Karlsruhe

(Trochferwiisd fan Karslrûhe)

Karlsruhe is nei Stuttgart en Mannheim de tredgrutste stêd fan de dielsteat Baden-Wuertemberch. De stêd leit oan de Ryn, sa'n 10 kilometer fan de grins mei Frankryk. It stedsgebiet beslacht 173 km² en der wenje 308.707 minsken (2022). Yn Karlsruhe stiet it Bundesverfassungsgericht (grûnwetlik gerjochtshôf).

Karlsruhe
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Baden-Wuertemberch
Stedsyndieling 27 Stadtteile
Sifers
Ynwennertal 308.707 (2022)
Oerflak 173,42 km²
Befolkingsticht. 1.780 ynw./km²
Hichte 115 m
Oar
Stifting 17 juny 1715
Postkoade 76131-76229
Koördinaten 8° 24' N 8° 24' E
Offisjele webside
www.karlsruhe.de
Kaart
Karlsruhe (Baden-Wuertemberch)
Karlsruhe

De stêd waard, mei it begjin fan de bou fan it Kastiel Karlsruhe, stifte op 17 juny 1715. Sûnt 1806 wennen de hartoggen fan Baden yn it kastiel. Yn 1919 waard Karlsruhe haadstêd fan de Frijsteat Baden. In jiermannich nei de Twadde Wrâldkriich waarden de dielsteaten Baden en Wuertemberch gearfoege ta ien dielsteat, dêr’t Stuttgart de haadstêd fan wurden is.

Karlsruhe wurdt ek wol de Fächerstadt neamd, omdat de stedsopbou neffens fakken ferrint. It sintrum fan de stêd is it Kastiel Karlsruhe. De kastieltunen en it kastiel stean yn in rûne sirkel. Ut dy sirkel wei ûntspringe de strjitten fan it sintrum fan Karlsruhe yn in rjochte line.


  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Karlsruhe fan Wikimedia Commons.
  Baden-Wuertemberch  
Regierungsbezirke

Freiburg - Karlsruhe - Stuttgart - Tübingen

Landkreise

Alb-Donau-Kreis - Biberach - Bodenseekreis - Böblingen - Breisgau-Hochschwarzwald - Calw - Konstanz - Emmendingen - Enzkreis - Esslingen - Freudenstadt - Göppingen - Heidenheim - Heilbronn - Hohenlohekreis - Karlsruhe - Lörrach - Ludwigsburg - Main-Tauber-Kreis - Neckar-Odenwald-Kreis - Ortenaukreis - Ostalbkreis - Rastatt - Ravensburg - Rems-Murr-Kreis - Reutlingen - Rhein-Neckar-Kreis - Rottweil - Schwäbisch Hall - Schwarzwald-Baar-Kreis - Sigmaringen - Tübingen - Tuttlingen - Waldshut - Zollernalbkreis

Kreisfreie Städte

Baden-Baden - Freiburg im Breisgau - Heidelberch - Heilbronn - Karlsruhe - Mannheim - Pforzheim - Stuttgart - Ulm

  ·   ·