Blaustirns

Blaustirns
Chlidonias niger.jpg
taksonomy
Klasse: Aves (fûgels)
Skift: Wilstereftigen (Charadriiformes)
Famylje: Stirnzen (Sternidae)
soarte
Chlidonias niger

De blaustirns (Chlidonias niger) is in fûgel út de famylje fan de stirnzen (Sternidae).

Oare nammenBewurkje

De Blaustirns wurdt yn Fryslân ek wol blausterns, blaustarring, skierstirns, skierstjirring as wetterswel neamd.

FoarkommenBewurkje

In folwoeksen eksimplaar is 20 oant 25 sintimeter grut en is dêrmei like grut as de Lytse Stirns. It lichemsgewicht is 60 oant 75 gram. De fûgel hat in swarte snaffel en swartreade poaten. Yn syn briedkleed hat de fûgel in swarte kop, boarst en búk, de boppekant is griis. Beide geslachten hawwe in selde fearrekleed.

FerspriedingBewurkje

De blaustirns is in trekfûgel dy't yn Noard- en Midden-Amearika, it noarden fan Súd-Amerika, Euraazje en Afrika foarkomt. Yn it briedseizoen is de blaustirns ek yn in Fryslân en Nederlân te sjen, de fûgels binne oan de râne fan wetter te finen bygelyks by sompen en marren. De fûgels oerwinterje oan de westkust fan Afrika.

ItenBewurkje

De blaustirns yt fisken, amfibyen en ynsekten. De fûgels pakt syn iten yn de flecht as fan it wetteroerflak.

FuortplantingBewurkje

 
Chlidonias niger niger

Blaustirnzen briede fan maaie oant july yn lytse kloanjes. It nêst wurdt oan de râne fan it wetter as op driuwende planten oanlein. Yn Nederlân wurde ek wol flotsjes útset om troch de fûgels brûkt te wurden. It wyfke leit twa oant trije aaien mei donkere flekken. De aaien wurde dan yn trije wiken bebret foardat de piken útkomme. Nei noch sa'n trije wike fleane de jongen út.

FerskaatBewurkje

De elektryske boat fan It Fryske Gea hat ek de namme Blaustirns.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Chlidonias niger fan Wikimedia Commons.