Georges Nagelmackers

Georges Nagelmackers (Luik, 24 juny 1845Villepreux, 10 augustus 1905)[1][2] wie de stifter fan de Compagnie Internationale des Wagon-Lits, it bedriuw dat ferneamd waard troch de ekspres-treinen as de Oriïnt Ekspres. Hy kaam út in rike famylje fan bankiers, steatsminsken en yndustriëlen.

Georges Nagelmackers
Georges Nagelmackers
Georges Nagelmackers
persoanlike bysûnderheden
berne 24 juny 1845
berteplak Luik
stoarn 10 augustus 1905
stjerplak Villepreux
etnisiteit Waalsk
wurkpaad
reden
  bekendheid
Oprjochter fan "Compagnie Internationale des Wagons-Lits"
prizen 1x goud Olympyske Spullen 1900

Doe’t Nagelmackers 22 jier wie rekke hy fereale op in âldere frou, in nicht fan him. Syn âlden wienen it net mei syn trouplannen iens en stjoerden him dêrom mei freonen mei dy’t in reis troch de Feriene Steaten meitsjen gienen.

Der waard fan him ferwachte dat hy syn heit opfolgje soe yn de Nagelmackers & Fills bank, mar hy ûntwikkele nei it besyk oan de Feriene Steaten oare plannen foar syn takomst.

Rûte fan de earste Oriïnt Ekspres

Yn de Feriene Steaten wie Nagelmackers ûnder de yndruk rekke fan de Amearikaanske Pullman treinen. Hy makke it beslút om it systeem fan sliepmooglikheden foar treinreizgers te ûntwikkeljen dy’t noch lúkser wienen as hy yn Amearika sjoen hie yn Jeropa yn te fieren. Yn 1876 kaam it ta de stifting fan de Compagnie Internationale des Wagon-Lits. Hy krige ûnder oare stipe fan de kening Leopold II fan Belgje, dy’t klant wie by de bank fan Nagelmackers syn heit. It bedriuw soe treinen leverje oan ferneamde rûtes as de Oriïnt Ekspres (ParysIstanbûl), Train Bleu, Etui du Nord en folle mear.

Yn 1900 die Nagelmackers mei oan de Olympyske Spullen yn Parys, wêrby't er yn it (doe noch Olympyske) ûnderdiel hynstemennen de gouden medalje wûn.

Yn 2005 wie Nagelmackers ien fan de kânshawwers om ferkeazen te wurde ta De Grutste Belch, mar hy helle de úteinlike nominaasje net en waard úteinlik 76e fan de minsken dy’t krekt bûten de nominaasjelist kamen.

  • Tanel, Franco (2007). Trains - From Steam Locomotives to High Speed Rail. Vercelli: White Star. ISBN 978-88-544-0277-5.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Georges Nagelmackers, oprichter van Waggon-Lits, De Nederlânske Museummateriaal Databank
  2. Georges Nagelmackers, Sports-reference.com