Ferlerne film
In ferlerne film is in lange of koarte film mei in fiktyf of non-fiktyf karakter, dy't, ynsafier bekend, langer net mear bestiet yn in argyf fan in filmstudio, in privee-kolleksje of in iepenbier argyf lykas de Amerikaanske Library of Congress of it Frysk Filmargyf. Fan sokke films wurdt sadwaande oannommen dat se ferlern gien binne. Dat hoecht net altyd wier te wêzen, mei't soms yn in argyf noch in eksimplaar oantroffen wurdt, wêrfan't it bestean earder net bekend wie. Ek komt it wol foar dat, fral nei in erfenis, op in rommelsouder of yn in oare berging by in partikulier noch in eksimplaar opdûkt. Soms is fan in ferlerne film hielendal neat bewarre bleaun, mar ornaris binne der noch wol produksjefoto's oerlevere, yn it Ingelsk stills neamd (om't der gjin beweging yn sit), dy't in priuwke fan 'e bylden en de sfear fan 'e film jaan kinne.
Soarte films
bewurkje seksjeBy ferlerne films giet it yn 'e regel om films út 'e iere filmskiednis. Sa binne fan 'e Amerikaanske stomme films út 'e perioade tusken de midden fan 'e 1890-er jierren en 1929 folle mear ferlern gien as bewarre bleaun binne. En fan 'e Amerikaanske lûdsfilms út it tiidrek fan 1927 oant 1950 is likernôch de helte ferlern gien. Foar in grut part giet it dêrby om minder bekende films mei minder bekende akteurs, om't fan populêre films mei ferneamde akteurs (lykas de wurken fan Charlie Chaplin en Douglas Fairbanks) safolle eksimplaren oanmakke waarden dat it ûnwierskynlik wie dat dy allegear wei of stikken reitsje soene. Guon akteurs, lykas Chaplin, Harold Lloyd en Mary Pickford, en ek in filmprodusint as Cecil B. DeMille, wiene boppedat iere oanfiterders fan filmkonservearring. Lykwols giet it by ferlerne films net altyd om obskuere films; sa is ek de westerfilm The Oregon Trail (1936), mei John Wayne yn 'e haadrol, ferlern gien.
Oarsaken
bewurkje seksjeGuon ferlerne films waarden mei opsetsin de wrâld út holpen. Sa ferneatige Chaplin sels syn film A Woman of the Sea (1926) om't er dat as ôflûkpost op syn belestingoanjefte opfiere koe. Yn 1921 waard Roscoe "Fatty" Arbuckle beskuldige fan 'e ferkrêfting fan en moard op 'e aktrise Virginia Rappe. Hoewol't er dêr nei in rige rjochtsaken úteinlik fan frijsprutsen waard, wie syn namme tsjin dy tiid klearbare fergif wurden yn 'e filmyndustry. Fan gefolgen begûnen de filmstudio's fan Hollywood mei in opsetlike kampanje fan ferneatiging om syn wurk út harren argiven te wjudzjen.
Foar it meastepart wie de ferneatiging fan iere films lykwols in ûngemak. Dat koe fuortkomme út neilittichheid, as der net goed past waard op films dêr't mar in pear eksimplaren fan bestiene, sadat se wei rekken. Mar faak ek wie brân de oarsaak. Foar iere films waard nammentlik by hast alle 35 mm-negativen en -ôfdrukken it tige brânbere nitroselluloaze brûkt yn 'e foarm fan nitraatfilm. As it min ûnderholden en opslein wurdt, lykas yn in hok of keamer dêr't it by sinneskynwaar tige hjit wurdt, kin dat guod spontaan yn flammen útbarste. Dêrtroch giene bgl. by de Fox-klûsbrân fan 1937 alle films fan foàr 1935 ferlern dy't makke wiene troch filmstudio Fox Pictures, en by de MGM-klûsbrân fan 1965 rekken ek hûnderten stomme films en iere lûdsfilms ferneatige.
Al yn 1909 brocht Eastman Kodak in ûnbrânbere 35 mm-film op 'e merk, mar de gearstalling dêrfan makke de filmrôle drûch en broas, mei as gefolch dat de film al rillegau skuorren en gatten begûn te fertoanen. Dêrom wegeren de measte studio's dat materiaal te brûken. Pas yn 1949 kaam der ferbettere 35 mm-film beskikber. Ut it tiidrek fan nei 1950 binne sadwaande hast alle films bewarre bleaun, útsein ferskate iere pornografyske films en in stikmannich weirekke B-films.
Oar gebrûk fan 'e term
bewurkje seksjeDe term 'ferlerne film' wurdt soms ek brûkt foar gefallen wêrby't fan in noch besteande film opnamen fan by de filmmontaazje fuortknipte sênes ferlern gien binne, of wêrby't in alternative ferzje fan in noch besteande film weirekke is. In film dy't foar in part ferlern gien is, wurdt in diels ferlerne film neamd. Sa waard bgl. fan 'e film Sherlock Holmes út 1922, dy't folslein ferlern waand waard, in eksimplaar weromfûn, mar dat wie net folslein, en in diel fan 'e sênes misse noch.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |