Grant McCune (folút: Grant Lee McCune; Los Angeles, 27 maart 1943Hidden Hills (Kalifornje), 27 desimber 2010) wie in Amerikaansk special effects-technikus en útfiner fan Iersk etnysk komôf. Hy makke syn yntree yn Hollywood mei de skepping fan 'e wite haai foar de film Jaws, en wûn letter in Oscar foar syn wurk oan 'e earste Star Wars-film.

Grant McCune
persoanlike bysûnderheden
echte namme Grant Lee McCune
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 27 maart 1943
berteplak Los Angeles (Kalifornje)
stoarn 27 desimber 2010
stjerplak Hidden Hills (Kalifornje)
etnisiteit Iersk
wurkpaad
berop/amt special effects-technikus
jierren aktyf 19752010
prizen Oscar 1978
offisjele webside
Grant McCune yn 'e IMDb

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

McCune wie hikke en tein yn Los Angeles, yn 'e steat Kalifornje, dêr't er yn 1943 berne waard. Hy studearre oan 'e Steatsuniversiteit fan Kalifornje, Northridge, yn 'e Losanzjelynske wyk Northridge, dêr't er in bachelorstitel yn biology behelle en yn 'e kunde kaam mei syn lettere frou Katherine, mei wa't er in soan en in dochter krige. Oarspronklik wurke McCune as laboratoariumtechnikus, wylst er yn syn frije tiid miniatueren yninoar nifele.

Filmkarriêre

bewurkje seksje

Yn 1975 hearde McCune dat syn maat Bill Shourt op 'e set fan 'e film Jaws, fan regisseur Steven Spielberg, meiwurke oan it meitsjen fan it model fan 'e wite haai dat sûnt in ikoanysk symboal foar de filmyndustry fan Hollywood wurden is. McCune socht him dêr ris op, en koe doe troch gebrûk te meitsjen fan syn kennis op it mêd fan biology en miniatuerbou de makkers fan 'e grutte fisk ynteressante advizen jaan. Foar't er it wist, wied er doe sels ek oannommen om mei te helpen oan 'e bou fan it model, wêrfan't úteinlik trije ûnderskate ferzjes brûkt waarden. Hoewol't syn namme op 'e ôftiteling fan dy film ûntbriek, krige McCune dochs bekendheid yn filmmakkersfermiddens, sadat er yn 1976 troch George Lucas oannommen waard om mei te wurkjen oan 'e produksje fan 'e earste Star Wars-film, Star Wars: Episode IV – A New Hope (1977).

Foar dy film ûntwurp McCune û.m. de X-wjukjagers, de TIE-jagers, it ferneamde romteskip de Millennium Falcon en ferskate bûtenierdske wêzens. Hoewol't syn kollega John Stears eins dejinge wie dy't de robot R2-D2 ûntwurp, makke McCune it ûntwerp ôf en is hy dêrom dejinge dy't it meast mei R2-D2 assosjearre wurdt. McCune wie ek koart as figurant yn 'e film te sjen, as kanonnier op 'e Deadsstjer. Yn 1978 wûn er foar syn wurk oan A New Hope, yn 'e mande mei fjouwer oare special effects-lju dy't oer dy film gear west hiene (Robert Blalack, John Dykstra, Richard Edlund en John Stears), in Oscar yn 'e kategory bêste fisuele effekten.

Foar syn wurk oan Star Trek: The Motion Picture (1979) waard McCune yn 1980 nominearre foar in twadde Oscar yn deselde kategory. Foar de twadde Star Wars-film, Star Wars: Episode V – The Empire Strikes Back, ûntwurp McCune û.m. de helm fan 'e preemjejager Boba Fett. Neitiid wied er yn 't spier foar Apogee Productions, it special effects-bedriuw fan syn kollega John Dykstra, en wie syn wurk û.m. te sjen yn films as Caddyshack (1980), Firefox (1982), Spaceballs (1987), Die Hard (1988) en Ghostbusters II (1989).

Uteinlik begûn McCune in eigen bedriuw, dat û.m. ynhierd waard om te wurkjen oan 'e film Speed (1994), wêrfoar't er in 24 m grut skaalmodel boude fan 'e 50 ferdjippings hege liftskacht út 'e iepeningssênes. Foar Dante's Peak (1997) wie McCune ferantwurdlik foar in grut part fan 'e ferwuostging dy't plakfûn doe't de fulkaan útbarste, en foar Spider-Man (2002) bouden hy en syn team in skaalmodel fan it Roosevelt Island-tramstasjon yn New York en bliezen it doe op. McCune hie ek de lieding fan it team dat foar de film Thirteen Days (2000), oer de Kubakrisis, in yn alle opsichten perfekt model fan in Lockheed U-2-spionaazjefleantúch boude, fia ôfstânsbetsjinning fleane liet en doe opblies.

McCune ûntwurp syn eigen dreamhûs en holp doe by it bouwen derfan yn Hidden Hills, ûnder de reek fan Los Angeles. Hy wie ek in kundich fotograaf, in talintearre muzikant dy't de piano, it gitaar en oare ynstruminten bespile, en in ambachtsman dy't syn eigen meubels makke. Hy kaam yn 2010, thús yn Hidden Hills, yn 'e âlderdom fan 67 jier te ferstjerren oan alfleisklierkanker.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.