Transfiguraasjekapel (Tessaloniki)
De Transfiruraasjekapel (Gryksk: Ναός του Σωτήρος) of de Sotír-tsjerke is in Byzantynske kapel út de 13e iuw yn Tessaloniki, Grikelân. De kapel leit súd fan 'e Egnatia-strjitte yn 'e buert fan 'e Galeariusbôge en net fier fan 'e Marije Gorgoepikoos-Panagoudatsjerke. De kapel falt net op troch de lokaasje tusken de folle hegere gebouwen en it lytse formaat fan 'e kapel. Sûnt 1988 is de kapel ûnderdiel fan it UNESCO-wrâlderfgoed Ierkristlike en Byzantynske Monuminten fan Tessaloniki.
Transfiguraasjekapel Ναός του Σωτήρος | ||
Lokaasje | ||
lân | Grikelân | |
plak | Tessaloniki | |
adres | hoeke Paleon Patron Germanoustrj. mei Egnatiastrjitte | |
koördinaten | 40°37'N 22°57'E | |
Tsjerklike gegevens | ||
wijd oan | Transfiguraasje | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 13e iuw | |
boustyl | Byzantynske arsjitektuer | |
monumintale status | UNESCO-wrâlderfgoed | |
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe kapel is mooglik healwei de 14e iuw as grêfkapel boud en waard ynearsten oan 'e Mem fan God (Panagia) wijd. Nei de Osmaanske oermastering fan Tessaloniki bleau de kapel in kristlik gebou. By de ierdskodding fan 1978 rekke de kapel swier skansearre. Yn it ramt fan 'e renovaasje dy't folge, waard der ek argeologysk ûndersyk dien.
Beskriuwing
bewurkje seksjeDe ûnderste dielen fan 'e kapel binne fan natoerstien en de boppedielen fan baksstien boud yn 'e foarm fan in Gryksk krús mei healrûnen einen fan 'e earms. De sintrale, hast fjouwerkante romte hat in koepel op in relatyf hege tamboer. Foar de sintrale romte grinzget in narteks, dy't yn 1936 op it plak fan in âldere boud is. De fresko's binne oer ferskillende sônes ferdield. Heech yn 'e koepel is in triomfearjende Kristus yn in troch ingelen droegen aureoal. Dêrûnder de Mem Gods en de apostels mei tusken de finsters profeten en dêrûnder de Himelske liturgy.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kapelle der Verklärung des Erlösers (Thessaloniki) (ferzje 1 oktober 2024)
|