Lûdsmontaazje

(Trochferwiisd fan Sound editor)

Lûdsmontaazje is it proses fan it selektearjen en gearstallen fan lûdsopnamen yn tarieding foar de úteinlike lûdsmixing of mastering fan in film, tillefyzjeprogramma, reklamespotsje, fideospultsje, fideoklip of lykfol hokker oare produksje dy't te krijen hat mei opnommen lûd of lûdssynteze. De techniken dy't brûkt wurde foar lûdsmontaazje ûntstiene út it ferlet om 'e ynkomplete, ûndramatyske of technysk ynferieure lûdsopnamen fan iere lûdsfilms te ferhelpen of ferbetterjen. Nei inkele desennia ûntjoech dit fakgebiet him ta in selsstannich spesjalisme, dat útoefene wurdt troch saneamde lûdseditors of sound editors. De Academy of Motion Picture Arts and Sciences, dy't de Oscars útrikt, erkent de artistike kontribúsje fan sokken mei de Oscar foar it Bêste Lûdsmontaazje. Ek oare filmprizen hawwe faak in aparte kategory foar dit fakmêd.

Der binne rûchwei trije soarten lûd dy't kombinearre wurde moatte om 'e úteinlike lûdsmixing gear te stallen: dialooch (wat de akteurs sizze), lûdseffekten (eftergrûnlûden) en filmmuzyk. Yn gruttere merken foar de ynternasjonale filmyndustry, lykas Los Angeles en New York, binne lûdseditors ornaris spesjalisearre op ien fan dy trije dielfakgebieten. In film of tillefyzjeprogramma hat dan in aparte dialoocheditor, effekte-editor en muzykeditor. Yn lytsere merken wurdt fan lûdseditors ferwachte dat se har mei alle trije soarten lûden rêde kinne, en faak de lûdsmixing der noch op ta, dat eins in fakgebiet is dat los stiet fan 'e lûdsmontaazje.

It montearjen fan lûdseffekten kin omskreaun wurde as it opbouwen fan 'e soanyske wrâld út it neat wei, wylst it montearjen fan dialooch wol omskreaun wurdt as it reparearjen fan 'e besteande soanyske wrâld. Effekte-editors brûke in bibleteek fan opsleine lûden om by alles dat yn byld komt it juste lûd ta te foegjen, fan fuotstappen yn grint oant it oerfleanen fan in strieljager. Dialoocheditors brûke in breed ferskaat oan techniken om 'e teksten fan 'e akteurs better fersteanber te meitsjen, en ek glêder yninoar oerrinne te litten, sadat it publyk letter net mear de oergong fan it iene shot nei it oare hearre kin.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.