Tsjerke fan de Hillige Apostels (Tessaloniki)
De Tsjerke fan 'e Hillige Apostels (Gryksk: Ναός Αγίων Αποστόλων) is in Byzantynsk tsjerkegebou út de 14e iuw yn 'e Grykske stêd Tessaloniki. De tsjerke stiet oan it begjin fan 'e Olympoustrjitte tichteby de westlike stedsmuorre en makket sûnt 1988 diel út fan it UNESCO-wrâlderfgoed Ierkristlike en Byzantynske Monuminten fan Tessaloniki.
Aposteltsjerke Ναός Αγίων Αποστόλων | ||
Lokaasje | ||
lân | Grikelân | |
plak | Tessaloniki | |
adres | Pl. 12 Apostolon | |
koördinaten | 40° 38' N 22° 56' E | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 14e iuw | |
boustyl | Byzantynske arsjitektuer | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe oarspronklik nei alle gedachten oan 'e Mem fan God (Teotokos Gorgoepikoos) wijde tsjerke wie mooglik ûnderdiel fan in grutter kompleks, wierskynlik in earder kleaster. Dy tese wurdt troch in systerne yn it noardwest fan it gebou ûnderstreke. De tsjerke waard tusken 1312 oant 1315 ûnder de patriarch Nifon I fan Konstantinopel boud. In C14-datearing wiist lykwols op it boujier 1329.
Nei't de Ottomanen de stêd oermasteren, waard de tsjerke tusken 1520 en 1530 yn in moskee feroare (Soğuk Su Camii) en de Byzantynske dekoraasjes ferdwûnen doe ûnder in laach kalk. Sûnt 1926 folge in restauraasje en waarden de muorreskilderingen wer frijlein.
By de ierdskodding fan 1978 rekke de tsjerke skansearre. Yn 2002 binne de mozaïken skjinmakke.
Gebou
bewurkje seksjeDe tsjerke is in krúskoepeltsjerke mei in fjouwerhoekige kearn, in troch fjouwer pylders droegen sintrale koepel mei in hege tamboer en fjouwer lytsere koepels op de hoeken mei in narteks yn 'e foarm fan in foarhal. De fjouwerhoekige kearn wurdt omfieme troch in omgong om trije kanten. De bûtenmuorren binne mei ryk metselwurk fersierd.
Ynterieur
bewurkje seksjeYn 'e tonferwulften en yn 'e haadkoepel binne mozaïken út de boutiid fan ferneamde ateliers bewarre bleaun. De ûnderste dielen fan 'e muorren binne fersierd mei fresko's. It ynterieur toant ynfloeden út Konstantinopel.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kirche der Agia Ekaterini (Thessaloniki)
|