Termayske Golf
De Termayske Golf is it noardwestlike diel fan de Egeyske See. It leit tusken it skiereilân Chalkidiki yn it easten en de Grykske fêstewâl yn it noard en westen. De ôfstân fan west nei east is sa likernôch 60 kilometer. It djipste punt is sa'n 200 meter. De see is nei de antike stêd Therma beneamd, no in foarstêd fan Tessaloniki.
De Romeinen neamden de golf ek wol Macedonicus sinus (Golf fan Masedoanië) of Thermaeus sinus (Golf fan Therma).