Hingbrêge
In hingbrêge is in brêge dy’t opboud is út twa (soms ien) hege pylders wêrtusken in dikke keabel spand is. Troch de symmetry wurde de pylders fertikaal belêste. Tusken de pylders yn hinget in ‘haad’draachkeabel, likernôch yn de foarm fan in paraboal.
Oan de haaddraachkeabel hingje op fêste ôfstân fertikale keabels, de hingers, hjir wurdt it brêgedek oan ophong. Yn tsjinstelling ta de measte oare brêgesoarten is dit brêgedek tige licht. Hjirtroch bliuwt de brêge betelber. Neidielen fan dizze konstruksje binne de gefoelichheid foar eigentrillingen en aerodynamyske effekten (by hurde wyn wurde dit soarte brêgen dan ek sluten) en de gefoelichheid foar konsintrearre belêsting, lykas by in trein.
Yn de haaddraachkeabel geane tige grutte krêften om. Oan it begjin en de ein is de brêge fêstmakke yn de fundearring. De keabels wurde dêr hast horizontaal ynsetten, wêrtroch de grutste krêften net fertikaal, mar horizontaal op de fundearring steane. Dat is ek de reden dat yn Nederlân en oare lannen yn Jeropa de hingbrêge hast net foarkomt. De boaiem is hjir te sêft om dizze grutte krêften hâlde te kinnen. As de grûn út stien bestiet kinne de krêften better opfong wurde.
It idee efter de hingbrêge is hat itselde oan dat fan in bôgebrêge. Mar by sa’n brêge is der gjin triuwkrêft, mar lûkkrêft.
De earste hingbrêgen fan 'e wrâld wiene de acht brêgen dy't yn 1433 yn eastlik Bûtan boud waarden troch de Tibetaanske hillige Thangtong Gyalpo. De langste hingbrêge fan de wrâld is de Akashi-Kaikyō Brêge yn Japan, dizze hat in lingte fan 1990,8 meter. Mar yn Itaalje binne der plannen om oer de Seestrjitte fan Messina in hingbrêge te bouwen.
Wrâldferneamd binne de telefyzjebylden fan de Tacoma Narrows Brêge yn de Amerikaanske steat Washington. Op 7 novimber 1940 stoarte dizze brêge, dy't krekt nij wie, yn de rivier dy't dêrûnder streamde. Mei tank oan nije techniken wie dizze brêge in stik lichter boud as oare hingbrêgen út dy tiid. Dit hie as gefolch dat troch de wyn de brêge hin en wer skommele en úteinlik ynstoarte. By nijmoadrige ûntwerpen wurdt hjir rekken mei hâlden en wurde der modeltesten útfiert.
Ferneamde brêgen
bewurkje seksjeInkele ferneamde hingbrêgen binne de: