Sava (rivier)
De Sava (Hongaarsk: Száva, Dútsk: Save) is in rivier yn Súdeast-Europa. Mei 940 km is it de grutste rjochtersydrivier fan de Donau. De Sava wurdt faak beskôge as de noardgrins fan de Balkan. De rivier ûntspringt yn de Julyske Alpen yn Slovenië en rint dêrnei nei it easten oer Kroatië en Bosnië en Herzegovina nei Servië om ûnder Belgrado yn de Donau út te mûnjen.
Zagreb sjoen fan de Sava ôf | De Savika-wetterfal, ien fan de boarnen fan de rivier |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sava fan Wikimedia Commons. |