Fertikaal
Mei fertikaal (Latyn: vertex, draaipunt, heechste punt), leadline of sjitleadrjochting wurdt bedoeld de line yn de rjochting fan de swiertekrêft en dêrmei heaksk op de horizontaal of it ekwipotinsjaalflak.
Mei in sjitlead kin neigien wurde oft eat fertikaal is. Ek in wetterpas kin foar dit doel brûkt wurde, as der mar in foarsjenning is om de rjochting leadrjocht op de hoarizontaal te bepalen.
At eat net suver fertikaal stiet wurdt wol sein dat it ‘út it lead’ stiet, in ferwizing nei it sjitlead, in stik ark dat al sûnt minskeheugenis brûkt wurdt by it oplûken fan bouwurken.
De normaalrjochting is de line leadrjocht op de ellipsoïde yn in bepaald punt. De hoeke tusken de sjitleadrjochting en de normaalrjochting wurdt sjitleadôfwiking neamd.
De rjochting dy ’t leadrjocht op de fertikale rjochting stiet, wurdt hoarizontaal neamd. It punt leadrjocht ûnder in punt hjit nadirpunt. It punt op de himelbol rjocht boppe in punt hjit zenit.
Opmerking
bewurkje seksjeIt begryp leadrjocht waard (en wurdt soms noch) as synonym brûkt foar fertikaal. No hat it lykwols in mear mjitkundige betsjutting krigen nammentlik: snije ûnder in hoeke fan 90°.