Kaak

(Trochferwiisd fan Kaken)

In kaak, kake of tsjeak, besteande út 'e ûnderkaak en de boppekaak, is in part fan de plasse, en komt yn de biology foar mei in grut ferskaat oan foarmen en maten, likegoed is de funksje meastentiids itselde: it fiedsel bewurkje foardat it yn de spisfertarring bedarret.

Minsklike tsjeak (foarantlit)
Minsklike tsjeak (sydantlit)
Minsklike tsjeak (boppeantlit)
Dizze side giet oer it lichemsdiel kaak. Foar oare betsjuttings, sjoch: kaak (betsjuttingsside).

Yn de evolúsjebiology is it wol of net hawwen fan tsjeaken fan belang by de yndieling yn diersoarten. Meastepart fan de tsjeaken hat skerpe tosken, rânen of grutte spieren dêr't se krêftich mei bite kinne. Tsjeaken wurde ek wol brûkt ter ferdigening, en der binne guons tige raar ferneamd, bygelyks krokodileftigen, hûnen en skylpodden litte nei in byt net mear los.

De effisjintste tsjeaken hawwe nei alle gedachten de haaien, hoewol't eartiids in protte útstoarne soarten noch gruttere tsjeaken hiene. Net allinnich de enoarme spieren en in protte rigen tosken meitsje yndruk, ek it feit dat de tosken libbenslang hieltyd oanmakke wurde en sadwaande altyd flymskerp binne, meitsje fan haaien beduchte rôfdieren.

  • Slangen kinne harren tsjeak letterlik ferknoffelje, sadat sy harren prooien trochslokke kinne dy't grutter binne as de kop.

Keppeling om utens

bewurkje seksje