De wite haai (wittenskiplike namme: Carcharodon carcharias), ek wol minskehaai neamd, is in haai út it boppeskift fan 'e helmhaaien (Galeomorphi), it skift fan 'e makrielhaaien (Lamniformes), de famylje fan 'e hjerringhaaien (Lamnidae) en it skaai fan 'e minskehaaien (Carcharodon). Folwoeksen eksimplaren kinne in lingte fan mear as 8 m berikke, en dêrmei is it de grutste moderne rôffisk (hoewol't der gruttere fossilen weromfûn binne). Wite haaien komme foar deunby it oerflak yn wetters fan tuskenbeiden oant waarme temperatuer. Se libje by de kusten lâns en yn iepen see yn alle trije oseänen en de Middellânske See, mar ûntbrekke yn 'e seeën fan 'e poalstreken.

wite haai
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse kreakbienfisken (Chondrichthyes)
skift makrielhaaien (Lamniformes)
famylje hjerringhaaien (Lamnidae)
skaai minskehaaien (Carcharodon)
soarte
Carcharodon carcharias
Linnaeus, 1758
IUCN-status: kwetsber
ferspriedingsgebiet
     wrâldwide lânseigen fersprieding anno 2010

Wite haaien steane yn see oan 'e top fan it fiedingskeatling en hawwe as natuerlike fijân inkeld de orka. De wite haai is berucht om't er ferantwurdlik is foar de measte oanfallen op minsken, al liket it dêrby foar it meastepart om misidentifikaasje (fan minsken as seesûchdieren) te gean of om in út 'e hân rûne nijsgjirrigens. Nettsjinsteande de ynkorrekte ynformaasje dy't horrorfilms as Jaws de wrâld ynholpen hawwe, binne minsken beslist net de favorite proai fan wite haaien. Krektoarsom: troch bejaging troch minsken is de wite haai mei de status "kwetsber" opnommen yn 'e Reade List fan 'e IUCN.

Wittenskiplike namme

bewurkje seksje

De Sweedske biolooch Carolus Linnaeus joech de wite haai yn 1758 syn earste wittenskiplike namme, Squalus carcharius. De namme carcharius kaam fan it Grykske wurd karcharos, dat "skerp" en/of "kartele" betsjut, en ferwiist nei de kartele tosken fan it bist. Yn 1833 pleatste de Britske soölooch sir Andrew Smith de wite haai yn it skaai Carcharodon, wêrfan't er ynsafier bekend de iennichste oant yn 'e moderne tiid oerlibjende soarte is. Carcharodon komt fan 'e Grykske wurden karcharos ("skerp" en/of "kartele") en odous, dat "tosk" betsjut.

 
In 4 sm lange fossile tosk fan in wite haai út it Mioseen fan 'e Atakamawoastyn yn Sily.

De wite haai ûntstie yn syn hjoeddeistige foarm yn it Mid-Mioseen, en de ierste fossilen datearje fan dy tiid, likernôch 16 miljoen jier lyn. Hoe't de soarte him krekt ûntwikkele hat, is lykwols noch altyd in striidkwestje. De oarspronklike teory wie dat de wite haai nau besibbe wie oan 'e megalodon, in haaiesoarte mei tosken dy't op it earste gesicht sterk op dy fan 'e wite haai lieken, mar dy't folle grutter wiene. Hoewol't de kreakbienskeletten fan haaien net fossilisearje, waard oan 'e hân fan 'e grutte fan 'e tosken skatten dat de megalodon 18 m lang wie. Fanwegen de ekstreme lichaamlike grutte fan beide soarten en ûnderskate oare oerienkomsten waard de megalodon as Carcharodon megalodon yn itselde skaai as de wite haai yndield.

Nije ynsichten wolle lykwols hawwe dat de wite haai en de megalodon folle minder nau besibbe binne as earder tocht waard, hoewol't se noch wol beide ta it skift fan 'e makrielhaaien (Lamniformes) rekkene wurde. Ynstee wurdt no tocht dat wite haai folle nauwer besibbe is oan 'e fossile breedtoskfinmakrielhaai (Cosmopolitodus hastalis), in teory dy't ûnderstipe liket te wurden troch de ûntdekking, yn 1988 (mar publisearre yn 2012), fan 'e fossilisearre kaken mei 222 tosken en 45 wringebonken fan 'e útstoarne soarte hubbellminskehaai (Carcharodon hubbelli). Yn 'e nije teory wurdt de megalodon yn it skaai karteltoskhaaien (Carcharocles) pleatst, yn 'e famylje fan 'e gruttoskhaaien (Otodontidae).

 
In wite haai.

Fersprieding

bewurkje seksje

Algemien foarkommen

bewurkje seksje

De wite haai komt foar yn hast alle wetters by de kust lâns en yn iepen see dy't in temperatuer hawwe fan tusken de 12 en 24 °C. Dat omfiemet de Atlantyske Oseaan, de Stille Oseaan en de Yndyske Oseaan, mar net de Noardlike Iissee of de Súdlike Oseaan (útsein de súdkust fan Austraalje en de Grutte Australyske Bocht). Wite haaien komme ek foar yn binnenseeën, lykas de Middellânske See, de Reade See, de Perzyske Golf, de seeën tusken de eilannen fan 'e Yndyske Arsjipel, de Japanske Binnensee, de Beringsee, de Golf fan Kalifornje, de Golf fan Meksiko en de Karibyske See. De populaasjes wite haaien binne lykwols konsintrearre oan 'e kusten fan Nij-Ingelân en Kalifornje yn 'e Feriene Steaten, Hawaï en Fidzjy en oare eilânsteaten yn 'e Stille Súdsee, Queenslân en Nij-Súd-Wales yn Austraalje, en fierders Súd-Afrika, Sily, Japan en guon dielen fan 'e Middellânske See.

Ien fan 'e tichtstbefolke gebieten, wat wite haaien oangiet, is it eilantsje Dyer foar de Súdafrikaanske kust, dêr't hast alle wittenskiplik ûndersyk nei de bisten ferrjochte wurdt. Neffens ûndersyk út 2006 migrearret de populaasje wite haaien foar de kust fan it Kalifornysk Skiereilân hinne en wer nei Hawaï, dêr't se dan likernôch hûndert dagen bliuwe ear't se weromkeare nei Kalifornje. In wite haai dy't yn Súd-Afrika fan in beaken foarsjoen wie, swom binnen in jier hinne en wer nei de kust fan Súd-Austraalje, wylst in oarenien yn njoggen moannen út Súd-Afrika nei de noardwestkust fan Austraalje en werom swom, in reis fan 20.000 km. It is noch ûndúdlik wat de bisten driuwt om sokke fiere reizen te meitsjen; saakkundigen tinke oan seizoensbûne itensboarnen of fuortplanting. In ûndersyk út 2013 wiisde út dat de populaasje wite haaien by Kalifornje, Hawaï en it Meksikaanske eilân Guadalupe genetysk ôfwykt fan oare populaasjes dêr't blykber al langere tiid gjin kontakt mear mei west hat.

 
In wite haai by it Meksikaanske eilân Guadalupe, yn 'e Stille Oseaan.

Uterlike skaaimerken

bewurkje seksje

Lichemsfoarm

bewurkje seksje

Wite haaien hawwe in streamline foarm, dy't begjint mei in spitse snút en dêrwei yn floeiende foarm fertsjûket ta in rûne romp dy't fierder nei efteren wer fertinnet ta in spitse sturt. De snút is robúst, grut en rûn, en einiget yn in punt. De iennichste útstulpings binne de beide lange boarstfinnen, de omheech en omleech útstykjende grutte sturtfinnen, de lytse efterste rêchfin en earsfin (oan 'e búkkant) en de mânske, rjocht omheech stekkende foarste rêchfin. As men dy rêchfin yn profyl (fansiden ôf) sjocht, krommet de foarkant stadichoan nei efteren, wylst de efterkant fan 'e punt ôf min ofte mear fertikaal nei de rêch rint. Oan it wetteroerflak of yn ûndjip wetter stiket de foarste rêchfin fan 'e wite haai boppe wetter út, wat in foar minsken eangstoanjeiende oankundiging fan 'e oanwêzigens fan it bist wêze kin.

De wite haai hat in wite ûnderkant en in grize (of soms brúngrize of blaugrize) boppekant. Dat hjit tsjinkleuring, en it helpt om it bist ûnder wetter te ferbergjen foar sawol fijannen as proaidieren: as men fan boppen út it ljocht it tsjuster ynsjocht, sjocht men del op it grize boppeliif, wylst men, as men fan ûnderen út it tsjuster nei it ljocht omheechsjocht, opsjocht nei it wite ûnderliif. It gebit fan 'e wite haai bestiet út in grut tal fjoerskerpe, kartele tosken, dy't by hinne en wer bewegen as it blêd fan in seage troch it fleis fan in proai hinne geane. Efter dy tosken hawwe wite haaien, krekt as in protte oare soarten haaien, rigen oare tosken, dy't ree binne om ien fan 'e tosken út 'e haadrige te ferfangen mocht dy ôfbrekke. Yn 2008 waard by in ûndersyk fêststeld dat in grutte wite haai in bytkrêft hat fan mear as 18.000 newton.

 
De foto fan in wite haai fan 6.40 m lang en 3.175 kg swier, dy't yn 1945 by Kuba fongen waard.

Lichemsgrutte

bewurkje seksje

Wyfkes binne grutter as mantsjes. Folwoeksen mantsjes binne 3.50 oant 4.00 m lang as se geslachtsryp wurde, en wyfkes 4.50 oant 5.00 m. Beide geslachten groeie dêrnei noch troch. Yn trochsneed binne folwoeksen wite haaien 4.00 oant 5.20 m lang mei in gewicht fan 680 oant 1.100 kg. Op it punt fan 'e maksimale grutte fan wite haaien is sprake fan in beskate kontroverse omt der ferslaggen binne fan gruttere eksimplaren wêrfan't de lingte troch omstannichheden inkeld skatten (ynstee fan sekuer opmetten) wurde koe en fan mjittings dy't ûnder twifelige omstannichheden plakfûn hawwe.

Sa waard yn 'e 1870-er jierren in wite haai by Port Fairy, foar de kust fan 'e Australyske steat Fiktoaria, fongen dy't 10.90 m lang west hawwe soe en rekke yn 'e 1930-er jierren ien ferstrikt yn fisknetten foar de kust fan 'e Kanadeeske provinsje Nij-Breunswyk, dy't 11.30 m lang west hawwe soe. Hjoeddeistige ûndersikers loeken dy sifers yn twifel om't se sa fier boppe de wenstige lingte fan 'e bisten út stieken. It fraachstik fan 'e haai fan Port Fairy waard yn 'e 1970-er jierren besljochte, doe't saakkundige J.E. Randall de kaken fan it bist ûndersocht en oan 'e hân dêrfan fêststelde dat er net langer west hawwe koe as 5 m. Fan 'e haai út Nij-Breunswyk wurdt oer it algemien oannommen dat it net in wite haai wie, mar in misidentifisearre reuzehaai (in ûngefaarlike planktonsever), dy't kwa lichemstype wol wat liket op in wite haai, oant men yn 'e bek sjocht, dêr't gjin tosken yn sitte.

 
In wite haai dy't yn maaie 1997 fongen waard foar de kust fan Taiwan. Neffens de ferslaggen wie it bist hast 7 m lang en 2.500 kg swier.

Neffens J.E. Randall wie de grutste, sekuer opmetten wite haai wêrfan't it mjittingsproses sûnder mear as betrouber beskôge wurde kin, in eksimplaar dat yn 1987 by Ledge Point yn West-Austraalje ûndersocht waard, mei in lingte fan 6.00 m. In oare wite haai, dy't yn augustus 1988 troch David McKendrick út Prins Edwardeilân yn 'e Saint Lawrencebaai fongen waard, meat 6.10 m en dy mjitting waard ferifiëarre troch it Kanadeesk Haaie-ûndersykssintrum (CSRC). Ferskate ekspêrs hawwe fierders de mjitting fan in eksimplaar fan 6.40 m lang en 3.324 kg swier dat yn 1945 yn Kuba fongen waard, foar betrouber oannommen. Yn april 1987 waard by Kangoeroe-eilân, foar de kust fan Súd-Austraalje, in eksimplaar sjoen dat nei skatting teminsten 7.00 m lang wie, wylst yn april fan datselde jier by Malta in eksimplaar fongen waard wêrfan't de lingte op 7.13 m rûsd waard. Fan beide eksimplaren waard letter troch saakkundigen dy't der net direkt by belutsen wiene, útholden dat se folle lytser wiene (5.80-6.40 m, resp. 5.30-5.70 m), mar fotografysk bewiismateriaal suggerearret dat se dúdlik grutter wiene.

De wite haai is in rôfdier dat him sawol oan 'e kust as yn iepen see op syn gemak fielt. Hy komt nei de kust ta om't dêr in protte fan syn itensboarnen binne. Yn iepen see is registrearre hoe't er oan in djipte fan teminsten 1.200 m ta dûke kin. Nettsjinsteande dat bliuwt er it meastepart fan 'e tiid tichter by it wetteroerflak. Dat er him yn iepen see sa goed rêde kin, sprekt lykwols it tradisjonele byld tsjin dat dit bist in kustsoarte is.

 
In foarbyswimmende wite haai mei de rêchfin en de boppepunt fan 'e sturt boppe wetter út.

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

Sosjale ynteraksje

bewurkje seksje

It hâlden en dragen en de sosjale hierargy fan wite haaien wurdt noch net goed begrepen. Yn Súd-Afrika liket de hierargy benammen te krijen te hawwen mei geslacht, lichemsgrutte en bewenning: wyfkes dominearje mantsjes, gruttere bisten dominearje lytseren, en bisten dy't al in skoft yn in krite tahâlde, dominearje nijynkommelingen. As se by de jacht soartgenoaten tsjinkomme, losse wite haaien ûnderlinge konflikten almeast op troch rituelen en fertoan, ynstee dat se har taflecht nimme ta it brûken fan geweld. Dat lêste komt skynber mar komselden foar, om't it noch nea waarnommen is, mar der binne wol yndividuën dy't groeden hawwe fan bytwûnen fan oare haaien, dat hielendal ûnbesteand kin it ek wer net wêze. Gruttere wite haaien hâlde en drage har soms wol tige agressyf foar lytsere soartgenoaten oer; sa waard yn 2009 by Brisbane yn Queenslân in wite haai fan 3 m hast midstwa biten troch ien fan hast 6 m. By sokke gefallen giet it lykwols net om it fêststellen fan dominânsje, mar om kannibalisme.

Wite haaien binne oer it algemien tige nijsgjirrige bisten, dy't ek in sosjale kant hawwe. By Seehûneilân, yn Súd-Afrika, komme en geane guon fan harren op jierlikse basis yn stabile 'clans' fan twa oant seis yndividuën. It is ûndúdlik oft dat famyljegroepen binne. Saakkundigen ferlykje de sosjale rangoarder yn sa'n clan mei dy yn in ridel wolven, mei't elts lid in dúdlike rang hat en eltse clan in alfalieder hat. As leden fan ferskillende clans inoar foar it earst moetsje, stelle se troch in breed skala oan freedsume ynteraksjes fêst wa fan beide oft dominant is. In ûnderdiel dêrfan is 'spegeljen', wêrby't se njonkeninoar swimme om inoars lingte yn ferhâlding ta harren eigen op te nimmen.

 
In wite haai sit efter lokies oan.

Spy-hopping en breaching

bewurkje seksje

De wite haai is ien fan 'e beide soarten haaien dy't geregeldwei de kop boppe it wetteroerflak úttild om earne nei te sjen, lykas in proai. Dat hâlden en dragen wurdt spy-hopping neamd. It is ek waarnommen by ien populaasje swartpuntrifhaaien, mar men nimt oan dat dy it oanleard hawwe troch harren ynteraksje mei minsken. As wite haaien jeie yn relatyf djip wetter, 'beslûpe' se har proai gauris fan ûnderen en meitsje dan sa'n faasje dat se heal of hielendal boppe it wetteroerflak út springe. Dat hâlden en dragen wurdt breaching neamd (letterlik: "brekken", te witten: fan it wetteroerflak), en it wurdt benammen sjoen by de jacht op 'e súdlike pelsrob by Seehûneilân en yn 'e Falske Baai yn Súd-Afrika. Yn 2011 sprong in wite haai fan 3 m by fersin oan board fan in sânpersoansboat dy't ûndersyk die en dêrfoar sardines as ies brûkte.

Fuortplanting

bewurkje seksje

Fan 'e fuortplanting fan wite haaien is suver neat bekend. Der besteane oanwizings dat in hommelse oerfloed oan fretten (lykas in walfiskkadaver), dêr't ferskate haaien op ôf komme, in suver bedwelmend effekt op 'e bisten hat dat ta pearjen liede kin. Foarhinne waard tocht dat wite haaien mei 15 jier geslachtsryp wiene, mar no is dúdlik dat dat folle langer duorret. Mantsjes binne mei 26 jier geslachtsryp, en wyfkes pas mei 33 jier. Dat betsjut dat de wite haai troch in lette geslachtsripens, in lege fuortplantingsfaasje en in stadige groei in stik kwetsberder is foar oerbefisking as earder tocht waard. De maksimale libbensdoer waard foarhinne op goed 30 jier rûsd, mar út in ûndersyk fan it Woods Hole Oseanografysk Ynstitút yn 2014 nei de groeiringen yn 'e wringen fan wite haaien die bliken dat se teminsten in goede 70 jier wurde kinne: it âldste wyfke yn it ûndersyk wie 40 jier en it âldste mantsje 73 jier.

 
In wite haai draait op syn rêch wylst er efter tonynies oan sit.

Der is amper wat bekend oer it hâlden en dragen fan wite haaien by de fuortplanting, en de berte fan in wite haai is noch nea waarnommen. Wyfkes dy't swier wiene, binne lykwols wol ûndersocht. Wite haaien binne aailibbenbernjend, wat sizze wol dat de aaien, oars as by de measte oare fisken, har yn it limoer ûntwikkelje en dêr ek útkomme. Dêrnei ûntjouwe de jonge haaikes har fierder yn it limoer oant de berte, dy't nei in draachtiid fan likernôch alve moannen plakfynt. De noch net berne haaikes fiede har yn it limoer troch oöfagy, wêrby't se de aaien ite dy't troch de mem produsearre wurde. De berte fynt plak yn 'e maityd of de simmer. Men fermoedet dat de populaasje wite haaien yn 'e noardlike Stille Oseaan him yn 'e neite fan 'e Golf fan Kalifornje fuortplantet, fanwegen tsjûgenissen fan pleatslike fiskers dy't se dêr yn harren netten fongen hawwe.

Natuerlike fijannen

bewurkje seksje

De wite haai stiet yn 'e see oan 'e top fan it fiedingskeatling en hat amper natuerlike fijannen. Inkeld de orka of swurdwalfisk kin de wite haai oan, mar oer it algemien litte de beide soarten inoar gewurde. Yn guon gebieten dêr't se deselde proaien bejeie, kin der konkurrinsje ûntstean. Op 4 oktober 1997 waard der by de Faralloneilannen, foar de kust fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje ter hichte fan San Francisco, lykwols in tige nijsgjirrich ynsidint dokumintearre, wêrby't in orkawyfke fan nei skatting 4.70 oant 5.30 m lang in wite haai fan nei skatting 3 oant 4 m grypte en ûnderstboppest draaide, sadat de haai yn in steat fan toanyske ymmobiliteit rekke. De orka hold de haai fyftjin minuten yn dy posysje, sadat er stikte, want wite haaien moatte swimme om wetter troch de kiuwen te krijen sadat se sykhelje kinne. Nei't de haai dea wie, friet de orka syn lever op.

 
It skelet fan in wite haai, dat frijwol hielendal fan kreakbien is.

Saakkundigen ferûnderstelle dat de rook fan it kadaver fan 'e haai de reden wie dat alle oare wite haaien yn 'e omkriten fan 'e Faralloneilannen fuortendaliks útnaaiden. In oare, soartgelikense oanfal fan in orka op in haai fûn by de eilannen nei't it skynt plak yn 2000, mar hoe't dat betearde, is ûnbekend. Wol is dúdlik dat nei beide ynsidinten de pleatslike populaasje wite haaien tydlik ferdwûn. Nei it ynsidint yn 2000 doek in wite haai dy't tarist wie mei in satellytbeaken daliks nei in djipte fan 500 m en swom nei Hawaï.

De wite haai is in karnivoar en teffens de grutste noch libbene rôffisk. Hy is gjin sinnige iter en fret fisk (lykas tonyn, roggen en oare soarten haaien), walfiskeftigen (lykas brúnfisken, dolfinen en walfisken), finpoatigen (lykas seehûnen, pelsrobben, seeliuwen en see-oaljefanten), seeskylpodden, see-otters en seefûgels. Wite haaien binne tige opportunistysk en dogge it mei wat tafallich beskikber is. Se ite soms sels dingen dy't se net fertarje kinne. Jongere wite haaien frette benammentlik fisk, om't harren kaken noch net sterk genôch binne foar it iten fan finpoatigen en walfiskeftigen oant se in lingte fan likernôch 3 m berikke. As se de lingte fan sa'n 4 m berikt hawwe, stappe se hast folslein oer op in menu fan seesûchdieren. Wite haaien jouwe de foarkar oan fet fleis mei in hege fiedingswearde. Undersiker Peter Klimley sleepte by de Kalifornyske Faralloneilannen efter syn boat de kadavers fan in seehûn, in baarch en in skiep troch it wetter; de wite haaien griepen se alle trije, mar spuiden it skiep wer út.

 
In wite haai fret ies fan in walfiskkadaver.

Jachtmetoaden lykje te ferskillen nei de populaasje wite haaien. Yn Súd-Afrika falle wite haaien de súdlike pelsrob faak fan ûnderen oan, wêrby't se sa'n faasje meitsje dat se hielendal of foar in diel boppe it wetteroerflak út springe (breaching). Dat ddogge se it meast moarns ier, binnen twa oeren nei sinne-opkomst, as it sicht noch beheind is. Se hawwe dêrby yn trochsneed súkses yn 55% fan 'e gefallen. Tsjin 'e lette moarn is dat sifer omleech gien nei 40%, wêrnei't de oanfallen hielendal ophâlde om't se net mear leanje. Foar de kust fan Kalifornje soargje wite haaien mei in byt yn it efterliif dat de mânske noardlike see-oaljefant net mear ûntkomme kin, wêrnei't se wachtsje oant harren slachtoffer deabliedt. Dy taktyk wurdt benammen ynset tsjin folwoeksen see-oaljefanten, dy't yn 'e regel grutter binne as de haai sels. Oare, minder gefaarlike proaien, lykas gewoane seehûnen en Kalifornyske seeliuwen, wurde fan ûnderen oanfallen en meiskuord ûnder wetter, oant se net mear tsjinakselje en rêstich bepluze wurde kinne. Foar de kust fan Nij-Ingelân fange wite haaien grize seehûnen troch in efterfolging op folle faasje. Dolfinen wurde fan boppen, ûnderen of efteren oanfallen, om't de haaien witte dat se oars troch echolokaasje opmurken wurde sille.

As iesiters romje wite haaien ek de omdriuwende kadavers fan walfisken op, in ferskynsel dat faak ta ynteraksje mei soartgenoaten liedt dy't op itselde fretten ôfkommen binne. It soe skoan kinne dat soks in grutte ynfloed hat op sawol it ekosysteem fan 'e oseaan as de sosjale hierargy fan wite haaien. It is waarnommen dat gruttere wite haaien earst frette meie, wylst lytsere eksimplaren ôfwachtsje moatte oft der noch wat foar harren oerbliuwt. Se skine in foarleafde foar de walfisksturt te hawwen, dy't it earst opfretten wurdt, folge troch it walfiskspek en dêrnei it gewoane fleis. Der bestiet in teory dat de lange reizen dy't wite haaien ûndernimme, dêr't se de oseänen by trochkruse, alteast foar in part ynjûn binne troch in syktocht nei deade, stjerrende of slim ferwûne walfisken. Der is teminsten ien gefal dokumintearre, wêrby't wite haaien in walfiskkadaver dielden mei tigerhaaien.

 
Ferliking yn grutte fan in minske en in wite haai.

Relaasje mei de minske

bewurkje seksje

Oanfallen op minsken

bewurkje seksje

Fan alle soarten haaien is de wite haai ferantwurdlik foar fierwei it grutste tal registrearre ûnútlokke oanfallen op minsken wêrby't de soarte fan 'e oanfaller identifisearre waard. Oant en mei it kalinderjier 2012 wiene dat der 272, wêrby't yn 74 gefallen minsken om it libben kamen. Tusken 1990 en 2011 wiene it der 139, wêfan 29 deadlik. Dat is eins mar in tige lyts oantal, en men rint mear kâns om troch de wjerljocht troffen te wurden as om troch in wite haai oanfallen te wurden. (En as men net de see yngiet, is dy kâns 0,0.) Nettsjinsteande dat hat de wite haai yn 'e minsklike beskaving it imago krigen fan in ûnmeilydsume moardmasine en minskesliner. Om dat byld ûnútwiskber yn te kervjen yn it kollektyf ûnthâld hawwe de roman Jaws fan Peter Benchley en de ferfilming dêrfan út 1975 troch regisseur Steven Spielberg mear dien as lykfol hokker dokumintearre wiere oanfal ek. Der bestiet tsjintwurdich sels in subsjenre fan 'e horrorfilm dat him folslein taleit op oanfallen troch haaien, ornaris wite haaien. Foarbylden binne films as Deep Blue Sea (1999), The Shallows (2016) en 47 Meters Down (2017).

De wurklikheid is lykwols oars. Hoewol't wite haaien yndie soms minsken oanfalle en hoewol't dêrby yn 27% fan 'e gefallen ien of mear minsken omkomme, geane wite haaien der net op út mei de bedoeling om minsken te iten. Wittenskiplik ûndersyk hat sûnt 1990 útwiisd dat wite haaien yn it wyld soms boartlik gedrach fertoane, en dat se nijsgjirrich binne nei nije dingen, dy't se ûndersykje troch se mei de bek te "betaasten". It liket der sterk op dat de measte "oanfallen" fan wite haaien op minsken eins it nijsgjirrige ûndersykjen troch de haai fan in foar him nuver wêzen is; dy teory wurdt ûnderstipe troch it feit dat slachtoffers fan haaie-oanfallen gauris nei it strân of nei in boat ta ûntkomme kinne sûnder dat se efterfolge wurde, en trochdat haaien faak net trochbite. Dat der sa'n soad skea oanrjochte wurdt by sokke konfrontaasjes, soe neffens dizze teory komme troch de fjoerskerpe tosken fan 'e haai en de kwetsberens fan 'e minske. Wite haaien binne ek waarnommen wylst se op deselde wize (troch lichtsjes te biten) dingen ûndersochten lykas in boei of driuwend wrakhout.

 
In wite haai byt yn in fiskekop dy't by in dûkerskoai holden wurdt yn 'e Falske Baai yn Súd-Afrika.

Guon oare oanfallen, benammen dy op surfers, lykje neffens guon saakkundigen almeast in kwestje fan fersin te wêzen, mei't haaien sokke lju peddeljend op har surfplanke oansjen soene foar seeliuwen of seehûnen. Oare haaie-ûndersikers hechtsje gjin wearde oan dy teory en wize derop dat de measte oanfallen plakfine yn troebel wetter, by twiljocht of yn oare sitewaasjes dêr't haaien minsken net op dy wize mei proaidieren betiizje kinne om't se harren fan in ôfstân net gewaarwurde kinne. It liket wol as hâlde wite haaien net fan 'e smaak fan minskefleis, of fine se dy smaak alteast nuver en ûnbekend. Fierder ûndersyk hat útwiisd dat se mei ien byt witte oft eat de muoite wurdich is om oan te fallen en op te iten. Minsken binne wat dat oangiet te bonkich en net fet genôch foar harren smaak. De spiisfertarring fan wite haaien is te stadich om 'e hege ferhâlding fan bonken ta fleis en fet, dy't minsken hawwe, de muoite wurdich te meitsjen. Deadlike slachtoffers by haaie-oanfallen komme sadwaande almeast om troch bloedferlies feroarsake troch de earste (en iennichste) byt.

Guon ûndersikers hawwe lykwols in hiel oare hypoteze op 't aljemint brocht. Sy riddenearje dat de reden dat net mear haaie-oanfallen op minsken in deadlike ôfrin hawwe, net is om't haaien net fan 'e smaak fan minskefleis hâlde of minsken te bonkich fine, mar om't minsken nei de earste byt faak witte te ûntsnappen. Yn 'e 1980-er jierren murk John McCosker, heechlearaar Wetterbiology oan 'e Kalifornyske Akademy fan Wittenskippen, op dat dûkers dy't der allinne op út gien wiene en oanfallen waarden troch in wite haai, ornaris teminsten foar in part ferslynd waarden, wylst dûkers dy't mei syn twaen of mei mear wiene, ornaris rêden wurde koene troch harren maten. Neffens McCosker en Timothy C. Tricas, heechlearaar oan 'e Universiteit fan Hawaï, suggerearret dat, dat wite haaien by oanfallen op minsken in standertgedrachspatroan folgje, wêrby't se earst in flinke byt tabringe en dan ôfwachtsje oant de ferwûne minske ferswakke rekket of deabliedt foar't se weromkomme om him op te fretten. It fermogen fan 'e minske om mei help fan soartgenoaten feilichheid te berikken soe neffens dy teory net by wite haaien opkomme om't se dêr mei harren oare proaien gjin ûnderfining mei hawwe.

 
In wite haai yn it Monterey Bay Aquarium yn septimber 2006.

Oanfallen op boaten

bewurkje seksje

It binne net inkeld swimmers en surfers dy't troch wite haaien oanfallen wurde, mar ek kajakkers. Dat kaam yn 'e tweintichste iuw oan 'e westkust fan 'e Feriene Steaten foar by 5 fan 'e 108 dokumintearre ûnútlokke oanfallen fan wite haaien dêre. Dêrby foel de haai yn 'e regel fan efteren en fan ûnderen oan, en stompte de kajak om sadat de kajakker yn it wetter rôle. Oanfallen op echte boaten binne ek foarkommen, mar leverje oer it algemien inkeld lichte skea op oan 'e bûtenkant fan 'e boat. Ut 1936 is in gefal bekend dat in grutte wite haai oan board sprong fan 'e Súdafrikaanske fisktreiler Lucky Jim, wêrby't ien bemanningslid oerboard smiten waard. Underwetterobservaasje troch Tricas en McCosker wiist derop dat wite en oare haaien oanlutsen wurde ta boaten troch de lichte elektryske fjilden dy't dy opwekje.

Wite haaien yn finzenskip

bewurkje seksje

Foarôfgeande oan 1981 wie it nea slagge en hâldt in wite haai yn finzenskip mear as 11 dagen yn libben. Yn augustus fan dat jier oerlibbe ien lykwols 16 dagen fan finzenskip yn SeaWorld San Diego foar't er wer útset waard yn 'e see. Yn 2003 waard yn it Monterey Bay Aquarium yn Monterey (Kalifornje) in wite haai fiif dagen holden, wêrby't it foar it earst slagge om it bist yn finzenskip te fuorjen. Yn septimber 2004 waard yn itselde iepenbier akwarium yn it ramt fan ûndersyk nei de soarte foar it earst foar langere tiid in wite haai holden, yn in wettertank fan 3,8 miljoen liter wetter. Nei 198 dagen waard it bist, in wyfke, yn maart 2005 loslitten. Fan augustus 2006 oant jannewaris 2007 waard in mantsje 137 dagen yn it Monterey Bay Aquarium holden, en fan augustus 2007 oant febrewaris 2008 hold it akwarium in healwoeksen mantsje, dy't yn syn 162 dagen finzenskip groeide fan 1.40 m ta 1.80 m. Neitiid waarden noch ferskate wite haaien yn Monterey in ferlykbere perioade fêstholden.

 
In wite haai by it eilantsje Dyer yn Súd-Afrika, fotografearre út in dûkerskoai wei.

Haaietoerisme

bewurkje seksje

Koaidûken is in aktiviteit wêrby't toeristen mei in boat de see opgeane nei in plak dêr't wite haaien in protte komme. Foarhinne waarden de haaien dan lokke troch chum (in mingsel fan it yngewant en it bloed fan fisken) yn see te smiten, mar dat is tsjintwurdich yn in protte lannen ferbean om't it de haaien yn in jachtmodus bringt en harren leart om minsken mei iten te assosjearjen. As der ienris haaien sinjalearre binne, wurdt der in stevige dûkerskoai yn it wetter litten, dêr't de toeristen yn krûpe, wêrnei't de koai oant in beskate djipte omleech litten wurdt yn 'e see.

De toeristen kinne dan út 'e koai wei de wite haaien besjen, wylst de haaien net by de toeristen komme kinne. Koaidûken is in wichtich ûnderdiel fan 'e toeristyske yndustry yn Súd-Afrika, Súd-Austraalje (benammen by de Neptune-eilannen), op it Meksikaanske eilân Guadalupe yn 'e Stille Oseaan, en op beskate oare plakken. Soms wurde de haaien nei de koai ta lokke troch ies oan in heak (hang bait) troch it wetter te slepen yn 'e rjochting fan 'e koai. Dy praktyk is yllegaal yn Meksiko, mar wurdt yn Súd-Afrika en Austraalje noch altyd brûkt. Yn Austraalje wurdt ek eksperimintearre mei it ôfspyljen fan rockmuzyk ûnder wetter om haaien te lokjen.

 
De bemanning fan in boat foar haaietoerisme smyt chum út om wite haaien te lokjen.

Dit haaietoerisme hat it neidiel dat haaien op ûnnatuerlike wize bejegene wurde, mar dat weaget neffens de measte saakkundigen net op tsjin it foardiel dat de oanwêzigens fan haaien no jild wurdich is, wylst se foarhinne inkeld as gefaarlik ûngedierte sjoen waarden. Yn Súd-Afrika bringe de kaken mei tosken fan in wite haai mooglik oant £20.000 op. Dat is lykwols mar in fraksje fan 'e wearde fan in libbene haai. Mei 30 toeristen per boat per dei tsjin in priis fan £50 oant £150 per persoan bringt in libbene haai dy't by eltse boat lâns swimt eltse dei op 'e nij £9.000 oant £27.000 op. Soks hat soarge foar it ûntstean fan oansjenlike finansjele redens om 'e wite haai te beskermjen.

De wite haai hat de IUCN-status fan "kwetsber", mei't der ûnfoldwaande ynformaasje foarhâns is oer de wrâldwide populaasje fan 'e soarte. Wol is dúdlik dat dy sûnt de 1970-er jierren lytser wurden is. Om't wite haaien yn ferhâlding ta soarten mei in like grut ferspriedingsgebiet seldsum binne, hat men besletten dat it bist ferlet hat fan beskerming. Neffens in stúdzje fan Barbara Block fan 'e Universiteit fan Stanford, út 2010, soe de wrâldpopulaasje fan 'e wite haai út minder as 3.500 eksimplaren bestean. In oar ûndersyk, út 2014, fan George H. Burgess fan it Natoerhistoarysk Museum fan Floarida en de Universiteit fan Floarida, soe de populaasje foar de kust fan Kalifornje allinnich al út sa'n 2.000 bisten bestean, wat hast tsien kear safolle is as Block har skatting fan 219 fan fjouwer jier earder. Wite haaien wurde, fanwegen harren grutte en gefaarlikens en ek fanwegen harren seldsumens minder as oare soarten haaien it slachtoffer fan fiskerij. As der alris ien fongen wurdt, sa't bgl. soms yn 'e Middellânske See bart, wurdt it fleis ferkocht ûnder de misliedende namme 'smooth-hound shark'.

In wite haai komt in dûkerskoai mei toeristen benei.

Yn Austraalje waard de wite haai yn 1999 ta in kwetsbere bistesoarte ferklearre, mar de beskerming fan 'e soarte is fierhinne it domein fan 'e ôfsûnderlike steaten. De wite haai waard fan 1999 ôf beskerme yn Fiktoaria en fan 2013 ôf ek yn West-Austraalje. Yn 2014 stelde premier Colin Barnett fan West-Austraalje lykwols it belied yn om wite haaien te deadzjen dy't te ticht by de kust kamen, nei't der tusken 2010 en 2013 sân minsken omkommen wiene by haaie-oanfallen. Drum lines mei lokies oan grutte fiskheakken dy't ûntwurpen binne op haaien fêst te hâlden, waarden neitiid útset yn 'e neite fan populêre strannen. Haaien dy't noch libben oantroffen waarden, skeat men dea. It regear fan West-Austraalje hold út dat it hjirby net gie om it romjen fan wite haaien, mar om in "rjochte, lokalisearre strategy foar gefaarsfersêfting". Premier Barnett omskreau wjerstân tsjin syn belied as "bespotlik" en "ekstremistysk", en sei dat der neat wie dat him yn dizze kwestje fan gedachten feroarje litte koe.

Yn Nij-Seelân waard de wite haai yn 2007 útroppen ta in beskerme bistesoarte oant op in ôfstân fan 370 km út 'e kust. Ek bûten dat gebiet is it skippen dy't ûnder de flagge fan Nij-Seelân farre ferbean om op lykfol hokker wize diel te nimmen oan 'e jacht op wite haaien. De maksimale straf dy't op it brekken fan dy wet stiet, is in boete fan NZ$250.000 en seis moannen finzenisstraf. Yn 2013 waard de wite haai yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje op 'e list mei bedrige bistesoarten set.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.