Hoareka

(Trochferwiisd fan Horeka)

De hoareka[1] (as selsstannich wurd stavere mei in 'a' deryn) is de sektor fan 'e ekonomy dy't alle yt- en drinkgelegenheden en sliepplakferstrekkende bedriuwen omfettet. De beneaming 'ho(a)reka' is in wurdlidwurd, dat foarme is út 'e earste wurdlidden fan 'e wurden hotel, restaurant en kafee. Neffens de Nederlânske Drank- en Hoarekawet mei inkeld in hoarekabedriuw alkohoalyske drank foar direkte konsumpje ferkeapje. Yn 2010 wiene der 42.828 hoarekabedriuwen yn Nederlân.

'Hoareka' is yn it Nederlânske bestimmingsplan in offisjele bestimming, wat sizze wol dat it in troch de wet tastiene útoefening fan aktiviteit is yn 'e dêrfoar oanwiisde romte. It is dus net tastien om op samar in willekeurich plak in hoarekabedriuw te begjinnen. Boppedat makket it bestimmingsplan ûnderskie tusken 5 ferskillende kategoryen hoareka dy't elts in oare fergunning nedich hawwe:

Yn bestimmingsplannen fan grutte stêden bestiet fierders noch in kategory Hoareka 6, mei in folle minder dúdlike omskriuwing as de oare fiif kategoryen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 737.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Noten, op dizze side.