Zagreb (Dútsk: Agram) is de haadstêd fan Kroaasje en fan de provinsje Zagreb. De stêd leit yn it noarden fan it lân, ticht by de grins mei Sloveenje, en hie yn 2005 973.667 ynwenners.

Zagreb
Grad Zagreb
It Ban Josip Jelačić-plein Zagreb
It Ban Josip Jelačić-plein Zagreb
Bestjoer
Lân Kroaasje
Sifers
Ynwennertal 904.200 (2008)
Oerflak 641,22 km²
Befolkingsticht. 1.203,9/ km²
Stêdekloft 1.388.000 ('provinsje' Zagreb)
Hichte 158 m (grut part)
Oar
Tiidsône CET (UTC+1)
Simmertiid CEST (UTC+2)
Koördinaten
Offisjele webside
De stêd Zagreb
Lizzing Zagreb yn Kroaasje
Katedraal fan Zagreb

De stêd Zagreb leit oan de rivier de Sava en oan de foet fan it berchtme Medvednica oan de râne fan de Pannonyske flakte. Bestjoerlik foarmet Zagreb in aparte provinsje mei sa'n 1 200.000 ynwenners en it is teffens it bestjoersintrum fan de provinsje (Zagrebačka županija). Yn Grut-Zagreb húsmanje likernôch ien op de fiif ynwenners fan Kroaasje.

Zagreb hat ferskate museums, sa as it archeologysk museum, it Kroatysk museum fan natuerwittenskippen en it museum foar moderne keunsten.

Op 9 novimber 1880 waard Zagreb troffen troch de swiere ierdbeving fan Zagreb. Wûnder boppe wûnder kaam dêrby mar ien persoan om it libben, hoewol't tûzenen gebouwen skansearre rekken of alhiel ferwoastge waarden.

Commons
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Zagreb