Frederic Remington

Frederic Sackrider Remington (Canton, New York), 4 oktober 1861 - dêre, 26 desimber 1909) wie in Amerikaansk keunstskilder, yllustrator en byldhouwer dy’t him spesjaal talei op it ôfbyldzjen fan it Amerikaanske Westen. In protte filmmakkers hawwe har ynspirearje litten troch syn wurk by it meitsjen fan westerns.

Frederic Remington

Remmington brocht syn jeugd troch mei jeie en hynsteride en begûn al betiid te tekenjen en sketste optochte figueren. De húshâlding ferfear nei Ogdensburg, New York.

 
Remington syn bûten 'Endion' yn New Rochelle, New York

Hy gie nei de keunstfakulteit fan de Universiteit fan Yale, mar hie winliken mear nocht oan rugby en bokse as oan keunst. Doe’t syn heit stoarn wie oan tuberkuloaze gie er werom nei hûs en krige er fia in omke wurk foar tsjerke yn Albany (New York). Hy krige doe ek ferkearing mei Eva Caten, wat har âlden net oanstie.
Rillegau makke er lykwols syn earste reis nei it westen (1881) en waard yn 1883 skieppeboer yn Peabody, Kansas. Hy ynvestearre syn heite erfenis yn de ranch, mar fûn de feehâlderij ferfeelsum en iensum en miste de lúkse fan it libben yn it easten. Nei in jier ferkocht er de pleats en begûn mei kapitaal fan syn mem in izerhannel yn Kansas City; it slagge net, mar bûten syn skuld om. Mei it oerbleaune jild begûn er in kafee (saloon).

Hy boaske yn 1884 mei Eva Caten. Eva fûn neat oan it wurk yn de hoareka; sy wie ek net ûnder de yndruk fan Remington syn sketsen fan de lju dy't yn de saloon kamen. Doe't sy troch krige wêrmei't er wier dwaande wie, gie se werom nei Ogdensburg. Doe't syn wiif fuort wie en de saken der ek min foarstiene, begûn Remington earst mei ynmoed te tekenjen en skilderjen. Hy folge lessen by it keunststudintebûn yn New York City. It duorre mar in skoftke as hy makke yllustraasjes en sketsen foar Westernpublikaasjes. In protte fan syn iere wurk ferskynde yn Collier’s Weekly en yn Harper’s Magazine. Teffens fermoedsoende er him mei syn frou.

Hoewol’t Remington wrâldferneamd wurden is om syn ôfbyldings fan it libben yn it Westen fan de Feriene Steaten, hat er dy kontreien mar in pear kear efkes besocht. Hy wie krekt op’e tiid om noch wat fan de âlde Yndiaanske kultueren en it net troch (Westerske) beskaving en technyk oantaaste Westen te priuwen. Yn 1890 ferfear Remington nei New Rochelle, New York, om mear romte foar wenjen en wurkjen te hawwen. Tsjin de ein fan syn libben soe er noch nei Ridgefield, Konnetikut ferhúzje.

1898 waard Remington oarlochskorrespondint en yllustrator yn de Spaansk-Amerikaanske kriich. Fanwege William Randolph Hearst moast er yllustraasjes leverje.

Hoewol’t dy opdracht him rillegau ferfeelde, wie er dochs tsjûge fan de oanfal op de San-Juan-Berch troch Amerikaanske legerienheden, dy’t ûnder oaren troch Theodore Roosevelt oanfierd waarden.

Frederic Remington stoar nei in blinetermoperaasje, dy’t in bûkfluesûnstekking fan gefolgen hie. Remmington stie bekend as in libbensgenieter. Tiidgenoaten seine dat er krekt like leaf iet en dronk as dat er skilderje mocht: hy woech 134 kilogram.

Wurk (karút)

bewurkje seksje

Remmington spile yn haadrol yn de Lucky Luke-strip De keunstskilder.

Keppeling om utens

bewurkje seksje