mei te nimmen nei Ingelân. Mei't sy ûnderweis nei Hongkong fereale op him wurden is, hat sy dêr gjin beswier tsjin. Wylst Fogg en Aouda harren yntrek nimme yn in hotel, wurdt Passepartout derop útstjoerd om passaazje te boeken op 'e SS Carnatic nei Yokohoma, yn Japan. Fix is der lykwols alles oan gelegen om Fogg yn Hongkong te hâlden, mei't dat Britske grûn is en hy noch altyd op in arrestaasjebefel út Londen wachtet. Passepartout lit him troch Fix meitroaie nei in kroech, dêr't Fix him dronken fiert. Dêrnei lit er de bewusteleaze Passepartout troch in pear trewanten fan sines yn 'e haven dumpe. De behelpsume plysje, dy't him dêr fynt, treft de boekingsbewizen foar de SS Carnatic yn syn bûse oan en bringt him dêr oan board. Om't de ôfreistiid fan it skip lykwols nei foarren helle is, misse Fogg en Aouda letterlik de boat.

As Passepartout de oare deis allinnich oan board fan 'e SS Carnatic wekker wurdt, is er raar gesteld. Yn Yokohama oankommen, doarmet er lykme-allinne troch de stêd sûnder jild of iten. Underwilens blykt Fogg net foar ien gat te fangen te wêzen. Om't der pas oer in wike wer in passazjiersskip fan Hongkong nei Yokohama giet, betellet er in Sineeske fisker om him op syn jonk nei Japan te farren, yn 'e mande mei Aouda en de no net mear fan syn side wikende Fix. Yn Yokohama fine Fogg en Aouda Passepartout werom yn in teäter, dêr't er him by in Japanske troep akrobaten jûn hat om itende te bliuwen. Weriene nimme se trijeresom in nij passazjiersskip, de General Grant, om oer de Stille Oseaan nei San Francisco te farren. Op 'e nij fynt Fix in ferlechje om wer krekt itselde skip te nimmen.

Yn San Francisco kriget Fogg it oan 'e stôk mei in Amerikaan, kolonel Stamp Proctor. Hy en syn selskipslju nimme it Transkontinintaal Spoar nei New York, dwers troch Noard-Amearika hinne. Dêrby komme se yn 'e Rocky Mountains nauwerneed oer in ynstoartende spoarbrêge en moatte se op 'e Grutte Flakten hohâlde foar in reuseftige keppel bizons dy't de spoarline oerstekt. Koarte tiid letter rekket Fogg wer deilis mei kolonel Proctor, dy't tafalligerwize mei deselde trein reizget. De beide hearen beslute yn ien fan 'e treinwagons in duël mei de revolver út te fjochtsjen, mar ear't dat syn beslach krije kin, wurdt de trein oanfallen troch de Lakota-Yndianen. De masinist en de stoker wurde by de oanfal deade en de trein giet op 'e rin. De moedige Passepartout besiket oer it dak fan 'e wagons de lokomotyf te berikken, mar rûgelet fan 'e trein. Nei in efterfolging wurdt er finzen nommen troch de Yndianen, dy't him meinimme nei harren kamp en risselwearje om him libben te ferbaarnen. Underwilens is de trein feilich arrivearre yn Fort Kearney. Fogg liedt in ôfdieling fan 'e Amerikaanske kavalery by in oanfal op it kamp fan 'e Lakota, wêrby't Passepartout op it nipperke rêden wurdt.

Werom yn Fort Kearney is de trein al sûnder Fogg-en-dy ôfset. Dêrop bouwe se in sylwein dy't op it spoar ride kin, sadat se net in wike op 'e folgjende trein hoege te wachtsjen. Troch alle omballingen arrivearje se te let yn New York om it skip oer de Atlantyske Oseaan nei Liverpool yn Ingelân te heljen. Dat, Fogg betellet de kaptein fan 'e SS Henrietta, in frachtskip dat eins Caracas, yn Fenezuëla, as bestimming hat, om ynstee nei Liverpool te farren. Hy lit bot oanstoke om faasje te meitsjen, mar healwei de oerstek rekket de stienkoal op, dy't ommers ynnommen wie foar in koartere reis. Dêrop keapet Fogg it hiele skip en lit dan alles dat los en fêstsit, wêrûnder de hiele boppebou, mêsten en seilen, yn 'e ûne smite. Krekt as se neat mear hawwe om op te stoken en stil te lizzen driigje te kommen, wurdt oan 'e kym lân waarnommen.

Sa komme se op 'e tachtichste dei fan 'e reis yn Liverpool oan. Der is dan noch krekt genôch tiid om mei de trein nei Londen te reizgjen en dêr foar 8.45 oere jûns yn 'e Reform Club te wêzen. Yn Liverpool leit foar Fix, dy't ek mei SS Henrietta út Amearika oerkommen is, einlings en te'n lêsten syn langferwachte arrestaasjebefel klear. Dat hy pakt Fogg op fertinking fan bankrôf op en smyt him yn 'e sel. Pas jûns let docht bliken dat de wiere dieder fan 'e oerfal op 'e Bank fan Ingelân ûnderwilens al oppakt is yn Brighton. In fernedere Fix biedt Fogg syn ûntskuldigings oan en lit him gean. Troch it akkefytsje mei Fix is der lykwols net genôch tiid mear om op 'e tiid de Reform Club te berikken. Dat Fogg-en-dy dogge it har oan tiid om nei hûs en komme de oare moarns, op snein, yn 'e filla fan Fogg oan. Dêr sûnderet Fogg him deprimearre fan syn reisgenoaten ôf, mei't er syn hiele fermogen kwyt is no't er de weddenskip ferlern hat.

Oan 'e oare kant docht lykwols bliken dat er de leafde fan 'e bekoarlike Aouda wûn hat. De oars sa opmerksume Fogg moat dêr wol mei de noas op treaun wurde foar't er it foar it ferstân hat, mar dan kriget er syn âlde trochtaastendheid werom. Hy en Aouda beslute te trouwen en Passepartout wurdt derop útstjoerd om't der daliks in predikant by helle wurde moat. Underweis komt Passepartout in krantejonge tsjin, dy't de krante fan sneon ferkeapet. Passepartout keapet in krante en hastiget him werom nei syn master. It wol Fogg earst net oan dat it sneon is ynstee fan snein, om't er de dagen goed byholden hat. Mar dan beseft er dat se, trochdat se yn eastlike rjochting om 'e wrâld reizge binne, by it krusen fan 'e Ynternasjonale Datumgrins in dei wûn hawwe. It is op dat stuit 8.35 oere jûns, dat hy moat hurd om noch op 'e tiid yn 'e Reform Club te wêzen, mar mei muoite slagget him dat en is er persiis te plak as de sekondewizer de tolve oanwiist. Dêrmei hat er de weddenskip dochs noch wûn en de oare leden fan 'e heareklub jouwe har ferlies ta. As Aouda, dy't Fogg efternei kommen is, sûnder euvelmoed de Reform Club binnen komt, binne de leden dêr folle mear troch yn shock as troch it feit dat Fogg yn tachtich dagen de wrâld yn 't rûn reizge hat, want yn 'e lange, lange skiednis fan 'e heareklub hat dêr noch nea in frou oer de flier west.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
David Niven.
 
Cantinflas.
 
Shirley MacLaine.
 
Robert Newton.
haadrollen
personaazje                                       akteur/aktrise
Phileas Fogg David Niven
Passepartout Cantinflas


byrollen

(útsein dy fan Shirley MacLaine en Robert Newton kinne hast alle byrollen oantsjut wurde as cameo's)

personaazje akteur/aktrise
prinsesse Aouda Shirley MacLaine
ynspekteur Fix Robert Newton
Roland Hesketh-Baggott, in manager fan in útstjoerbedriuw Noël Coward
Foster, de eardere butler fan Fogg sir John Gielgud
Andrew Stuart, in lid fan 'e Reform Club Finlay Currie
Gauthier Ralph, in lid fan 'e Reform Club Robert Morley
Dennis Fallentin, in lid fan 'e Reform Club Trevor Howard
oare leden fan 'e Reform Club Ronald Adam
Felix Felton
Walter Fitzgerald
Frederick Leister
A.E. Matthews
Ronald Squire
Basil Sydney
Hinshaw, de butler fan 'e Reform Club Harcourt Williams
jonge frou op spoarstasjon yn Parys Martine Carol
koetsier yn Parys Fernandel
flirt yn Parys Evelyn Keyes
monsieur Gasse, de ballonfarder Charles Boyer
flamencodûnser yn Spanje José Greco
in bollefjochter Luis Miguel Dominguín
Achmed Adullah Gilbert Roland
tsjinner fan Achmed Adullah Cesar Romero
Britske konsul yn Port Suëz Alan Mowbray
sir Francis Cromarty, in Britsk ofsier sir Cedric Hardwicke
plysje-ynspekteur yn Bombay Reginald Denny
funksjonaris fan 'e Great Indian Peninsular Railway Ronald Colman
kornak Robert Cabal
Talley, in steward op 'e RMS Rangoon Melville Cooper
klerk fan steamskipmaatskippij yn Hongkong Charles Coburn
Sineeske man yn Hongkong Philip Ahn
dronkeman yn Hongkong Mike Mazurski
ynspekteur Hunter fan Scotland Yard Richard Wattis
âldman by reisburo yn Yokohama Keye Luke
útsmiter yn saloon yn San Francisco George Raft
dame yn saloon yn San Francisco Marlene Dietrich
dronkeman yn saloon yn San Francisco Red Skelton
pianist yn saloon yn San Francisco Frank Sinatra
kolonel Stamp Proctor John Carradine
Amerikaanske treinkondukteur Buster Keaton
kommandant fan 'e kavalery te Fort Kearney Tim McCoy
stasjonsmaster te Fort Kearney Joe E. Brown
kaptein fan 'e SS Henrietta Jack Oakie
earste stjoerman fan 'e SS Henrietta Andy Devine
masinist fan 'e SS Henrietta Edmund Lowe
roerman fan 'e SS Henrietta Victor McLaglen
koetsier yn Londen John Mills
liedster kristlike strjitgearkomste yn Londen Beatrice Lillie
dame yn Londen Hermione Gingold
predikant Frank Royde

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

Around the World in 80 Days waard regissearre troch Michael Anderson nei in senario fan James Poe, John Farrow en S.J. Perelman op basis fan 'e ferneamde roman Le Tour du Monde en Quatre-vingts Jours fan Jules Verne, út 1872. De film wie in projekt fan Mike Todd foar syn eigen filmstudio de Michael Todd Company. Todd wie in toanielprodusint fan Broadway dy't noch nea earder in film makke hie, en in grut diel fan 'e ferantwurdlikheid lei sadwaande op 'e skouders fan Anderson, dy't earder de Britske oarlochsfilm The Dam Busters (1955), de ferfilming fan 'e roman fan George Orwell 1984 (1956) en oare filmklassikers regissearre hie.

Foar de film wie in budget beskikber fan $6 miljoen. Neffens haadrolspiler David Niven siet Todd tsjin 'e ein fan 'e opnamen djip yn 'e skulden en wie de postproduksje in oefening yn it ôfhâlden fan skuldeaskers. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Lionel Lindon, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Victor Young.

Yn syn autobiografy The Moon's a Balloon, út 1972, beskreau haadrolspiler David Niven syn earste moeting mei filmprodusint Mike Todd oer Around the World in 80 Days. Doe't him frege waard oft er belangstelling hie foar de rol fan Phileas Fogg, antwurde Niven: "Dat wol 'k fergees wol dwaan!" Hy joech ta dat er letter tankber wie dat Todd him dêr net oan holden hie.

De rol fan Passepartout gie nei de Meksikaanske artyst Cantinflas, dy't yn 'e 1950-er jierren de bekendste komyk fan Latynsk-Amearika wie. Hy hie al ferskate kearen rollen yn Hollywood-produksjes ôfwiisd. Foar him waard de rol fan Passepartout, dy't yn 'e roman fan Jules Verne eins net iens sa botte grut is, tige by tige útwreide, sadat er úteinlik suver wichtiger waard as de rol fan Phileas Fogg. Hoewol't Passepartout yn it boek hikke en tein is yn Parys, wurdt it yn 'e film eins blau-blau litten wêr't er krekt wei komt. Nei't se mei de hjitte-luchtballon oer de Pyreneeën flein binne (in passaazje dy't net yn it boek fan Verne foarkomt), bedarje se yn Spanje, dêr't bliken docht dat Passepartout yn elts gefal floeiend Spaansk sprekt. De komysk bedoelde opienfolging fan sênes om it bollefjochtsjen hinne waard spesjaal foar Cantinflas yn it filmskript ynfoege en komt ek net yn 'e roman fan Verne foar.

 
Regisseur Michael Anderson (l.) en produsint Mike Todd (m.) op 'e filmset fan Around the World in 80 Days mei Frank Sinatra (rj.), dy't yn 'e film in flechtige cameo hie.

Robert Newton waard cast as de iverige, mar misse ynspekteur Fix. It wie doedestiden bekend dat Newton oan 'e drank wie, en Niven skreau yn The Moon's a Balloon dat Mike Todd him de rol fan Fix taparte op it betingst dat er net drinke soe salang't de opnamen duorren. Neffens Niven hold Newton him dêroan, mar liet er him nei ôfrin fan 'e opnamen sa gean, dat it ta syn ûntidich ferstjerren late. Yn elts gefal stoar Newton foar't Around the World in 80 Days yn premiêre gie.

Foar de rest fan 'e rollen yn 'e film, dat eins hast allegear cameo's wiene, waarden mear as fjirtich ferneamde akteurs en oare artysten frege, fan wa't (tsjintwurdich) de bekendsten Noël Coward, sir John Gielgud, Marlene Dietrich en Frank Sinatra binne. John Wayne waard frege foar de rol fan 'e kommandant fan 'e Amerikaanske kavalery yn Fort Kearney, mar betanke foar de ear. Yn promoasjemateriaal foar Around the World in 80 Days, yn oanrin nei de premiêre fan 'e film publisearre, waard in fertsjintwurdiger fan it Screen Actors Guild, it Amerikaanske fakbûn foar akteurs, sitearre, dy't tsjin produsint Mike Todd sein hawwe soe: "Leave santjin, Todd, jo hawwe figuranten makke fan alle stjerren yn Hollywood!"

De opnamen foar Around the World in 80 Days setten op 9 augustus 1955 útein en duorren oant en mei 20 desimber fan dat jier, mei yn totaal 75 filmdagen. Der waard filme op 112 lokaasjes en 140 filmsets yn 13 ûnderskate lannen en territoaria, wêrûnder it Feriene Keninkryk, Frankryk, Spanje, Egypte, Yndia, East-Pakistan (no Bangladesj), Tailân, Hongkong, Japan en de Feriene Steaten. Guon sênes waarden opnommen yn Hollywood, op lân dat no oerboud is mei it kantoarekompleks Century City.

Neffens in artikel yn it tydskrift Time fan 29 oktober 1956 bestie de cast fan Around the World in 80 Days, alle figuranten ynbegrepen, út 68.894 minsken. Yn itselde stik waard fermeld dat by de opnamen foar de film ek 7.959 bisten brûkt wiene, wêrûnder 1 kat, 4 strúsfûgels, 6 stjonkdieren, 15 oaljefanten, 17 bollen, 512 resusaapkes, 800 hynders, 950 ezels, 2.448 Amerikaanske bizons, 3.800 skiep en ien hillige ko dy't op kommando de blommen yn 'e kream fan in blommist oanfrette woe. Der waarden 74.685 kostúms en 36.092 rekwisiten makke, dy't mei-inoar $410.000 kosten. It sizzen is dat foar Around the World in 80 Days mear kostúms brûkt waarden as foar lykfol hokker oare Hollywoodproduksje ek.

Fan 'e figuranten waarden allinnich al 10.000 ynset as it publyk yn 'e sênes mei it bollefjochtsjen yn Spanje. Dy sênes waarden opnommen yn in Spaansk stedsje dat Chinchón hjit, likernôch 45 km fan Madrid ôf, dêr't de arena foar it bollefjochtsjen op it stedsplein boud wie. Alle 6.500 ynwenners waarden sjartere as figuranten, mar men hie ferlet fan mear, dat doe helle Todd mei bussen noch 3.500 lju út oanbuorjende plakken. Foar de sênes mei de Yndianen op 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika waarden 650 figuranten ynset om 'e fijannige Lakota te spyljen. Ik grut diel dêrfan bestie út echte Yndianen wylst it foar de rest gie om blanken ferklaaid as Yndianen. Om der mear út te sjen as Yndianen liet Todd by alle 650 man de hûdskleur feroarje mei yn totaal 190 liter oranje hierferve.

 
It stedsplein fan Chinchón omboud ta arena foar bollefjochtsjen.

De ûnderskate skippen yn 'e film, ynsafier't se fan in ôfstân te sjen binne, wiene foar it meastepart miniatueren dy't filme waarden yn in grutte wettertank. Foar de sêne mei de ynstoartende spoarbrêge waard ek in miniatuer brûkt: de bylden fan 'e trein dy't oer de brêge giet, binne echt, mar it ynstoarten fan 'e brêge waard yn it lyts neibeard, sij it op frije grutte skaal. De tunnel dêr't de trein trochhinne giet wylst er efterfolge wurdt troch Yndianen, wie eins makke fan papier-masjee. De sênes fan 'e oerstek fan 'e Atlantyske Oseaan op it skip dat geandewei ûntmantele wurdt om oan branje te kommen, waarden foar de kust fan San Francisco yn 'e Stille Oseaan opnommen op in spesjaal boud rekwisytskip. Neffens David Niven wie it hiele ding gefaarlik ynstabyl mar waard it wat langer wat stabiler neigeraden dat it fierder ôfbrutsen waard.

In protte fan 'e lânskipssênes dy't Phileas Fogg en Passepartout sabeare út 'e hjitte-luchtballon wei sjogge, waarden eins filme mei in kraan fan 49 m heech. De koer fan 'e ballon waard dêrfoar boppe-op 'e útein fan 'e kraan befêstige. David Niven, dy't hichtefrees hie, stie dêr likegoed deadseangsten út. De passaasje mei de ballonfeart waard spesjaal oan 'e film tafoege om yn 'e bioskopen mei in grut, rûngear skerm te pronkjen mei de film dy't opnommen wie yn Todd AO-format. Hoewol't de reis mei de hjitte-luchtballon ien fan 'e bekendste dielen fan Around the World in 80 Days is, komt der yn Le Tour du Monde en Quatre-vingts Jours, it boek fan Jules Verne, gjin ballonfeart foar. In oar, earder boek fan Verne, Cinq Semaines en Ballon ("Fiif Wiken yn in Ballon"), út 1863, giet wol oer ballonfeart.

 
Filmprodusint Mike Todd, hjir mei syn frou Elizabeth Taylor op 'e fiering, yn 1957, fan it ienjierrich bestean fan Around the World in 80 Days. Todd soe likernôch in healjier letter omkomme by in fleantúchûngemak.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan Around the World in 80 Days waard fersoarge troch United Artists. De film gie op 17 oktober 1956 yn New York yn premiêre, en iepene koart dêrnei yn 'e Amerikaanske bioskopen. Dêr draaide de film 102 wiken efterinoar.

Fan 'e filmkritisy krige Around the World in 80 Days oer it algemien positive resinsjes. Sa omskreau Bosley Crowther fan The New York Times de film as in "útstrutsen konglomeraasje fan ferfine Ingelske komeedzje, panorama's op it reuzeskerm en […] Keystone-burlesque". It tydskrift Time neamde de film "ekstrafagant" en "grappich", en skreau dat er "as in reisferhaal […] teminsten like spektakulêr is as lykfolwat dat troch Cinerama gearflânze is".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Around the World in 80 Days in goedkarringspersintaazje fan 69%, basearre op 42 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Men kin in gebrek oan djipgong net ûntstride, mar de fleurige pretinsjeleazens, en teffens de grutskalichheid en de mei stjerren foltroppe cast, helpe om Around the World in 80 Days ta ynnimlik lichthertich fermaak te meitsjen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Around the World in 80 Days in goedkarringspersintaazje fan 69%, basearre op 10 resinsjes.

Around the World in 80 Days brocht yn totaal yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada (lettere re-releases yn 'e bioskoop meirekkene) $42,0 miljoen op. It is net bekend hoefolle oft de film yn oare lannen en territoaria yn totaal yn 't laadsje brocht, mar wol dat er dêr tsjin novimber 1958 $4,6 miljoen binnenswile hie. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op teminsten $46,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $6 miljoen betsjut dat in winst fan $40,6 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Sadwaande wie tsjin 'e tiid dat de produsint fan 'e film, Mike Todd, oardel jier nei de premiêre omkaam by in fleantúchûngemak, bekend dat de film in grut súkses wie.

Around the World in 80 Days waard yn 1957 nominearre foar 8 Oscars, wêrûnder de prizen foar bêste regisseur, bêste artdirection (kleur) en bêste kostúmûntwerp (kleur). De film wûn 5 Oscars, foar bêste film, bêste adaptearre senario, bêste kamerarezjy (kleur), bêste filmmuzyk en bêste filmmontaazje. De film waard ek nominearre foar 3 Golden Globes, wêrûnder bêste regisseur. Around the World in 80 Days wûn 2 Golden Globes, foar bêste dramafilm en bêste akteur yn in musical of komeedzje (Cantinflas). De film waard fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes fan 1957, mar tinge dêr net mei nei de Gouden Palm.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.