Filmcrew

(Trochferwiisd fan Filmploech)

In filmcrew (útspr.: ['fɪlmkru:], likernôch: "filmkrûû"; fan it Ingelske film crew, letterlik: "filmbemanning") is in groep minsken dy't, almeast op projektbasis, meiwurket oan 'e produksje fan in film of in tillefyzjeprogramma. Dêrby wurdt ûnderskie makke tusken de crew en de cast: de cast bestiet út 'e akteurs, wylst de crew eltsenien omfiemet dy't 'efter de skermen' by de produksje belutsen is. De term filmploech is hast synonym mei 'filmcrew', mei it betingst dat 'filmploech' mear brûkt wurdt foar lytsere filmcrews (almeast besteande út in presintator, in kameraman, in lûdsman en in regisseur), dy't bygelyks opnamen op lokaasje meitsje foar in reportaazje, in dokumintêre of in realitytillefyzjeprogramma, wylst 'filmcrew' mear brûkt wurdt yn it ramt fan spylfilms, tillefyzjefilms en tillefyzjesearjes mei in fiktyf ûnderwerp.

In filmcrew oan it wurk.

Filmcrews binne opdield yn ûnderskate ôfdielings, dy't har elts talizze op in spesifyk aspekt fan 'e produksje. De beroppen dy't ta in filmcrew hearre, hawwe har troch de jierren hinne fierder ûntwikkele, faak nei oanlieding fan 'e yntroduksje fan nije technologyen. It grutste part fan dy beroppen bestiet lykwols al fan it begjin fan 'e tweintichste iuw ôf, doe't de filmyndustry ûntstie. Film- en tillefyzjeproduksje hat trije dúdlike stadia: ûntwikkeling, produksje en distribúsje. De produksje sels falt ek útinoar yn trije dúdlik faninoar skate stadia: preproduksje, de eigentlike opnamen en postproduksje. In soad filmcrewberoppen hearre by ien fan dy trije produksjestadia. Fierders bestiet der ek in ûnderskie tusken personiel 'boppe de line', lykas de regisseur, de produsint en de senarioskriuwer, dy't har ek mei ûntwikkeling en/of distribúsje bemuoie, en personiel 'ûnder de line', de technyske stêf dy't inkeld by it produksjestadium belutsen is.

lieding
produksje
  • produksjelieder: regelet alle grutte fraachstikken op it mêd fan 'e produksje.
  • produksje-assistint: regelet lytsere fraachstikken dy't ferbân hâlde mei de produksje.
  • opnamelieder: koördinearret de filmcrew oan 'e hân fan it opnameskema.
  • lokaasjemanager: is ferantwurdlik foar it finen en reservearjen fan gaadlike filmlokaasjes.
  • runner: ferfiert de akteurs fan en nei de set en is koerier foar alderhanne nedichheden.
art department
  • produksje-ûntwerper of production designer: is ferantwurdlik foar de oanklaaiïng fan 'e film: kleurstelling, styl, lokaasjes, dekôrs, rekwisiten (props), hier, make-up, klean, ensfh.
  • art director: rjochterhân fan 'e produksje-ûntwerper, dy't direkt it tafersjoch hat oer de keunstners en ambachtslju dy't de produksje foarmjouwe.
  • assistint-art director: soarget foar de praktyske útfiering fan 'e opdrachten fan art director.
  • setûntwerper of set designer: in soarte fan arsjitekt, dy't de dekôrs en ynterieurs ûntwerpt.
  • set decorator: jout lieding oan 'e fierdere oanklaaiïng fan 'e (noch keale) dekôrs en ynterieurs.
  • stylist: fynt foar de set decorator de juste objekten (yn 'e regel op it mêd fan húsrie) om 'e set oan te klaaien, en keapet, hiert of lient dy.
  • set dresser: hâldt by hokker objekten oft wêr op 'e set thúshearre en soarget dat dy dêr foar de opnamen steane. Is neitiid ek ferantwurdlik foar it wer fuortheljen (en opbergjen) fan dy objekten foar it gefal dat der nochris opnamen yn itselde dekôr makke wurde moatte. By gruttere produksjes wurkje set dressers yn teams. Ien fan harren bliuwt ek ûnder de opnamen op 'e set: de on-set dresser.
  • propsmaster: giet oer alle rekwisiten (props) dy't net ta de oanklaaiïng fan 'e set hearre.
hier en make-up
wardrobe
kamera
  • kameraregisseur of director of photography: is de technysk regisseur, dy't ûnder de opnamen de lieding hat oer kamera's en beljochting.
  • kameraman: betsjinnet de kamera en sjocht ûnder de opnamen troch de siker.
  • sinematograaf of cinematographer: ornaris synonym mei kameraregisseur; dizze term wurdt inkeld brûkt as kameraregisseur en kameraman ien en deselde persoan binne.
  • earste assistint-kameraman: hâldt him bûten de opnamen mei de kamera dwaande, bygelyks troch dy op lokaasje op te bouwen.
  • focus puller: soarget foar de juste linzen foar de kamera's; by lytsere produksjes wurdt dizze funksje útfierd troch de earste assistint-kameraman.
  • clapper loader: draacht soarch foar de folle kassettes mei opnommen filmmateriaal en jout de klap oan it begjin fan eltse take. Makket ek it filmmateriaal administratyf klear foar ferwurking yn it laboratoarium.
  • grip: fersoarget by in ridend shot it montearjen fan 'e kamera op in dolly en rails. Fersoarget ek it montearjen fan 'e kamera op oare lestige plakken.
  • steadicam operator: in kamerman dy't talein is op it betsjinjen fan kamera mei stabilisaasjegereid. Dat wurdt ornaris ynlast as in apart opnameproses.
lûd (produksje)
  • sound director: hat de lieding oer de lûdsôfdieling op 'e set. Betsjinnet it mingpaniel en kiest hoe't en mei hokker mikrofoan(s) opnommen wurdt.
  • boom operator: betsjinnet de mikrofoan, dy't almeast oan in lange stôk (boom) sit, dy't bûten byld boppe of ûnder de akteurs holden wurdt.
beljochting
montaazje
  • cutter: docht de filmmontaazje op ynstruksje fan 'e regisseur. Brûkt dêrfoar in fysike kopy fan it filmmateriaal. (Hieltyd faker ferfongen troch de editor.)
  • editor: docht de montaazje fan 'e film yn gearwurking mei de regisseur. Montearret mei in digitale scan fan it filmmateriaal yn in kompjûter.
  • negatyfsnijer: docht de neimontaazje mei it orizjinele filmmateriaal. Ek dat bart tsjintwurdich almar faker digitaal.
lûd (montaazje)
muzyk

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.