James Fenimore Cooper
James Fenimore Cooper (Burlington (Nij-Jersey), 15 septimber 1789 – Cooperstown (New York), 14 septimber 1851) wie in Amerikaansk skriuwer. Mei syn histoaryske romans oer it libben fan blanke kolonisten en Yndianen oan 'e Amerikaanske frontier skoep er in unike Amerikaanske foarm fan literatuer. Ta dat sjenre heart ek syn fierwei bekendste boek, The Last of the Mohicans (De Lêste Mohikaan), dat ûnderdiel foarmet fan 'e rige de Leatherstocking Tales, mei yn 'e haadrol de wâldrinner Nathaniel "Natty" Bumppo, byneamd Haukeach (Hawkeye). Ek hjoed de dei wurdt dy roman, dy't faak beskôge wurdt as Cooper syn masterwurk, noch in protte lêzen. Syn seemansferhalen, basearre op syn eigen tsjinst by de Amerikaanske Marine, binne minder bekend. Likegoed wied er ien fan 'e meast lêzen Amerikaanske auteurs út 'e 19e iuw.
James Fenimore Cooper | ||
skriuwer | ||
In portret fan James Fenimore Cooper, troch John Wesley Jarvis. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | James Fenimore Cooper | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 15 septimber 1789 | |
berteplak | Burlington (Nij-Jersey) | |
stoarn | 14 septimber 1851 | |
stjerplak | Cooperstown (New York) | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | lit. romans, hist. romans, reisferh., non-fiksje (skiedkundich wurk) | |
perioade | 1e helte 19e iuw | |
streaming | Romantyk | |
bekendste wurk(en) |
The Last of the Mohicans History of the Navy of the United States of America | |
jierren aktyf | 1820 – 1851 | |
offisjele webside | ||
external.oneonta.edu/cooper |
Libben
bewurkje seksjeJames Fenimore Cooper waard 1789 berne as de soan fan William Cooper en Elizabeth Fenimore. Hy wie it alfde bern yn in begoedige húshâlding fan tolve bern, mar de measten dêrfan stoaren ear't se folwoeksen wiene. Syn earste libbensjier brocht Cooper troch yn 'e steat Nij-Jersey, mar dêrnei ferfear er mei syn âldelju nei de steat New York, dêr't syn heit, dy't in lid fan it Amerikaanske Kongres wie, it plak Cooperstown stifte, oan 'e Otsego-mar, yn in krite yn sintraal New York dat omjûn waard troch it wengebiet fan 'e stammen fan 'e Irokeeske Konfederaasje.
Yn 1802, op syn trettjinde, waard Cooper talitten ta de prestizjeuze Universiteit fan Yale, mar nei't er in gefaarlike grap úthelle hie, wêrby't mei buskrûd de keamersdoar fan in oare studint fan 'e hingen blaasd waard, waard er dêr yn syn trêde jier fuortstjoerd sûnder syn stúdzje ôfmakke te hawwen. Dêrop fûn er, yn 1806, wurk as seeman op in Amerikaanske keapfarder. Yn 1808 naam er tsjinst by de Amerikaanske marine, mei de rang fan adelboarst. By it ferstjerren fan heit, yn 1809, urf Cooper in kaptaal oan jild. Hy gie werom nei hûs, en mei ienentweintich troude er, yn 1811, mei Susan Augusta de Lancey, in dochter út in rike loyalistyske famylje. Hja krigen sân bern, wêrfan't fiif folwoeksen waarden. Cooper syn dochter Susan Fenimore Cooper (1813-1894) waard sels ek skriuwster, benammentlik oer de natoer en frouljusrjochten, en Paul Fenimore Cooper (1899-1970), in tweintichste-iuwsk skriuwer, wie in oerpakesizzer fan Cooper. Hoewol't Cooper ôfstamme fan quakers dy't yn 1679 nei de Amerikaanske koloanjes ferfearn wiene, om oan ferfolging yn Ingelân te ûntkommen, wie hysels syn libben lang in trou lid fan 'e Episkopaalske Tsjerke (de Anglikaanske Tsjerke yn 'e Feriene Steaten).
Yn 1820 sleat Cooper syn frou Susan mei him in weddenskip ôf dat er in better boek skriuwe koe as dat dat sy op dat stuit oan it lêzen wie. Dêrop skreau Cooper de roman Precaution (1820), in Jane Austen-eftich boek dat yn Ingelân spilet. Hy publisearre it anonym en sette al mei gauwens útein mei oare romans. Yn 1823 kaam syn The Pioneers út, it earste diel fan syn ikoanyske searje de Leatherstocking Tales. De haadpersoan is de fernimstige Amerikaanske wâldrinner Nathaniel "Natty" Bumppo, better bekend as Haukeach (Hawkeye). Haukeach syn maat, it Mohikaanske opperhaad Chingachgook, wie Cooper syn foarm fan 'e "nommele wylde". De oare Leatherstocking Tales wiene The Last of the Mohicans (1826), The Prairie (1827), The Pathfinder (1840) en The Deerslayer (1841). Fan dy fiif is The Last of the Mohicans fierwei it bekendst wurden en bleaun.
Yn 1826 ferfear Cooper mei syn gesin nei Jeropa ta, dêr't se har yn it Frânske Parys nei wenjen setten. Cooper hope dêr mear mei syn boeken te fertsjinjen en teffens bettere skoallen foar syn bern te finen. Under de boeken dy't er yn Parys skreau en útjoech wiene The Red Rover en The Water-Witch, twa fan syn seemansferhalen. Yn 1834 kearde Cooper werom nei Cooperstown, dêr't er syn yn it neigean rekke âldershûs opknappe liet. Yn 1839 publisearre er it skiedkundige wurk History of the Navy of the United States of America, in boek dat er al lang fan doel west hie om te skriuwen en dêr't fjirtjin jier tarieding oan foarôfgien wie. Hoewol't him dit wurk nei in yn 't earstoan mylde ûntfangst op fûleindige krityk kaam te stean, wurdt it tsjintwurdich beskôge as de gesachhawwende tekst oer it ûntstean fan 'e Amerikaanske marine. Yn 1846 skreau Cooper ek noch in searje biografyen fan Amerikaanske marine-ofsieren, ûnder de titel Lives of Distinguished American Naval Officers.
De lêste jierren fan syn libben brocht Cooper troch yn Cooperstown. Hy stoar yn 1851, de deis foar syn 62ste jierdei, oan oedeem. Syn frou Susan oerlibbe him mar in pear moanne. James Fenimore Cooper wie by syn libben al ien fan 'e meast lêzen Amerikaanske skriuwers, en syn wurk waard wrâldwiid wurdearre. De Eastenrykske komponist Franz Schubert lies him op syn stjerbêd. De Frânske skriuwer Honoré de Balzac hie grutte bewûndering foar syn wurk. Cooper syn ferhalen binne oerset yn alle grutte Westerske en ek yn guon Aziatyske talen. Guon rekkenje Cooper ta de Romantyske skriuwers, oaren net. De Frânske auteur Victor Hugo ferklearre Cooper ta in grut master fan 'e Romantyk. Dat wol fansels net sizze dat er gjin kritisy hie; Mark Twain, bygelyks, hie net in soad mei him op. Benammen ek de beskriuwing fan froulike personaazjes yn syn romans, dy't neffens syn kritikasters slop en neatsizzend en allegearre krekt-en-gelyk wiene, waarden him kwea-ôf nommen.
Wurk
bewurkje seksjeJier | Titel en ûndertitel | Soarte | Opmerkings |
---|---|---|---|
1820 | Precaution | roman | anonym útjûn; spilet yn Ingelân, yn 1813-1814 |
1821 | The Spy: A Tale of the Neutral Ground | roman | oan 'e Amerikaanske frontier, yn 1778 |
1823 | The Pioneers: or The Sources of the Susquehanna | roman | diel 1 fan 'e Leatherstocking Tales; oan 'e Amerikaanske frontier, yn 1793-1794 |
1823 | Tales for Fifteen, or Imagination and Heart | 2 koarte ferhalen | skreaun ûnder it pseudonym Jane Morgan |
1824 | The Pilot: A Tale of the Sea | roman | seemansroman oer de Amerikaanske seeheld John Paul Jones, spilet yn 1780 |
1825 | Lionel Lincoln, or The Leaguer of Boston | roman | oer de Slach om Bunker Hill, yn 'e Amerikaanske Frijheidsoarloch |
1826 | The Last of the Mohicans: A Narrative of 1757 | roman | diel 2 fan 'e Leatherstocking Tales; oan 'e Amerikaanske frontier, yn 1757; hjirfan kaam yn 1985 in Frysktalige bewurking foar jongerein út ûnder de titel De Lêste Mohikaan |
1827 | The Prairie | roman | diel 3 fan 'e Leatherstocking Tales; oan 'e Amerikaanske frontier, yn 1805 |
1828 | The Red Rover: A Tale | roman | seemansroman, spilet yn 1759 |
1828 | Notions of the Americans: Picked up by a Travelling Bachelor | non-fiksje | in beskriuwing fan 'e Feriene Steaten foar Jeropeeske lêzers |
1829 | The Wept of Wish-ton-Wish: A Tale | roman | oan 'e Amerikaanske frontier, yn 1660-1676 |
1830 | The Water-Witch: or the Skimmer of the Seas | roman | seemansroman, spilet yn 1713 |
1830 | Letter to General Lafayette | polityk manifest | |
1831 | The Bravo: A Tale | roman | spilet yn it achttjinde-iuwske Feneesje |
1832 | The Heidenmauer, or The Benedictines, A Legend of the Rhine | roman | spilet yn it Dútske Rynlân, yn 'e sechstjinde iuw |
1832 | No Steamboats | koart ferhaal | |
1833 | The Headsman: The Abbaye des Vignerons | roman | spilet yn it achttjinde-iuwske Switserlân |
1834 | A Letter to His Countrymen | polityk manifest | |
1835 | The Monikins | roman | politike satire |
1836 | The Eclipse | memoires | oer de sinnefertsjustering yn Coopertown yn 1806 |
1836 | An Execution at Sea | koart ferhaal | seemansferhaal |
1836 | Gleanings in Europe: Switzerland (Sketches of Switzerland) | reisferhaal | ferslach fan in reis troch Switserlân, yn 1828 |
1836 | Gleanings in Europe: The Rhine (Sketches of Switzerland, Part Second) | reisferhaal | ferslach fan in reis troch Switserlân, Frankryk en it Rynlân yn 1832 |
1836 | A Residence in France: With an Excursion Up the Rhine, and a Second Visit to Switzerland | reisferhaal | |
1837 | Gleanings in Europe: France | reisferhaal | ferslach fan ferbliuw yn Frankryk (1826-1828) |
1837 | Gleanings in Europe: England | reisferhaal | ferslach fan reizen yn Ingelân yn 1826, 1828 en 1833 |
1838 | Gleanings in Europe: Italy | reisferhaal | ferslach fan ferbliuw yn Itaalje (1828-1830) |
1838 | The American Democrat: or Hints on the Social and Civic Relations of the United States of America | non-fiksje | oangeande de maatskippij en it regear fan 'e Feriene Steaten |
1838 | The Chronicles of Cooperstown | skiednis | pleatslike skiednis fan Cooperstown (New York) |
1838 | Homeward Bound, or The Chase: A Tale of the Sea | roman mei autobiografyske skaaimerken | kontemporên (1835) |
1838 | Home as Found: Sequel to Homeward Bound | roman mei autobiografyske skaaimerken | kontemporên (1835) |
1839 | The History of the Navy of the United States of America | skiednis | skiednis fan 'e Amerikaanske marine |
1839 | Old Ironsides | skiednis | skiednis fan it fregat USS Constitution; postúm publ. yn 1853 |
1840 | The Pathfinder, or The Inland Sea | roman | diel 4 fan 'e Leatherstocking Tales; oan 'e Amerikaanske frontier, yn 1759 |
1840 | Mercedes of Castile: or, The Voyage to Cathay | roman | oer Kristoffel Kolumbus yn West-Ynje, yn 'e 1490-er jierren |
1841 | The Deerslayer: or The First Warpath | roman | diel 5 fan 'e Leatherstocking Tales; oan 'e Amerikaanske frontier, yn 1740-1745 |
1842 | The Two Admirals | roman | seemansroman, spilet yn Ingelân, yn 1745 |
1842 | The Wing-and-Wing: le Le Feu-Follet | roman | seemansroman, spilet foar de Frânske kust, yn 1745 |
1843 | Autobiography of a Pocket-Handkerchief | novelle | maatskiplike satire; ek publisearre as Le Mouchoir: An Autobiographical Romance en as The French Governess, or The Embroidered Handkerchief |
1843 | Richard Dale | roman | |
1843 | Wyandotté, or The Hutted Knoll: A Tale | roman | oan 'e Amerikaanske frontier, yn 1763-1776 |
1843 | Ned Myers, or Life before the Mast | biografy | oer in maat fan Cooper dy't yn 1813 yn in stoarm in skipbrek oerlibbe |
1844 | Afloat and Ashore, or The Adventures of Miles Wallingford: A Sea Tale | roman | oan 'e Amerikaanske frontier en yn 'e widere wrâld, yn 1795-1805 |
1844 | Miles Wallingford: Sequel to Afloat and Ashore | roman | oan 'e Amerikaanske frontier en yn 'e widere wrâld, yn 1795-1805 |
1844 | Proceedings of the Naval Court-Martial in the Case of Alexander Slidell Mackenzie, &c. | skiednis | oer de rjochtsaak fan 'e marine-ofsier Alexander Slidell Mackenzie, in fijân fan Cooper, dy't foar de kriichsrie komme moast om't er 3 opfarrenden sûnder proses ophingje litten hie fanwegen muiterij (wêrûnder in soan fan 'e Amerikaanske minister fan Bûtenlânske Saken John C. Spencer |
1845 | Satanstoe, or The Littlepage Manuscripts: A Tale of the Colony | roman | oan 'e Amerikaanske frontier, yn 1758 |
1845 | The Chainbearer, or The Littlepage Manuscripts | roman | oan 'e Amerikaanske frontier, yn 'e 1780-er jierren; ferfolch op Satanstoe |
1846 | The Redskins, or Indian and Injin: Being the Conclusion of the Littlepage Manuscripts | roman | ferfolch op The Chainbearer, no net mear oan 'e Amerikaanske frontier, yn 1845 |
1846 | Lives of Distinguished American Naval Officers | biografyen | |
1847 | The Crater, or Vulcan's Peak: A Tale of the Pacific | roman | seemansroman, spilet yn 'e iere 19e iuw |
1848 | Jack Tier, or The Florida Reefs | roman | seemansroman; ek bekend as Captain Spike, or The Islets of the Gulf; spilet by de Florida Keys, yn 1846 |
1848 | The Oak Openings, or The Bee-Hunter | roman | oan 'e Amerikaanske frontier, yn 'e Oarloch fan 1812 |
1849 | The Sea Lions, or The Lost Sealers | roman | seemansroman, spilet yn 1819-1820 |
1850 | The Ways of the Hour | roman | in kontemporên moard- en rjochtsaakmystearje, dat ek frouljusrjochten oanroert |
1850 | Upside Down, or Philosophy in Petticoats | toanielstik | satire op it sosjalisme |
1851 | The Lake Gun | koart ferhaal | politike satire |
1851 | New York, or The Towns of Manhattan | skiednis | ûnfoltôge skiednis fan 'e stêd New York; postúm útjûn yn 1864 |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan it James Fenimore Cooper Genoatskip
- (in) Wurk troch of oer James Fenimore Cooper by Ynternet Argyf
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side. |