Vlatades-kleaster
It Vlatades-kleaster (Gryksk: Μονή των Βλατάδων; Moní ton Vlatádon) is it iennige noch bewarre Byzantynske kleaster fan 'e Grykske stêd Tessaloniki. It is in stauropegiaal kleaster, dat wol sizze it kleaster falt fuort ûnder it Oekumenyske Patriarchaat. It kleaster leit yn 'e boppestêd fuort by de Akropolis en is sûnt 1988 ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed Ierkristlike en Byzantynske Monuminten fan Tessaloniki. Yn it kleastergebiet lizze ferskillende systernen, dy't op 'e wetterlieding fan 'e berch Chortiatis oansletten binne. It kleaster besit meardere tsjerken yn en bûten de stêd.
Vlatades-kleaster Μονή των Βλατάδων | ||
Lokaasje | ||
lân | Grikelân | |
plak | Tessaloniki | |
adres | Eptapirgiou 64 | |
koördinaten | 40° 38' N 22° 57' E | |
Kleastergegevens | ||
denominaasje | Gryksk-Otterdokse Tsjerke | |
patroanhillige | Transfiguraasje | |
Ynformaasje bou | ||
boujier | 14e iuw | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeIt kleaster waard nei alle gedachten healwei de 14e iuw stifte en wie ynearsten oan 'e Hearsker fan 'e Wrâld (Pantokrator) wijd. Hjoed-de-dei is it kleaster wijd oan 'e Transfiguraasje.
Nei de Osmaanske oermastering fan Tessaloniki ha de Turken der foar in koart skoft in islamitysk hillichdom fan makke. Yn 'e Osmaanske tiid waard it Çavuş Manastır neamd.
Beskriuwing
bewurkje seksjeOm de katolikon steane njoggen gebouwen fan in patriarchaal ûndersyksynstitút, dat yn 1968 stifte waard. De tsjerke is in fariant op in krúskoepeltsjerke, wêrby't de koepel op 'e achtsidige tamboer net op fjouwer pylders mar op 'e muorren fan 'e alterapsis en twa westlike pylders rêst, dat al by de foargonger sa wie. De kearn fan it gebou wurdt op trije siden troch in omgong mei twa eastlike kapellen omfieme, dy't foar it grutste part tusken 1801 en 1907 boud waard. It muorrewurk bestiet ôfwikseljend út lagen fan rûge natoerstien en lagen bakstien.
Ynterieur
bewurkje seksjeTusken 1980 en 1981 waarden yn 'e tsjerke en omgong fresko's ûntdutsen, dy't op 1370 datearre wurde. De ikonostaze datearret fan 'e 17e iuw.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Vlatades-Kloster
|