Marshal (plysje)
In marshal is yn 'e Feriene Steaten in plysjeman dy't op it plattelân de wet hanthavenje moat yn in lytsere stêd of in distrikt binnen in county. It amt fan marshal wurdt gauris betize mei dat fan sheriff, benammen om't de beide oantsjuttings yn westernfilms dy't troch de filmyndustry fan Hollywood makke binne, oer it algemien as synonimen brûkt wurde.
It ferskil is lykwols dat in sheriff oan it haad stiet fan 'e plysje fan in county, wylst in marshal oan it haad stiet fan 'e plysje (of de iennichste plysje is) yn in stêd (city), stedsje (town) of plattelânsdistrikt (township). It komt ek foar dat plakken sawol in sheriff as in marshal hawwe; dêrby giet it dan almeast om stêden of stedsjes dy't ek it haadplak fan in county binne, en dêr't dan dus ek de sheriff fan 'e county syn haadkertier hat. Yn tinbefolkie countys mei inkeld lytsere plakken kin it lykwols ek foarkomme dat der hielendal gjin marshals binne, mar allinnich mar in sheriff, dy't dan de hiele county as syn jurisdiksjegebiet hat. Om't neffens de Amerikaanske Grûnwet eltse county in eigen sheriff hawwe moat, besteane der gjin countys sûnder sheriff.
In marshal wurdt ornaris oansteld troch de boargemaster fan 'e stêd, it stedsje of it plattelânsdistrikt dêr't er tsjinnet. Ek kin it wêze dat der foar it amt fan marshal ferkiezings holden wurde. De marshal moat yn alle gefallen foar syn wurk ferantwurding ôflizze oan 'e boargemaster. Histoarysk wiene der ek federale marshals, dy't troch de Amerikaanske federale oerheid oansteld waarden yn gebieten dy't noch net de status fan Amerikaanske steat berikt hiene. Sokke territoaria, sa't se neamd waarden, wiene net ûnderferdield yn countys, en koene dêrom gjin sheriff hawwe. In hiel oar soarte marshal, mei folle breder foech, is de U.S. marshal, dy't in federaal plysjeman fan 'e United States Marshals Service is.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, op dizze side. |