Japanske Binnensee
De Japanske Binnensee (Japansk: 瀬戸内海, Seto Naikai, 'Seto Binnensee') is de namme fan de ûndjippe binnensee dy't de eilannen Honsjû, Sjikokû en Kjûsjû, de trije haadeilannen fan Japan, fan elkoar skiedet.
Japanske Binnenzee 瀬戸内海, Seto Naikai | ||
De Japanske Binnensee mei prefektueren en brêgen. | ||
geografy | ||
type wetter | rânesee | |
lokaasje | tusken de eilannen Honsjû, Sjikokû en Kjûsjû | |
lân | Japan | |
koördinaten | 34°10′N 133°20′E | |
ûnderdiel fan | Stille Oseaan | |
sifers | ||
maks. lingte | 450 km | |
maks. breedte | 55 km | |
oerflak | 23.203 km² | |
djiptegemiddelde | 37,3 m | |
djipste punt | 105 m |
Oan de 7000 km lange kust wenje likernôch 35 miljoen minsken, sa'n 27% fan de befolking fan Japan.
Der lizze sa'n 3000, meast net bewenne, eilannen yn de Japanske Binnensee. Yn it noardeasten leit it grutste eilân, Awaji.
Geografy
bewurkje seksjeDe see wurdt begrinze troch fiif seestrjitten :
- De Strjitte fan Kanmon (of Strjitte fan Shimonoseki) ferbynt it westlik part fan de Japanske Binnensee mei de Japanske See.
- De Strjitte fan Hoyo ferbynt it súdwestlik diel, troch it Kanaal fan Bungo mei de Stille Oseaan.
- Yn it noarden skiedet de Strjitte fan Akashi en de Strjitte fan Kitan de Binnensee fan de Baai fan Osaka.
- De Strjitte fan Naruto ferbynt it eastlik part, fia it Kanaal fan Kii mei de Stille Oseaan.
De meast wichtige kuststêden binne Kobe, Ube, Okayama, Hiroshima, Iwakuni en Matsuyama.
De meast wichtige eilannen binne :
- Yn it easten : Awaji, Shodoshima, Ieshima, Naoshima, Shiwaku.
- Sintraal: Omishima, Innoshima, Itsukushima, Hinase, Kasaoka.
- Yn it westen: Suooshima, Uwakai, Hashirajima.
Brêgen
bewurkje seksjeDe eilannen Honsjû en Sjikokû binne troch trije brêgesystemen mei elkoar ferbûn. De meast noardlike fan dy brêgen is de Akashi-Kaikyo-brêge - de langste hingbrêge fan de wrâld - oer de Strjitte fan Akashi. Yn it suden lizze de trije Kurushima-Kaikyo-brêgen. De brêgen eksploitearre troch de Honshu-Shikoku Bridge Expressway Company Limited. [1]
Toerisme
bewurkje seksjeDe kusten fan de Japanske Binnensee foarmje in grutte toeristyske trekpleister. Al foardat bûtenlanners Japan yn mochten wie de skientme fan de see ferneamd en waard sy priizge en besongen.
It grutste part fan de see heart no ta it nasjonale park fan Setonakai (瀬戸内海国立公園, Setonaikai Kokuritsu kōen). Dit park wie ien fan de earste nasjonale parken fan Japan, stifte op 16 maart 1934.
It skryn fan Itsukushima op it eilân Itsukushima yn de stêd Hatsukaichi is troch UNESCO erkend as Wrâlderfgoed. Shodoshima, it saneamde "het olive-eilân", en de draaikolk fan Naruto yn de Strjitte fan Naruto binne twa plakken dy't ek in protte toeristen lûke.