Minskehaaien
De minskehaaien of wite haaien (wittenskiplike namme: Carcharodon) foarmje in skaai fan 'e klasse fan 'e kreakbienfisken (Chondrichthyes), de ûnderklasse fan 'e haaien en roggen (Elasmobranchii), de tuskenklasse fan 'e echte haaien en roggen (Euselachii), de difyzje fan 'e moderne haaien en roggen (Neoselachii), de ûnderdifyzje fan 'e haaien (Selachii of Selachimorpha), it boppeskift fan 'e helmhaaien (Galeomorphi), it skift fan 'e makrielhaaien (Lamniformes) en de famylje fan 'e hjerringhaaien (Lamnidae). Dit is in taksonomyske groep dy't mar ien libbene soarte omfiemet: de wite haai.
Minskehaaien | ||
In wite haai (Carcharodon carcharias). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
tuskenstamme: | kaakdieren (Gnathostomata) | |
klasse: | kreakbienfisken (Chondrichthyes) | |
ûnderklasse: | haaien en roggen (Elasmobranchii) | |
tuskenklasse: | echte haaien en roggen (Euselachii) | |
difyzje: | moderne haaien en roggen (Neoselachii) | |
ûnderdifyzje: | haaien (Selachii) | |
boppeskift: | helmhaaien (Galeomorphi) | |
skift: | makrielhaaien (Lamniformes) | |
famylje: | hjerringhaaien (Lamnidae) | |
skaai: | minskehaaien (Carcharodon) | |
Andrew Smith, 1838 | ||
Etymology
bewurkje seksjeDe wittenskiplike namme fan it skaai, Carcharodon, komt fan 'e Grykske wurden karcharos ("skerp" en/of "kartele") en odous, dat "tosk" betsjut.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe minskehaaien omfetsje op 't heden trije soarten: de wite haai (Carcharodon carcharias), dat de bekendste haaiesoarte fan allegear is, en twa fossile soarten, de hubbellminskehaai (Carcharodon hubbelli) en de Cacharodon caifassii. Foarhinne waard ek de reuseftige megalodon yn dit skaai pleatst, mar nije ynsichten wolle lykwols hawwe dat de wite haai en de megalodon folle minder nau besibbe binne as earder tocht waard, hoewol't se noch wol beide ta it skift fan 'e makrielhaaien (Lamniformes) rekkene wurde.
Ynstee wurdt no tocht dat wite haai folle nauwer besibbe is oan 'e fossile breedtoskfinmakrielhaai (Cosmopolitodus hastalis), in teory dy't ûnderstipe liket te wurden troch de ûntdekking fan 'e fossilisearre kaken mei 222 tosken en 45 wringebonken fan 'e hubbellminskehaai yn 1988 (publisearre yn 2012). Yn 'e nije teory wurdt de megalodon yn it skaai karteltoskhaaien (Carcharocles) pleatst, yn 'e famylje fan 'e gruttoskhaaien (Otodontidae).
Klassifikaasje
bewurkje seksje
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |