Hagia Sofia (Tessaloniki)

De Hagia Sofia of de Tsjerke fan de Hillige Wiisheid is in grysksk-otterdokske tsjerke yn Tessaloniki, Grikelân. De tsjerke foarmet ien fan de monuminten fan de stêd, dy't meiïnoar steane ynskreaun as wrâlderfskip op de UNESCO-list.

Hagia Sofia

Ἁγία Σοφία

bouwurk
lokaasje
lân Grikelân
plak Tessaloniki
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 8e iuw
boustyl Byzantynske arsjitektuer

Skiednis bewurkje seksje

Sûnt de 3e iuw stiet der op it plak fan de hjoeddeiske Hagia Sofia in tsjerke. It tsjintwurdige tsjerkegebou waard yn de 8e iuw boud, wêrfan't it plan bassearre wie op de Hagia Sofia yn Konstantinopel. Krúsfearders makken yn 1205 fan de tsjerke in katedraal en dat bleau sa oant de stêd yn 1246 wer oan it Byzantynske Keizerryk tafoel.

 
De tsjerke as moskee

Doe't de Ottomaanske sultan Murad II op 29 maart 1430 de stêd ferovere, liet dy de tsjerke yn in moskee feroarje. Mei't der in ein oan de Turkske besetting kaam en de stêd yn 1912 troch de Griken befrijd waard, krige it gebou de oarspronklike funksje as tsjerke werom.

In brân yn 1890 brocht ek in soad skea oan de Hagia Sofia. Tusken 1907 en 1909 fûn der ûnder tafersjoch fan de Frânske histoarikus Charles Diehl in restauraasje plak. Nei de grutte stedsbrân yn 1917 waard in grut part fan it ynterieur bespleistere. De koepel waard net earder as yn 1980 restaurearre.

Ynterieur bewurkje seksje

De tsjerke waard nei de byzantynske byldenstriid fan binnen mei fresko's beskildere. Eartiids wie de koepel fan de apsis mei gouden mozaïken en in grut krús fersierd. Yn de jierren 787-797 waard nei de oerwinning fan de ikoanenferearders it krús ferfongen troch in foarstelling fan de Teotokos. Yn de haadkoepel is sintraal Kristus útbylde mei de Grykske tekst út Hannelingen 1:11 (Jimme Galileeërs, wêrom steane jim dêr sa nei de himel te stoareagjen?). Om Kristus hinne steane de tolve apostels, Marije en twa ingels.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Hagia Sophia, Thessaloniki