Faak wurdt horizontaal opfetten as ‘op likense hichte', sadat it ôfhinget fan wat ûnder hichte ferstien wurdt. It punt fertikaal ûnder de waarnimmer hjit nadir, it tsjinoerstelde punt, boppe de waarnimmer, hjit it zenit. Der binne ferskillende definysjes fan horizontaal.

Definysjes bewurkje seksje

It flak troch de hoarizon bewurkje seksje

Horizontaal is lykstrekich oan de hoarizon (kym). Troch de kromming fan de ierde binne de wetterpasse flakken lykwols net flak, mar bûgd. Dizze definysje fan horizontaal hinget ôf fan it plak en de hichte fan de waarnimmer. Troch de kromming fan de ierde sil, ôfhinklik fan de hichte fan de waarnimmer, de hoarizon (kym) leger lizze. As gefolch fan de kromming fan ljochtstrielen wurdt de kym boppedat leger as yn werklikheid waarnommen (kymdûking).

Geoïde bewurkje seksje

 
Mei in wetterpas kin bepaald wurde oft eat horizontaal is.

Mei in lokaal horizontaal flak wurdt in flak bedoeld leadrjocht op de rjochting fan it sjitlead, op it plak fan de waarnimmer. Ek mei in wetterpas kin bepaald wurde wat horizontaal is. Yn beide gefallen wurdt de rjochting fan de swiertekrêft mjitten. Dy wiist net sekuer rjochting it midspunt fan de planeet. Dus it mei in wetterpas of sjitlead bepaalde horizontale 'flak' is net presys itselde as it flak fan de punten dy’t op likense ôfstân fan it midspunt fan de ierde (of in oare planeet) lizze. At der gjin fersteurings wêze soene fan bygelyks wyn en tij, dan soe it tichteby wêzen fan bergen en dalen, mar ek de gearstalling fan de grûn noch altyd feroarsaakje dat it wetteroerflak net presys as in ellipsoïde (in wat oan de poalen ôfplatte bol) om de ierde stean soe. De wetterpas bepaalt lokaal de raakline oan in wat grillich flak dêr’t deselde swiertekrêftpotinsjaal hearsket: de geoïde.

Ellipsoïde bewurkje seksje

Hichte wurdt definearre as de ôfstân nei it midspunt fan de ierde. GPS-apparatuer jout hichtes oangeande in ellipsoïde: WGS84.

Oerdrachtlik bewurkje seksje

Foar ien dy 't stiet, ferrint horizontaal fan links nei rjochts en fertikaal, fan boppen nei ûnderen. In foto of oar ôfbyld wurdt altyd sa besjoen dat ús blik fan links nei rjochts giet foar horizontale rjochtings en fan boppen nei ûnderen foar fertikale. Dêrfan ôflaat wurdt de gewoane skriuwrjochting, de rigel, horizontaal en de rjochting wêryn de rigels elkoar opfolgje fertikaal. De termen horizontaal en fertikaal tsjutte sa ek de rjochtings oan yn krúswurdpuzels, dêr ‘t de wurden horizontaal (yn de gewoane skriuwrjochting) of fertikaal (heaksk dêrop) ynfold wurde moatte.

Der wurdt ek sprutsen fan in horizontale of platte organisaasje om oan te jaan dat it giet om in groep fan min ofte mear likensen, sûnder grutte hiërargyske ferskillen.

Yn de Nederlânske politike skiednis wiene de ‘horizontalen’ in groep kommunisten dy ’t him healwei de jierren '80 losmakke fan de CPN.