Seefûgels
(Trochferwiisd fan Seefûgel)
De seefûgels (Laridae) binne in famylje fan fûgels út it skift fan de wilstereftigen. Sûnt 2007 wurde ek de stirnzen en de skimkers ta dizze famylje rekkene, dy' t foarhinne as aparte famyljes sjoen waarden. De skraitsen en de alken binne aparte famyljes. De term 'seefûgels' wurdt soms ek brûkt yn 'e bredere sin, foar alle fûgels dy't op see libje. Dan wurde ek bgl. de pilekanen, mokeftigen, ielguozzen, ginten, alken, seepappegaaien ensfh. ûnder beflapt.
Seefûgels | ||
sulvermiuw (Larus argentatus) | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
ûnderklasse: | moderne fûgels (Neornithes) | |
tuskenklasse: | nijkakigen (Neognathae) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
skift: | wilstereftigen] (Charadriiformes) | |
ûnderskift: | miuwen en sibben (Lari) | |
famylje: | seefûgels (Laridae) | |
Rafinesque, 1815 | ||
Klassifikaajse
bewurkje seksjeDe famylje fan de seefûgels kin ferdield wurde yn 4 subgroepen of ûnderfamyljes:
- Famylje: seefûgels (Laridae)
- Ûnderfamylje: Anoinae (noddyfûgels), 1-3 skaaien, 6 soarten
- Ûnderfamylje: Rynchopinae (skimkerfûgels), 1 skaai, 3 soarten
- Ûnderfamylje: Larinae (miuwfûgels), 10 skaaien, 52 soarten
- Ûnderfamylje: Sterninae (stirnzen), 10 skaaien, 41 soarten.
Inkelde miuwesoarten dy't yn of by Fryslân bekend binne:
- winterkob (Rissa tridactyla)
- kob (Chroicocephalus ridibundus)
- lytse miuw (Hydrocoloeus minutus)
- ûnwaarsfûgel (Larus canus)
- grutte sjouwerman (Larus marinus)
- grutte iismiuw (Larus hyperboreus)
- lytse iismiuw (Larus glaucoides)
- sulvermiuw (Larus argentatus)
- lytse sjouwerman (Larus fuscus)
Inkelde stirnzesoarten dy't yn of by Fryslân bekend binne:
- klikstirns (Thalasseus sandvicensis)
- lytse stirns (Sternula albifrons)
- wytstirns (Sterna hirundo)
- blaustirns (Chlidonias niger)
Sjoch ek
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Seefûgels fan Wikimedia Commons. |