Kreakbien
Kreakbien as krasbien (Latyn: cartilago) is in spesjale foarm fan bynweefsel mei in elastysk karakter as gefolch fan beskate eigenskippen fan 'e ekstrasellulêre matriks. Kreakbien kin dêrtroch grutte druk wjerstean (it hat in stjitkessenfunksje, soe men sizze kinne), mar it hat net folle lûkfêstens. Dêrmei is it op frijwol alle punten tsjinsteld oan bonke (of bien), dat krekt net elastysk mar wol folle steviger is.
Kreakbien is te finen op in grut tal plakken yn it minsklik (en dierlik) lichem, wêrûnder it artikulêre oerflak fan 'e bonken, op 'e ferbiningspunten yn 'e ribbekast en yn 'e luchtpiip en de brongiën. Oare lichemsdielen dy't besteane út kreakbien binne de earskelp, de noasbonke en de tuskenwringeskiven fan 'e rêchbonke. By guon bisten, lykas de kreakbienfisken (haaien en roggen) bestiet it hiele skelet út kreakbien.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |