Pleechgesin

(Trochferwiisd fan Pleechsoan)

In pleechgesin is in gesin wêryn't yn it ramt fan 'e pleechsoarch ien of mear bern grutbrocht wurde dy't net de biologyske bern fan 'e âlden yn dat gesin binne. Soks kin foarkomme as de biologyske âlden fan it of de oangeande bern tydlik of foargoed net by steat binne om 'e opfieding sels te fersoargjen, bygelyks om't hja ferstoarn of siik binne, wrakselje mei ferslavingsproblematyk, yn skieding lizze of troch de autoriteiten net geskikt achte wurde. Redens wêrom't âlden net geskikt achte wurde foar de opfieding fan harren bern rinne útinoar fan mishanneling en seksueel misbrûk oant ferwaarleazging of om't se der de mentale kapasiteiten net ta hawwe.

Yn Nederlân is it sa dat yn 'e boppeneamde gefallen de rjochter op advys fan 'e Bernebeskerming en oare belutsen oerheidsynstânsjes in út-'e-hûspleatsing oplizze kin, wêrby't in bern fuorthelle wurdt by de biologyske âlden en yn in pleechgesin pleatst wurdt. Ornaris wurdt dan earst sjoen oft der yn 'e direkte famylje in gesin is dat de pleechsoarch op him nimme kin. Dêrby kin tocht wurde oan in pake en beppe of in omke en muoike. Faak is sa'n oplossing lykwols net mooglik, mei as gefolch dat de út 'e hûs pleatste bern by oare lju bedarje, dêr't hielendal gjin famyljerelaasje mei bestiet. Dat kinne freonen of kunde fan 'e biologyske âlden wêze, mar yn 'e regel binne it wyldfrjemden. Gesinnen wêryn't bern yn it ramt fan pleechsoarch opfongen wurde, moatte dêrta sertifisearre wêze troch beskate oerheidsynstânsjes, dêr't djipdollend ûndersyk oan foarôf giet om der wis fan te wêzen dat de bern yn in pleechgesin net mishannele of misbrûkt wurde sille.

In bern dat fan pleechsoarch ôfhinklik is, wurdt in pleechbern neamd. As it in jonge is, hjit er in pleechsoan, en as it om in famke giet, is se in pleechdochter. In pleechgesin bestiet ornaris teminsten út in pleechheit en in pleechmem, de saneamde pleechâlden, hoewol't bern binnen in famyljenetwurk soms ek ûnderbrocht wurde by in allinnichsteande muoike. De relaasje tusken pleechâlden en harren pleechbern wurdt oantsjut as it pleechâlderskip. Faak hawwe de pleechâlden al biologyske bern fan harsels; harren soan en dochter wurde dan de pleechbroer en pleechsuster fan it pleechbern. It kin wêze dat nei ferrin fan tiid, as dúdlik wurdt dat it pleechbern net by de biologyske âlden weromkeare kin, de bân tusken pleechbern en pleechgesin formalisearre wurdt troch in adopsje. Dêrnei sprekt men ornaris net mear fan in pleechgesin, mar fan in adopsjegesin. Likegoed is it lykwols mooglik dat de pleechbern nei ferrin fan tiid weromkeare by de biologyske âlden.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.

Besibskip
earstegraads besibskip
âlden (heit • mem) | bern (soan • dochter) | sibling (broer • suster)
twaddegraads besibskip
pake en beppe (pake • beppe) | pake- en beppesizzer | omke | muoike | omke- en muoikesizzer | healsibling (healbroer • healsuster)
treddegraads besibskip
oerpake en -beppe (oerpake • oerbeppe) | oerpake- en -beppesizzer | âldomke | âldmuoike | âldomke- en -muoikesizzer | neef | nicht | healomke | healmuoike
fjirdegraads besibskip
betoerpake en -beppe (betoerpake • betoerbeppe) | betoerpake- en -beppesizzer | oerâldomke | oerâldmuoike | oerâldomke- en -muoikesizzer | efterneef | efternicht
skoanfamylje (gjin biologyske besibskip)
oarehelte (man • frou) | skoanâlden (skoanheit • skoanmem) | sweager | skoansuster | skoanbern (skoansoan • skoandochter) | oantroude omke | oantroude muoike
styffamylje (gjin biologyske besibskip)
styfâlder (styfheit • styfmem) | styfbern (styfsoan • styfdochter) | styfsibling (styfbroer • styfsuster) | styfpake | styfbeppe | styfpakesizzer | styfbeppesizzer | styfomke | styfmuoike | styfomkesizzer | styfmuoikesizzer
oar
adopsje | allinnichsteande âlder | bloedsibskip | famylje | foarâlden | foarbern (foarsoan • foardochter) | generaasje | gesin | húshâlding | ienlingsbern | neiteam | oansibskip | oerwûn bern | ôfstamming | pleechgesin | probandus | list fan beneamings foar generaasjes